Lessuggestjes by it boek

It prachtige boek fan Eppie Dam en Gerrit Terpstra jout oanlieding om de wrâld fanút alle wynrjochtings te ûntdekken en om dêr mei oan 'e slach te gean. It boek is skreaun yn it Frysk. It ûntdekken fan oare lannen betsjut it ûntdekken fan nije en frjemde talen. Hokker taal spreksto? Hokker talen wurde der yn ’e klasse sprutsen? Wa ken in oare taal? Frysk? Nederlânsk? Ingelsk? (De tekst fan it boek is ek yn it Nederlânsk en it Ingelk te krijen. Foar de oersettings, freegje ynformaasje by de Afûk).

Lit de bern in gedicht skriuwe oer it boek
Bygelyks in elfke, in gedichtsje fan alve wurden, ferdield oer fiif rigels.
Foarbyld:

Húskes
Foar mûskes
Mar fjouwer mûskes
wolle oare mûskes moetsje
ferhúzje

Mûskedoarp of tematafel
Lit de bern yn groepkes mei help fan ferskate techniken in mûskedoarp meitsje. Ferdiel de taken ûnder de bern en meitsje der ta beslút ien gehiel of tematafel fan.

In kollaazje meitsje
Lit de bern in kollaazje meitsje fan ien fan de fjouwer mûskes. Wêr wennet er? Wat yt er? Wat docht er op in dei? Hokker klean hat er oan? Bern kinne tekenje, plaatsjes út tydskriften knippe, oar materiaal brûke. De opdracht kin ek yn fjouwer groepkes dien wurde. Dan komme der fjouwer platen fan de fjouwer wynstreken. De bern moatte dan meielkoar oerlizze hoe’t se it oanpakke en dat stipet de taalfeardigens wer.

In stripferhaal mei de hiele groep
Lês it ferhaal fan de Mûskes noch in kear foar. Lit de bern fan de groep der  meielkoar in stripferhaal fan meitsje. Lit se sels neitinke oer hokker sênes se brûke wolle, hoefolle plaatsjes se nedich ha om it ferhaal te fertellen en mei hokker materiaal se it ferhaal meitsje wolle.

Dramatisearjen
Dit ferhaal kinne bern hiel goed meielkoar dramatisearje. Ferdiel de klasse yn fjouwer groepen en lit se allegear in groep kieze dy’t se graach spylje wolle (noard, east, súd of west). Lit se neitinke oer de klean en de attributen. Lit se ek neitinke oer hoe’t de mûskes harren gedrage. Hoe rinne se? Hoe prate se? Wat binne harren hobby’s? As fjouwer mûskes úteinliks byelkoar komme yn it midden, hoe giet it dan? Hokker gebrûken nmme se fan elkoar oer?

Hoe giet it ferhaal fierder?
De bern meie in ferfolchferhaal betinke. Hoe giet it fierder mei de mûskes yn it midden? Wat bart der yn it nije stedsje dêr’t se komme te wenjen? Wat bart der mei de mûzefolken dy’t noch yn it eigen doarp wenje?

En by ús?
Yn de doarpkes wenje de mûskes al hûndert jier. Der is net in soad feroare. Hoe is dat eins by ús gien? Is der yn Fryslân ek net folle feroare? Hoe libben ús pakes en beppes earder? Lit de bern opskriuwe wat der eartiids oars wie as no.

Oars wêze
Praat mei de bern yn ’e kring oer oars wêzen. Bern meie harren miening jaan en op elkoar reagearje. Betink yn 't foar in tal fragen, bygelyks: 'Ik wol net mei bern út in oar lân boartsje' of 'Immen dy't oars is kin bêst myn freon wêze'.

Mûzeferskes sjonge