Aktiviteiten by Skelte wol in skelter

Op 13 febrewaris:

  • Groep 2 fan gearwurkingsskoalle De Swirrel út Britsum is noege yn de Túnmanswente yn Koarnjum foar in moarnsbrochje by it ferhaal út it Frysk Printeboek fan it jier 2017: Skelte wol in skelter. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Aeltsje de Groot fan de bakkerij út Stiens.
    Nei it iten sille de bern oan it wurk om moaie keunstwurken te meitsjen nei oanlieding fan it boek skreaun troch  Joke Scheffer mei yllustraasjes fan Anna Sikkes. Se wurde grif ynspirearre troch de tekeningen fan Anna Sikkes dy’t dêr eksposearre binne.
    De jûns binne de bern mei harren âlders/famylje nochris wolkom yn de Túnmanswente. De bern litte dan harren eigen eksposysje sjen. Boppedat krije de âlders it ferhaal oer Skelte ek noch te hearren dat dan foarlêzen wurdt troch de skriuwster, Joke Scheffer.

IBS Op 'e Dobbe yn Hallum sil op 3 febrewaris yn de Nasjonale Foarlêsdagen op ferskate plakken yn it doarp aktiviteiten organisearje.

  • foarlêze by it pjutteboartersplak.
  • foarlêze by Offingaburg, wensintrim foar senioaren en demintearjenden.
  • foarlêze by de spar en de blommewinkel.
  • in Siryske mem sil yn it Arabysk foarlêze en in oare mem lêst it ferhaal foar yn it Nederlânsk.

IBS De Cingel Menaam op moandei 6 febrewaris

  • Joke Scheffer lêst foar by de kleuters fan IBS De Cingel yn Menaam