Nasjonale Gedichtedei en Poëzijwike 2017

Nasjonale Gedichtedei/Poëzijwike

Net allinne foarlêzen, mar ek ferskes sjonge en opsisferskes dwaan mei de bern helpe om de wurdskat út te wreidzjen. Dêrom is de poëzijwike, dy't begjint mei de Nasjonale Gedichtedei op 26 jannearis, foar jonge bern likegoed tige wichtich. Meitsje der in kombinaasje fan en lit de bern yn dizze perioade ekstra genietsje fan ferhalen, ferskes en gedichten. Yn it Frysk is in romme karút oan dichtbondels foar bern. Tink mar ris oan Lytse Protter fan Baukje Wytsma, Krûpelhintsjes fan Auck Peanstra, Oekebakke boem fan Lida Dykstra, Hop hop hynke gearstald troch Dieuwke van der Meer-Posthumus en Tutte mei de linten fan Diet Huber.

Op ferskate Fryske basisskoallen dogge learlingen mei oan Foardrachtskrigen en yn it fuortset ûnderwiis kinne learlingen harren opjaan foar it jierlikse Ferstival en prizen winne yn de kategoryen Starters, Trochsetters en Toppers.
Om  jongeren sels ek oan it dichtsjen te krijen wurdt jierliks de Junior Rely priisfraach útskreaun, in skriuw- en dichtwedstriid foar 12 oant 18 jierrigen mei moaie jildprizen en om it jier de Slauerhoff Poëzijpriis. Ek dan binne jildprizen te fertsjinjen.

Hjirûnder in pear priiswinnende Junior Rely gedichten út 2016.

In gedicht oer in tún

Gjin eachein mar
felle kleuren
spatte derút en
litte har sjen
Derby del rin ik,
ûnkrûd fuorthelje doch ik

Net, want
dit is de tún dêr’t
alles mei en
alles kin
De tún dêr’t ik
alles mei en
alles kin

De tún dêr’t ik oer it paadsje
fan myn eigen libben rin
sûnder steurd te wurden want
Der is rêst yn dizze gaos-tún
Gaos dêr’t
gaos ûntstiet

Rigels as roazen wurde
bestood mei nije wurden en
foegje sa
nij libben ta
oan
in gedicht oer in tún

                                        Tjitske van der Meer (earste priis)

Grutte mem

Heech boppe alles út
Alles yn de gaten
Sa rûch Sa grut Sa heech
Dûnsjend yn de wyn
By elk sweevjend bledsje
Tink ik nei;
Wie ik der mar sa’n ien
Lekker licht, boppe yn de loft
Wêr waaie dy dochs hinne?
Sweevje se foar eefkes?
Stoarte se aanst op de wei?
Of falle se yn it wetter?
En driuwe dan foar ivich,
Mei de streaming mei
Fier fuort fan de grutte mem
Of miskien dochs noch hiel tichtby

                                        Bo de Haan (twadde priis)

Maitiid

Ik hear de fûgels sjongen
En tink oan dyn fertroude stim
Ik rûk it krektmeande gers
En rûk de simmer fan ferline jier
Doe’tsto der noch wiest

Ik kin it dy noch sizzen hearre
Wat soe de maitiid sûnder winter wêze
No wit ik watsto bedoeldest
Want is it no te let?

Komst wer werom as de maitiid begjint?
Lykas de blêden oan de beammen
En it knyntsje út syn hoale
En it sinneljocht dat yn myn keamer falt
As ik wekker wurd

Hoe kin ik dwaan oft it noait bard is?
Gewoan ferjitte seisto
Hoe kin ik alles no ferjitte?
Ik tink noch elke dei oan dy

Ik wit noch de dei datsto seist
Kom by my, kom by my stean
Hear de fûgels, rûk it gers
De maitiid komt deroan

Komst wer werom as de maitiid begjint?
Lykas de blêden oan de beammen
En it knyntsje út syn hoale
En it sinneljocht dat yn myn keamer falt
As ik wekker wurd
As ik wekker wurd en do der wer bist

                                         Laura Mulder (tredde priis)

Alle dagen in gedicht?

Ut: Tûzenpoatsjes fan Geartsje Douma. Yllustraasjes: Marijke Klompmaker

Bouwe

Reade blokjes,
blauwe blokjes.
Ik bou
allegearre hokjes:
Ien foar de hynders,
ien foar de kij
en dit hokje
is foar dy!

Ut: Lytse protter fan Baukje Wytsma. Yllustraasjes: Yke Reeder

Lytse protter

Lytse poppe leit yn 't widske
suske sjocht har d'eagen út,
broerke stiet te hantsjeklappen
heit jout mem in dikke tút.

Pake ropt: myn lytse protter
aanst mar gau in poppeslok!
Beppe sjongt: it is in wûnder
wat in feest, wat in gelok!

Ut: Leaverikjes fan Lida Dykstra. Yllustraasjes: Laura Lava

Wekker wurde mem

Slûpe troch it hûs.
Ssst, want mem sliept lekker
Slûpe as in mûs
Meitsje har net wekker

Hjoed haw ik it drok.
Hjoed hat mem gelok.
Aike yn ’e dop.
Sinesappelsop.
Roaske yn ’e knop.
Kofje yn in kop.
Bak mei tsiis derop.
Bak mei ierdbeisjem.

Op ’e doar: klop klop…
Wekker wurde mem!

Ut: Krûpelhintsjes fan Auck Peanstra. Yllustraasjes: Yke Reeder

Sibe-Hiltsje

Sibe-Hiltsje hat in briltsje
op it puntsje fan har noas.
Sibe ropt: “Sis Hiltsje!
Toe, dat briltsje,
kin dat net wat oars?”

“Wis wol”, seit Hiltsje
en ferskoot it briltsje.
Mar och hearken,
nei in tel…
Glidet Hiltsjes briltsje
hiel, hiel stadich
wer by ’t noaske del!

Ut: Lokaal 13 fan Baukje Wytsma

Fytstas

Hast alle dagen
fytst er my foarby
nei skoalle ta,
hy trapet
yn syn eigen ritme

Soms hear ik
him sjongen.

Ik wit hoe ’t hy de hannen
op syn stjoer leit
as er yn ’e wyn op moat
en hoe ’t syn hier dan
opwaait by syn ear.

As er wachtsje moat
by it stopljocht
ha ik gelok.
Soms komme ús fytstassen
dan tsjin mekoar oan.

Ut: sms in fers fan Jelle Bangma

Ik bin net bang

Bang, bang, bang, ik bin net bang,
’k plak de nacht achter ’t behang.

Mei syn lege skrille lûden
en de stoarm, syn kammeraat.
Mei syn grutte swarte kloeren,
mar ik gean gewoan op paad,
ik fyts jûns gewoan oer strjitte,
’k sit it nachtspoek op ’e hûd,
loerend as de skerpste ûle
en ik rop, ik rop hiel lûd:
Bang, bang, bang, ik bin net bang,
’k plak de nacht achter ’t behang.

Mei syn domme dryste setten,
wat gjin ljocht ferdrage kin.
Mei syn kriminele wetten,
mar ik gean en ik oerwin,
as in spiderman mei sprongen
of in hulk mei heksekrûd,
slûpend as de tûkste kater
en ik rop, ik rop hiel lûd:
Bang, bang, bang, ik bin net bang,
’k plak de nacht achter ’t behang.

En dan komt de folle moanne
en sy ropt ús grutte freon,
dy set alles yn it deiljocht
alle nachtmerjes ferdreaun.
En ik laitsje dan hiel lûd:
Bang, bang, bang, ik bin net bang,
sjoch mar achter it behang.

Ut: Dit is it gedicht fan Elske Kampen

Sels

Soms,
as ik lang nei lippen sjoch

meastal sêft mar ek mei plakjes,
skraskes, krûmels yn in hoekje,
pruttelwurdsjes yn ’e nacht, altyd
prate, drinke, ite, kola, koekjes,
bakte fisk, nasi, pasta, dropkes,
it leafste dat wat lekker is, mar
ek wol in brievebuske fan flewiel
om tútsjes troch te krijen,

soms is it krekt as witte lippen
better noch as dû en ik, wêr’t se
oer swije wolle en wat se
sizze meie.

Sykje foar oare gedichtsjes/ferskes út de bondels:

- Lytse protter: Baukje Wytsma
- Krobbekoer: ferskate skriuwers
- Krûpelhintsjes: Auck Peanstra
- Rinze hat de hik: Ate Grypstra

- Oekebakke boem: Lida Dykstra
- Koesboek: Baukje Wytsma
- Fûgel Pyt: Dick Bruna
- Tutte mei de linten: Diet Huber
- Snot en triennen: Baukje Wytsma
- Hop hop hynke: gearstald troch Dieuwke van der Meer-Posthumus
- De bisteboel fan omke Roel: Thys Wadman en Hindrik en Kees van der Meer
- Retteketet tsjyng boem 1 en 2: cd’s Hindrik van der Meer
- Deuntsjes foar dy 1 en 2: cd’s Geartsje Douma en Hindrik van der Meer

Tomkeboekjes lykas
- Tomke nei de dokter: Geartsje Douma
- Tomke nei de toskedokter: Geartsje Douma
- Tomke nei skoalle: Riemkje Pitstra
- Tomke nei it húske: Auck Peanstra
- Tomke nei de bisten: Geartsje Douma
- Dikke tút foar Romke: Riemkje Pitstra
- Tomke leart fytsen: Geartsje Douma
- Tomke útfanhûs: Riemkje Pitstra
- Tomke en it kado: Auck Peanstra
- Tomke cd, 16 ferskes: Geartsje Douma

Jentsjeboekjes lykas
-Jentsje syn koekje
-Jentsje syn pot
-Jentsje syn bear
-Jentsje syn auto
-Jentsje syn pemper
-Jentsje yn ’t bad