De skriuwers

Oer Eppie Dam
Eppie Dam waard berne op 5 maart 1953 yn Kollumerpomp. Hy learde foar ûnderwizer en wurke op skoallen op Urk en yn Balk. Hjoeddedei wennet de skriuwer yn Kollum.
Eppie Dam is in produktyf en alsidich skriuwer; hy skriuwt gedichten, ferhalen, berneboeken, kollums en literêre kritiken. Hy publisearret yn it Frysk, it Nederlânsk en yn it dialekt fan syn bertedoarp, it Pompsters. Dam’s earste Fryske berneboek, Spinaazje mei spikers en oare ferhalen, ferskynde yn 1986. It boek Achlum Nobusco en de meunsternimmers, skreau er yn 1992 as aksjeboek foar Fryske bern yn de jierlikse ferkeapaksje fan de stichting It Fryske Boek. Foar it boek Dingeman krijt wjukken krige er yn 2001 de Simke Kloosterman-priis. Hy wurke foar dit boek foar it earst gear mei byldzjend keunstner Gerrit Terpstra dy’t de bysûndere yllustraasjes makke. It wie foar de skriuwer in útdaging om in berneboek te skriuwen dat ek ynteressant is foar de âldere lêzers, in boek dat op meardere nivo’s lêzen wurde kin. Op Dingeman krijt wjukken krige hy dan ek likefolle reaksjes fan folwoeksenen as fan jonge lêzers. Eppie Dam wurket yn syn ferhalen mei ferskillende wurklikheden. Dat komt benammen ta utering yn it boek Wouter en de 24-trui, dêr’t de jonge Wouter magyske krachten yn kriget as er syn trui mei it nûmer 24 oan hat.
De berneboeken fan Dam geane oer saken dy’t de bern fan no dwaande hâlde, skreaun yn modern Frysk. Oare bysûndere útjeften binne de bernebibel Woord voor Woord fan Karel Eykman dy’t Eppie Dam yn it Frysk oerset hat. Dy ferskynde yn 1998 mei as titel Wurd foar Wurd. Yn 2005 kaam foar de jeugd de troch Eppie Dam bewurke bisteferhalen út fan Anton Koolhaas: Mezen meitsje toch gjin rúzje? Mei poëtyske yllustraasjes fan al wer Gerrit Terpstra.

Berneboeken fan Eppie Dam
1985:   Spinaazje mei spikers (Koperative Utjowerij, 5-11 jier)
1989:   Babbelegûchjes (Koperative Utjouwerij, alle leeftiden) 
1990:   Mei bleate fuotten op bêd (Koperative Utjowerij, 5-11 jier)
1991:   Jelma (Koperative Utjowerij, 5-8 jier)
1992:   Achlum Nobusco en de meunsternimmers (Aksjeboek Stichting It Fryske Boek,  
            8-12 jier)
1993:   Wouter en de 24-trui (Afûk, 10-14 jier)
1995:   Tachtich yn 'e bocht (Afûk, 7-12 jier)
1999:   Dingeman krijt wjukken (Afûk, 10-14 jier)
2001:   Pier en de bakkesbal (Afûk, 6 jier)
2005:   Mezen meitsje toch gjin rúzje? Bisteferhalen fan Anton Koolhaas
            (Bornmeer, 12 jier en âlder)
2007:   Lytse Man (Afûk, 8-12 jier)
2009:   De elandkop fan omke Romke (Afûk, 9-12 jier)
2012:   Fjouwer dappere mûskes (Afûk, 4-9 jier)

Prizen dy’t Eppie Dam krigen hat:
1995: Berneboekesjuery: Wouter en de 24-trui
1996: Berneboekesjuery: Tachtich yn 'e bocht
2001: Simke Kloostermanpriis: Dingeman krijt wjukken

Sjoch foar mear ynformaasje op www.itfryskeberneboek.nl by Berneboekeskriuwers en by Fryske berneboeken.


Oer Gerrit Terpstra
Gerrit Terpstra is byldzjend keunstner en wennet yn Heech. Hy is yn itselde jier berne as Eppie Dam mar dan op 3 septimber yn Burdaard. Njonken de Keunstakademy (Vredeman de Vries, Ljouwert) hat hy ferskate oare opliedings folge lykas de Learare-oplieding tekenjen en ‘handvaardigheid’, de Bakkersfakskoalle en in Fakoplieding lassen. Al dy kennis komt him goed fan pas by it byldzjend wurk en syn projekten.
As keunstner makket Gerrit Terpstra gebrûk fan de mooglikheden dy’t de byldzjende materialen en techniken biede om útdrukking te jaan oan syn gefoelens dy’t te krijen ha mei it ûnderwerp of de technyk. Yn syn frije wurk wurde dy benammen bepaald troch ferwûndering oer it bestean as sadanich, en mear spesifyk, oer de gefolgen fan in altyd trochgeande tiid. 
De tiid dy’t helet en ferneatiget, iepenbieret en fuortmoffelet, oantaast en polijst, mjitber is en te belibjen. Koartsein, it is de ynfloed fan de tiid op likegoed de persoanlike as de algemiene skiednis fan minske en natoer dy’t him ynspirearret.
Sjoch foar mear ynformaasje oer it wurk fan de keunstner foar lyts en grut op www.gerritterpstra.nl.

Yn gearwurking mei skriuwer Eppie Dam binne in tal berneboeken ûntstien.
Dingeman krijt wjukken,1999, Afuk Ljouwert
Mezen meitsje toch gjin ruzje?
, 2005, Bornmeer Ljouwert
Fjouwer dappere muskes
, 2012, Afuk Ljouwert

Foar’t it boek oer de Fjouwer dappere mûskes ûntstie hie Terpstra meidien oan in keunstprojekt yn de Martenatún te Frjentsjer mei as tema: Zandlopers voor de eeuwigheid. Hy makke de ynstallaasje Fuortsettingsfuort dy’t bestie út fjouwer huzen en in glêzen toer. Huzen en toer foarmen in sletten sirkwy. Yn dy huzen waarden twa mûzesteltsjes setten. Yn in pear moanne tiid bestie de mûzefamylje út fyftjin. Sa koe elk sjen hoe’t de ferskate generaasjes elkoar opfolgen en hoe’t him dat ûntwikkele. Doe’t it projekt yn Frjentsjer ôfsletten waard kamen de huzen mei toer yn it atelier fan Terpstra te stean. Dêr wreide hy de ynstallaasje noch út mei nije huzen om alle mûskes dy’t der by kamen ûnderdak te bieden. Dat gong in skoft goed, mar lykas by minsken ferdrage mûskes elkoar ek net altyd. Wapens ha se net, mar oarloch wie it wol. Guon frieten elkoar op.
Nei oanlieding fan dit projekt kaam de keunstner op it idee foar it printeboek. Hy makke de platen en frege Eppie Dam om dêr de tekst by te skriuwen.

Njonken it wurk as byldzjend keunstner jout Gerrit Terpstra ek kursussen en workshops tekenjen en skilderjen. Foar ferskate organisaasjes hat er ûnderwiisprojekten ûntwikkele foar likegoed basis - en middelber ûnderwiis. Op it stuit jout er kursussen tekenjen en skilderjen by it sintrum foar de keunsten yn Snits en op It Hearrenfean. (Sjoch ek by It Hearrenfean: www.ateliersmajeur.nl Snits; www.cvksneek.nl, Keunstensintrum Atrium)

In foarbyld fan in projekt mei bern
Yn 1995/1996 hat Gerrit Terpstra foar Keunstwurk it projekt De Tsjoenderij ûntwikkele foar basisskoallen yn Fryslân. Dat projekt is foar mear as tsien skoallen útfierd yn de pleatslike doarpshuzen.


Oer Paul van Dijk
Paul van Dijk (Warkum, 3 april 1981) kin in hiele soad. Hy is in Frysk berneboekeskriuwer, tekener, muzikant, teatermakker en learaar Ingelsk.

Yn 'e boeken fan Paul boartsje realiteit en fantasij mei elkoar. Hy skriuwt it leafst spannende, mearke-eftige ferhalen.

Paul is muzikaal aktyf yn Skarl en it Brijbek Quintet en spile foarhinne yn De Beugelband. Hy is sûnt 2000 meiwurker fan teaterstikken fan Stichting de Paupers út Warkum. Van Dijk wûn mei de band Yldau Liet-2012.

Yn 2009 rjochte er Teatergroep Knûkel op. In selskip dat foar bern en folwoeksenen foarstellingen spilet mei muzyk, poppen, akteurs en ek tekeningen. Paul skreau foar Knûkel ûnder oare Renske wol stoer wêze!, De Poets van de Schoenmaker (foar it Jopie Huismanmuseum) en Knip!

Boeken
Renske wol stoer wêze! (Afûk, 2011)
De Kening fan Juster (Afûk, 2012)