De bisteboel fan omke Roel

Skreaun troch Thys Wadman
Yllustraasjes: Natascha Stenvert

Utjefte: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 90 6273 880 9
AVI: E6-M7

De ferhalen yn it boek binne skreaun nei oanlieding fan in tal bekende berneferskes fan Hindrik van der Meer. Thys Wadman ferbûn se meielkoar yn in trochrinnend ferhaal oer omke Roel, de haadpersoan út ien fan dy ferskes. Kees van der Meer makke nije arranzjeminten by de besteande meldijen en stuts se sa yn in modern jaske.
It boek is bestimd as foarlêsboek fan 6 jier ôf en as lêsboek foar de groepen 6 oant en mei 8 fan de basiskoalle.