Ynformaasje oer Joke Scheffer en Anna Sikkes

Joke Scheffer
is learkrêft op IBS De Dobbe yn Hallum en taalkoördinator Frysk foar ferskate basisskoallen.
It printeboek Skelte wol in skelter (Afûk) is offisjeel har debút as berneboekeskriuwster mar krekt wat earder kaam dochs Mûske fan Martena noch út, in boekje dat se yn opdracht skreaun hat foar de Stichting Martenastate yn Koarnjum. Ronald de Haan makke dêr de tekeningen by.
Yn it ferhaal  kinne bern yn ’e kunde komme mei de stinzefloara dêr’t mûske by lâns komt yn it park fan de State: winterakonyt, holwoartel, giele anemoanen, longkrûd ensfh.

Anna Sikkes
Anna har wurk ûntstiet fanút de gedachte dat de wrâld fol sit mei allergear ferhalen: grutte en lytse. Op ’en paad mei har tinkbyldich fergrutglês speurt sy har omjouwing ôf. Se fynt it geweldich om krekt wat oars tsjin de dingen oan te sjen. Sa ûntstiet der in ekstra diminsje yn har tekeningen.
 Ynspiraasje foar har yllustraasjewurk hellet se út ûnderwerpen lykas minsklik gedrach, de natuer en deidreamen oer it meitsjen fan fiere wrâldreizen. Se toveret graach in wrâld dêr’t alles mooglik liket, fol kleurrike karakters.  It publyk moat meastal mear as twa kear sjen foar’t se alles ûntdutsen hawwe. Subtile humor is dêr in wêzentlik ûnderdiel fan. Troch har opfallend kleurgebrûk en boartlikens kriget it wurk in unyk en eigenwiis karakter dat tagelyk foar it grutte publyk tagonklik en werkenbaar is.

Yn 2013 is Anna Sikkes ôfstudearre oan de ArtEZ Hegeskoalle foar de Keunsten yn Zwolle dêr’t se de oplieding ‘Illustration Design’ folge.