Nasjonale Foarlêsdagen 2013

fan 23 jannewaris oant en mei 2 febrewaris

Yn 2013 binne de Nasjonale Foarlêsdagen tagelyk de start fan

It jier fan it foarlêzen
Om’t Stichting Lezen 25 jier bestiet, de Nasjonale Foarlêswedstriid 20 jier, BoekStart fiif jier, foar de 10e kear de Nasjonale Foarlêsdagen organisearre wurde en de Fryske Foarlêswedstriid foar de fyfde kear holden wurdt.

De kar foar it
Frysk printeboek fan it jier 2013
is fallen op

Fjouwer dappere mûskes
Eppie Dam (tekst)
Gerrit Terpstra (yllustraasjes)

Fjouwer dappere mûske op de webside

Fan 23 jannewaris ôf is it hiele boek 10 dagen lang te sjen en te hearren. Klik dan op de ôfbylding fan it boek foar it ferhaal dat foarlêzen wurdt troch Eppie Dam.

Ynhâld:
Fjouwer dappere mûskes ûndernimme in reis út 'e fjouwer wynstreken wei. Se wolle fierder sjen as it lân dêr't se weikomme. It wurdt foar alle fjouwer in drege en gefaarlike tocht. Mar dan op in dei komt it krúspunt fan paden yn 't sicht.

Byldzjend keunstner Gerrit Terpstra makke in skilderachtich mûzeboek. Hy frege skriuwer Eppie Dam om wurden te jaan oan it ferhaal.

Fierder op dizze webside is mear te lêzen oer it Printeboek fan it jier, skriuwersynformaasje, lessuggestjes, ferhalen foar âldere bern, de Nasjonale Gedichtedei en oare aktiviteiten.
Wy winskje jim gesellige foarlêsoerkes ta.