Nasjonale Foarlêsdagen 2017

De Foarlêsdagen ha as doel it foarlêzen oan jonge bern te stypjen. Dat kin fansels likegoed yn it Frysk.
Oan de boeken hoecht it net te lizzen. Der lizze prachtige foarlês- en printeboeken yn de boekhannel en yn de bibleteek dêr’t út keazen wurde kin. Dus heiten, memmen, pakes, beppes, omkes, muoikes ensfh., krûp lekker mei de bern op de bank of sykje in smûk hoekje en dûk meielkoar yn de wrâld fan de fantasij of belibje aventoeren dêr’t de bern har wat by foarstelle kinne. Jonge bern genietsjes fan sokke mominten en it is tagelyk tige goed foar de taalûntwikkeling. 

Yn de Nasjonale Foarlêsdagen (25 jannewaris oant en mei 4 febrewaris) wurdt ekstra omtinken jûn oan it belang fan it foarlêzen. It hiele lân troch wurde aktiviteiten organisearre.
Begjin febrewaris stiet it Fryske ‘Printeboek fan it jier’, Skelte wol in skelter fan Joke Scheffer en Anna Sikkes sintraal yn de Túnmanswente (by Martenastate) te Koarnjum.
De beukers fan groep 2 fan de Gearwurkingsskoalle De Swirrel út Britsum komme dêr moarns op besite. Earst meielkoar de brochjes opite dy’t Aeltsje de Groot fan de bakkerij út Stiens meinaam hat en tagelyk harkje nei it ferhaal fan de bakkersfrou oer de aventoeren fan Skelte.

Dêrnei meitsje de bern ûnder lieding fan frijwilligers moaie keunstwurken dy’t by it boek passe om de Túnmanswente mei op te fleurjen. Se wurde grif ynspirearre troch de tekeningen fan Anna Sikkes dy’t yn dy tiid yn de Túnmanswente eksposearre wurde.
Dy keunstwurken kinne jûns bewûndere wurde troch de âlders en dan is skriuwster Joke Scheffer der ek om sels te fertellen oer Skelte.