It Fryske Berneboek

Doel
It Fryske Berneboek rjochtet har op promoasje fan Fryske berne- en jongereinliteratuer mei it doel dy literatuer sa breed mooglik bekend te meitsjen, yn en bûten Fryslân.
troch:

  • it trochjaan fan nijs oer Fryske berneliteratuer fia de website
  • It ûntwikkeljen fan nije inisjativen
  • It gearwurkjen mei en advisearjen foar organisaasjes dy't har dwaande hâlde mei Fryske berne- en jongereinliteratuer en it ûnderhâlden fan de kontakten

Untstean
It Fryske Berneboek is yn 1993 fuortkommen út twa organisaasjes: de Stifting Us Frysk Berneboek en de Werkgroep Friese kinder- en jeugdliteratuur, in wurkgroep dy't diel útmakke fan it Landelijk Platform Kinder- en Jeugdliteratuur.