Lesbrief by: Skelte wol in skelter

Lesbrief by Skelte wol in skelter

Ynhâld fan it boek:
Skelte (foks) wol graach in skelter ha, heit en mem betinke arguminten om dat net ta te stean.
Skelte komt mei it idee om pake om in skelter te freegjen.‘Jawis,’ seit pake, ‘krijsto in skelter.’
En dan…

Ynformaasje oer in foks.

-          Mem: memfoks, heit: rikel, bern: welp.
-          Is nachts en by skimer aktyf.
-          Yn stille gebieten ek oerdei.
-          Hûneftich rôfdier. Read/brún fan kleur.
-          Yt alles, leafst kevers, mûzen, knaachdieren, kninen,
           hinnen, hazzen, aaien.
-          Makket mear dea as hy ite kin, bedobbet oerstallich
           guod en kin dat knap werom fine.
-          Sosjaal, libbet yn groepen fan 6 foksen. Ien rikel, oare rikels wurde bûten de groep set.
-          Libbet yn hol, mei meardere yngongen. (Boarch - Burcht)
-          Fijân: de jagers.
-          Draachtiid:  51 o/ m 56 dagen.
-          Worp: 4 – 6 welpen, nei 11 – 14 dagen eagen iepen.
-          Komt gauris yn fabels en ferhalen foar, is tûk en sloech slim.

Ynformaasje yllustratrise Anna Sikkes: www.anna-sikkes.nl
Skelter : Klaas Bakker  www.klaasbakker-speeltoestellen.nl

1)      Taal aktiviteiten.
2)      Rekken- en wiskunde aktiviteiten
3)      Konstruktive aktiviteiten.
4)      Undersyks aktiviteiten.
5)      Spultsjes.
6)      Byldzjende aktiviteiten.


1: taal aktiviteiten.

Doelen:

-          Boek oriëntaasje
-          Ferhaal begryp
-          Funksje skreaune taal
-          Wurdskat
-          Mûnling taalgebrûk.
-          Fonemysk bewust wêzen.

  • Fertel it boek, earst titel, skriuwer en yllustrator
    (tips: www.jufbianca.nl 5 dingen die het kaft vertellen)
  • Kopiearje de platen , lit it ferhaal goed neilizze en fertelle.
  • Wurdskat: foks, rikel, moerfoks, welp, skelter, stjoer, bannen,tsjillen,  kettingkast, ketting, trapers, pake  en beppe, buorlju, boarterstún.
  • Meitsje fan 2 knibbelsokken foksen, lit pake  en Skelte prate oer it ferhaal, begrippen brûke as : fluch, omheech, delkomme, of emoasjes : bang, bliid, lilk, fertrietlik.
  • Ferteltafel mei foksen fan IKEA.

Ferhalen:

-          Ut: Kattekwea en bargetriennen: skreaun troch Auck Peanstra ( 1954 – 2016)(Afûk)

  • 1: Hoe’t bear in koarte sturt krige.
  • 9: Murd hat foks te fiter
  • 17: Untankbere foks
  • 31: Foks wurdt pastoar

Printeboeken:

-          De fertelbeam ( rouferwurking) (Afûk)
-          Het dikke boek van vos en haas (Thieme Meulenhof)
-          De fantastische meneer vos (Roald Dahl)
-          Samenleesboek voor kleuters (Zwijsen)
-          Vos kom uit de verf (PICA)
-          De vos in het bos (Alison Green)
-          Piepelotheek (Lorenz Pauli)
-          Superskelter (Corien Oranje)
-          Skelter op de weg (Geert van Diepen)

Ynformative boeken

-          Vossen : pootje voor pootje (Sophie Lebot)
-          Vossen: dierenfamilie (M.T. Nobleman )
-          Dieren om ons heen (M. Leach)

Mindmap ( www.mindmappenmetkleuters.nl

Fonemysk bewust wêzen

-          Sykje wurden mei de begjin klank F

Foks, fisk, fear, fla, faas, fest, film, frissel
(flecht), fyts, fel, flets, fol, fleantúch, flikje, faak, fiter.

2:  Rekken- en wiskunde aktiviteiten

Doelen

-          getalbegryp
-          mjitte

Aktiviteiten

  • Dobbelje, fokseboerd. Sjoch bylage 1 en 1a.

Bylage 1a

  • Spulregels Fokseboerd.
  • 1 – 4 bern
  • Elk in kleure pion.
  • 1 dobbelstien mei stippen of sifers.
    Om bar goaie, wa it heegste smyt mei begjinne.
    it oantal stapkes foarút as der smiten wurdt. Wa is as earste op it dak?
  • 6) gau nei pake, 2 plakken faorút.
  • 12) 1 beurt oerslaan om de tún fan buorfrou Romkje te harkjen.
  • 18) 2 plakken tebek om buorman Bouke te fertellen dat der in kras op de auto sit.
  • 24) 2 plakken foarút by de glydbaan op.
  • 30) te plak op it dak.

 

 

 

 

 

 

  • Staafdiagram

Doch in dobbelstien (of plak ôfbyldings derop.) mei ôfbyldings fan hûs, skelter, blom, foks, plasse en glydbaan. ( Bylage 2)

Lit bern om bar de dobbelstien rôlje, de ôfbylding dy’t boppe op leit krijt in krúske yn de staafdiagram. Allegearre 3 kear smite? Hokker ôfbylding is it faakst oankrúst?

 

  • Dobbelje foksepaad. (bylage 3)

Tal spilers, 1 – 6.
Elke spiler in kleurde pion. Set op de kleur ûnderoan. Om bar dobbelstien rôlje, pion fierder sette, fierder telle  by de folgjende beurt.

 

  • Mjitaktiviteit.

Hokker auto of skelter komt it fierste?

Brûk de glydbaan en lis der in stik papier fan in pear meter lingte ûnder. Set maten op it papier.
Brûk in stik as wat lytse boartersauto's

Lit de auto’s boppe fan de glydbaan nei ûnderen ride. Op it stik papier ûnder de glydbaan is te sjen en te mjitten hokker auto it fierste kommen is.

 

 

 

 

3: Konstruktive aktiviteiten.

-          Bou in skelter fan knex of oare  
           kontruksje aktiveiten
-          Bouhoeke of boutafel: bou it hûs
           en de garaazje fan Skelte
-          Meitsje in glydbaan
-          Kraleplanke

 

 

 

 

 

 

 

4: ûndersyks aktiviteiten

-          Set in opsette of in krûper (knuffel) foks op de tafel en lit bern fertelle wat se sjogge
-          Set in skelter yn de kring en lit bern fertelle wat se sjogge

5: bewegingsaktiviteiten

Doelen:

-          Ûntwikelje grove motoryk
-          Ynsjoch yn spul aktiviteit

Aktiviteit

-          Tikspultsje: Foks kom út dyn hol.
In foks sit yn in hoekje weikrûpt, hy leit yn syn hol.
De oare bern steane achter in streep, dat is harren hûs.
De foks leit mei de rêch nei de bern ta, hy hat de eagen ticht.
De bern wolle him pleagje/ wekker meitsje, hiel súntsjes slûpe se nei de foks ta.
As elkenien by it hol komt, mei ien roppe:
‘Foks, kom út dyn hol!’ (Fan tefoaren is ôfpraat wa’t dat dwaan mei)
As de foks wekker wurdt mei in oar bern dat nochris roppe.
As de foks dan wekker wurdt, wol er de bern pakke en draaft er achter harren oan.
Dy drave sa gau mooglik nei harren hûs ta. Dêr mei de foks net komme.

Der wurdt teld hoefolle bern de foks tikke hat.
De foks siket in nije foks út, de bern dy’t tikke binne meie wer meidwaan en it spultsje begjint opnij. (Boarne : Kattekwea en bargetriennen)

Patroan foksmûtske: goodknits .com     Sly Fox Hat, Lisa Gutuerrez.

 

6: bylzjende aktiviteiten.

Doelen:
        -  kreatyf uterje
        -  Fijne motoryk oefenje