Frysk Printeboek fan it jier 2017

is Skelte wol in skelter.

In oarspronklik Frysk printeboek, skreaun troch Joke Scheffer mei yllustraasjes fan Anna Sikkes. It is in fleurich en aventoerlik boek dêr’t jonge bern har yn werkenne sille.
It ferhaal giet oer Skelte dy’t him ferfeelt. Mar hy betinkt wat: hy wol graach in skelter ha. Dat liket him it moaiste dat der is. Hy wol it leafst de hiele dei op in skelter omride. Allinne syn âlders fine it net sa’n goed plan. Want stel je foar dat er samar tsjin de auto fan buorman Bouke oanrydt of troch de blommen fan buorfrou Romkje hinne jaget. Kriget Skelte it foarelkoar? Gelokkich is pake der altyd noch!  

 

 Joke Scheffer en Anna Sikkes.
(Foto: Bart Bijlsma)

Boekgegevens
Skelte wol in skelter
Tekst: Joke Scheffer
Yllustraasjes: Anna Sikkes
Ferkeappriis: € 13,50
ISBN:9789062739998
Utfiering: ynbûn