Printeboek fan it jier 2013

Gerrit Terpstra en Eppie Dam ha in bysûnder printeboek útjûn. De prachtige printen fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra krigen in tekst mei fan skriuwer Eppie Dam dy't hielendal fan dizze tiid is en tagelyk tiidleas. De dappere mûskes yn it ferhaal hâlde in spegel foar oan de minsken, lyts en grut. It ferhaal sprekt net allinne bern oan, mar ek folwoeksenen.

Dêrom is de kar foar it

Frysk printeboek fan it jier 2013
fallen op
Fjouwer dappere mûskes
Eppie Dam (tekst)
Gerrit Terpstra (yllustraasjes)

It ferhaal jout oanlieding om der op ferskate nivo's mei bern op yn te gean.

Stichting School en Kunst hat nei oanlieding fan Fjouwer dappere mûskes in projekt ûntwikkele foar bern út de groepen 1 oant en mei 5 fan de basisskoallen. Dat projekt kin oanfrege wurde by de Stichting School en Kunst,
Adres: Houstsnip 13, 8521RE St. Nicolaasga
Telefoon: 0513432657, Email: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
Website: http://www.stichtingschoolenkunst.nl

Op 4 oktober 2012 wie de premiêre fan de foarstelling yn Frjentsjer.
By it ferhaal is troch Anita Jongerman passende muzyk socht út de fjouwer wynstreken. De komposysjes wurde spile troch it Nationaal Symfonisch Kamerorkest. Douwe Heeringa fertelt it ferhaal. By de foarstellings binne ek de skilderijen fan Gerrit Terpstra út it printeboek te bewûnderjen.
Foar’t in foarstelling op skoalle útfierd wurdt riede de masters, juffen en de bern harren ta mei help fan in breed lespakket dat ek gearstald is troch de Stichting School en Kunst. Fierder leare de bern ferskes dy’t by it ferhaal skreaun binne troch Eppie Dam en op muzyk set troch Hindrik van der Meer.