Ferhalen foar bern út midden- en boppebou

In ferhaal út

Bril omheech

(fan Eppie Dam út De elandkop fan omke Romke)

Wouter rint mei mem troch de stêd.
Se komme krekt by de brillewinkel wei.
Dêr ha se om in bril foar Wouter west.
Wouter moast noadich in bril ha.
Op skoalle siet er al tiden foaroan, mar likegoed seach er neat op it boerd.
It learen woe dêrom ek net mear.
Heit tocht earst dat Wouter wat lui wie, mar Wouter wie gewoan in bytsje blyn.
No sjocht Wouter alles wer skerp.
Alle winkelbuorden lêst er lûdop.
De lytse letters like flot as de grutte.
Sels autonûmers kin er samar opsizze.
Wouter is bliid dat er noch lêze kin.
Hy wie al bang dat er it ferleard wie.
Allinnich fielt dy bril in byttsje rottich.
Wouter moat der hieltyd oansitte.
It is krekt as sakket de bril him ôf.
‘Sa’n bril moat even wenne’, seit mem.
‘Nije skuon rinne earst ek net noflik.
Moarn hast der gjin erch mear yn.’
“ik bin oars wól flink’, seit Wouter.
‘Ik ha in bril en ik gûl net iens.’
‘In bril is ek net om te gûlen’, seit mem.
Mar Wouter fynt fan al.
‘Se gnize dy op koalle út’, seit er. ‘Of se begjinne te skellen.’
‘Dat fyn ik stom’, seit mem.
‘Ja,’  seit Wouter, ‘ik ek. Mar se dogge it wol.
En dêrom is it flink dat ik net gûl.’
‘Kom,’ seit mem, ‘hjir is in kafee. Ik sil dy mar ris lekker bedjerre.’
Wouter laket by himsels.
Hy hie it boerd CAFË fan fierren al sjoen.

yn it kafee bestelt mem in kop kofje.
Wouter wol leaver cola ha.
Hy drinkt it glês yn ien kear leech.
'Wy kinne hjir ek iten krije’, seit er dan.
Hy lêst mem de menukaart foar.
‘No goed,’ seit mem, ‘do dyn sin.’
Se ropt de ober.
‘Foar my in útsmiter’, seit mem.
De ober skriuwt it yn syn boekje.
‘En de jongeheer?’ freget er dan.
Wouter bestelt in pantsje patat.
‘Wilt u ook iets drinken?’ freget de ober.
Mem sjocht Wouter even oan.
Wouter knypeaget.
‘Ja, noch in kear itselde’, seit mem.
‘Do silst moarn op skoalle noch wat beleve.’
Dat fynt Wouter net sa snoad fan mem.
Op skoalle binne ommers gjin obers.
Hy hy wol dêr ek gjin jongehear wêze.
Nei it iten sjocht mem op it horloazje.
‘Wy kinne noch krekt even nei mefrou Bak’, seit se.
‘Dy wennet hjir yn de buert.’
‘Mefrou Bak?’ freget Wouter.
‘Ja,’ seit mem, ‘dy ken ik út it sikehûs.
En tink derom, goed fatsoenlik wêze.
Nergens oankomme en nergens om freegje.’
'It is seker net in aardige mefrou’, seit Wouter.
Hy hat neat op mei sokke fisites.
‘In healoerke,’ seit mem, ‘langer net.’

By mefrou Bak sjocht Wouter hieltyd op de klok.
Neffens him doocht dy klok net mear.
Hy rint fierste stadich.
Mem en mefrou Bak prate oan ien tried wei.
No ja, mefrou Bak praat… en mem harket.
Wouter sit yn in hoekje fan de bank.
Hy ferfeelt him dea.
Dy klok stiet toch net stil?
Wouter wurdt stiif yn de fuotten.
Hy giet in bytsje fersitten.
De cola klotst him yn it liif.
Wouter fearret even op en del.
Dêr giet it wer: klots-klots.
In aardich spultsje is dat.
Mefrou Bak hâldt even op fan praten.
‘Hoor ik nu de gootsteen in de keuken?'
Wouter bliuwt deastil sitten.
‘Ja, die zat me laatst toch verstopt. Ik meteen de loodgieter gebeld…’
Mefrou Bak fertelt it hiele ferhaal.
Wouter lit opnij de cola klotse.
No wit mefrou Bak it sekuer: se hat de goatstien heard.
Mefrou Bak rint nei de keuken.
‘Vreemd,’ heart Wouter har sizzen, ‘ik meende toch echt dat ik iets hoorde.’
As mefrou Bak werom is, klotst Wouter wer.
Mar no hat mem him troch.
‘Dáár zit de gootsteen’, seit se.
‘Wouter heeft te veel cola gedronken.’
Mefrou fynt it net grappich.
‘Vind je dat leuk', seit se lilk.
‘Een oude dame voor niets laten lopen?’
‘Nee Wouter,’ seit mem, ‘dat wie net aardich fan dy.’
Dat seit mem der mar om, tinkt Wouter.
As wy aansent bûten binne, laket se derom.
Wouter sjocht mar wer ris nei de klok.
Noch tsien minuten.
Hy docht de bril omheech en wer omleech.
In hiel ferskil is dat.
Sûnder bril kin er net klok-sjen, mei bril wol.
Mar de tiid giet der net hurder om.
Ynienen moat Wouter noadich pisje.
O boy, tinkt er, ek dat noch.
Dat komt fan dy cola fansels.
Wouter wibelt mei de fuotten.
Net te hurd, want dan klotst it wer.
Dit hâldt er sa gjin tsien minuten fol.
Nergens om freegje, hat mem sein.
Mar heart dêr ek pisjen by?
Wouter wit it net.
Hy hat gjin ferstân fan deftige mefrouwen.
Mar yn de broek pisje, fine se fêst net fatsoenlik.
‘Mem, ik moat noadich pisje’, sei Wouter.
‘Plasse,’ seit mem, ‘wy sizze fan plasse.’
‘Mar heit seit dat ik pisje sizze moat!’
Mem krijt in kleur.
‘Mag Wouter even naar toilet?’ freget se.
‘Eerste deur in de gang’, seit mefrou Bak.
‘Zeg jochie, doe je wel de bril omhoog?'
‘Ja Wouter,’ seit mem, ‘de bril omheech.’
No ja, toe dan mar.
Hy stoot de gong yn.
Earste doar, dat is it húske.
Mefrou Bak hat in deftich húske.
It rûkt der nei lekker rûkersguod.
Mar Wouter fynt dat it stjonkt.
De sitting fan de pot is ljochtblau.
De handoek oan it heakje ek.
En sels it stikje sjippe op de waskbak.
Oan de muorre hinget in buordsje.
Wouter lêst wat derop stiet:
HEREN, DOE DE BRIL OMHOOG,
DAMES ZITTEN OOK GRAAG DROOG.
Unnoazel, tinkt Wouter.
Mar goed, hy sil net ûnfatsoenlik wêze.
Wouter docht de bril omheech.
Hy skoot him hielendal yn ’t hier.
Dan kin er him net fan de holle rûgelje.
Dan begjint er te pisjen.
Ofgryslik, wat in miel!
As Wouter klear is, set er de bril wer op.
Ja, dat siet der dik yn fansels.
Hy hat in pear dripkes op de sitting dien.
Ek stom fansels, sa’n buordsje.
Want wêrom hat er no in bril?

 

In ferhaal út

Untankbere foks

(fan Auck Peanstra út Kattekwea en bargetriennen)

Reager stie by de feart te fiskjen.
Hy hie honger, de hiele dei hie er noch neat fongen.
Deastil stie er tusken de reiden en loerde mar yn de feart.
Hy moast hast al wat iten ha, oars foel er fan ’e graat.
Ynienen seach er in grouwe fisk foarby swimmen.
Reager stuts de snaffel yn it wetter.
Hy griep de fisk en swypke him op de wâl.
Blikstiender, dat wie in grouwe fisk.
Dy koe er noait yn ien kear trochslokke.
Hy stie te prakkesearjen hoe’t er it ha soe, doe’t Foks oanrinnen kaam.
‘Dat mei ik lije,’ sei Foks.
‘Wat aardich datst in fisk foar my fongen hast.’
‘Ik ha dy fisk net foar dy fongen,’ sei Reager, mar Foks hie de fisk al yn ’e bek.
Reager moast tasjen, hoe’t Foks him nei binnen ta wurke.
Hy stie der mar wat ûnoazel by.
Soe der noch in stikje foar him oerbliuwe?

Ynienen begûn Foks alderheislikst te âljen.
Ggggr,’ sei er, ‘dgg sit in gggr…’
‘Wat seiste?’ sei Reager, ‘ik ferstean dy net.’
‘Help my Reager, der sit my in bonke dwars yn ’e kiel.’
‘Dy helpe?’ sei Reager, ‘bist net wiis!’
‘Sakrekt hasto myn fisk stellen. Wêrom soe ik dy helpe?’
‘Toe no, Reager,’ smeke Foks, ‘it docht sa sear.
Asto dy bonke der út hellest, wol ik alles wol foar dy dwaan.’
Reager liet it eefkes yn him omgean, de mage rattele him.
‘Ek foar my iten sykje?’ sei er.
‘Ja, ja!’ beloofde Foks. ‘Sis mar watst hawwe wolste.’
‘In fette mûs mei mayonêze,’ sei Reager.
‘Ofpraat,’ stinde Foks. ‘Helje no dy bonke út myn kiel. Ik smoar der hast yn.’

‘Toe dan mar,’ sei Reager, ‘doch dyn bek mar wiid iepen.’
Reager stuts syn lange snaffel yn Foks syn kiel.
Hy krige de grouwe bonke beet en luts him der út.
‘En no myn mûs,’ sei er, doe’t er de bonke yn it gers falle litten hie.
Foks slokte in pear kear en fielde dat syn kiel wer rom wie. Hy bleau sitten dêr’t er siet.
‘Hoe liket it,’ sei Reager ûngeduldich, ‘silst dy mûs ek hast ris fange? Ik fergean fan de honger.'

Foks lake eefkes gemien en sei:
‘Wês do mar bliid dat ik dyn kop der net ôfbiten haw, sakrekt. Fang dy mûs sels mar!’
‘Mar…,’ sei Reager.
‘Sjoch datst fuortkomste,’ sei Foks
‘Foar’t ik my betink en dy opfret.’
Doe joech Reager it oer.
Hy fleach fuort en socht in plakje by in oare feart.
Sa fier fuort dat Foks him net mear sjen koe.