Dit is it gedicht

Auteur: Elske Kampen
Friese Pers Boekerij 2012
ISBN: 978 90 3300 252 6
Priis: € 15,00

Elske Kampen sjocht yn dizze bondel, as mei de eagen fan in jongere, op in hiel eigen wize nei de minsken en de wrâld. Har twatalige fersen en har kollaazjes yn dizze útjefte binne dan ek foar bern fan alve, tolve jier en âlder.

Lees meer: Dit is it gedicht

Ynstruminten

Lûdeboekje

Auteur: Marion Billet
Afûk, maart 2013
ISBN: 978 90 6273 924 0
Priis: € 10,95

Ynstruminten is in stevich kartonboekje foar pjutten mei lûden dy’t de platen ta libben bringe.
Witsto hoe’t in piano klinkt? Of in gitaar? Wat fynst it moaiste? Druk op it knopke en ûntdek wat foar lûd de muzykynstruminten meitsje kinne.

Ek ferskynd yn dizze rige: De natoer
Leeftyd 1 – 3 jier

De Natoer

Lûdeboekje

Auteur: Marion Billet
Afûk, maart 2013
ISBN: 978 90 6273 923 3
Priis: € 10,95

De natoer is in stevich kartonboekje foar pjutten mei lûden dy’t de platen ta libben bringe.
Druk op it knopke en ûntdek de lûden út de natoer……….. Hoe klinkt bygelyks de see en watfoar lûd makket de kikkert?

Ek ferskynd yn dizze rige: Ynstruminten
Leeftyd: 1 – 3 jier

 

It Mûzehûs, Sam en Julia yn it teater

Auteur: Karina Schaapman
Oersetter: Mindert Wijnstra
Utjouwer: Friese Pers Boekerij, 2012
ISBN: 978 90 3300 266 3
Priis: € 16,95

Sam en Julia, de twa mûzebern dy’t wy al kenne út it earste, suksesfolle boek fan Karina Schaapman en oer-setter Mindert Wijnstra, belibje nije aventoeren yn Sam & Julia yn it teater. Sam krijt in nij freondintsje – wat Julia net echt SUPERleuk fynt – en mei syn trijen meitsje se in foarstelling foar it teater. Mar der bart noch folle mear: Sam fynt bygelyks in hiele seldsume moaie stien… Wat soe dat no wêze?

Lees meer: It Mûzehûs, Sam en Julia yn it teater

Nijntje in feest foar...

Mei dyn eigen namme
Tegearre mei Nijntje de haadrol spylje yn in eigen, unyk Nijntjeboek mei namme!
Priis: € 16,95

Nijntje en har freontsjes geane nei in feest. Net samar in feest; it is it feest fan in troch dy op te jaan haadpersoan.

Lees meer: Nijntje in feest foar...

De Tunnel

Auterur: Enno Bruinsma
Utjouwer: Elikser, Ljouwert 2013
ISBN: 978 90 8954 491 9
Priis: € 11,50

Johannes hat fjouwer broers en alle fiif ha se in spoeketaast op ’e rêch. Jehannes hat de grutste brune plak, midden op syn rêch, sa grut as in kofjepantsje. Syn broerkes narje him der faak mei. Dan wurdt Jehannes poer en krije se rúzje.

Lees meer: De Tunnel

Mearkes fan Grimm

 

Auteurs: Bruorren Grimm
Oersetting: Anne Tjerk Popkema
Yllustraasjes: Peter Boersma en Hilda Groenesteyn
Bornmeer, novimber 2012
ISBN: 9789056152888
Priis: € 27,50

In klassiker dy’t jong en âld al twa ieuwen lang oansprekt is no einliks ek yn it Frysk foarhannen. De mearkes fan de bruorren Grimm hearre ta de moaiste en bekendste ferhalen fan de wrâld.

Lees meer: Mearkes fan Grimm

De kening fan juster

Auteur: Paul van Dijk
Yllustraasjes: Paul van Dijk
Afûk, novimber 2012
ISBN: 978 90 6273 927 1
Priis: € 14,50

De wyn begjint te razen. Fûgels krieze. Hy komt der oan……
Yn alle rêst hat de Raveman wachte op syn kâns om kening fan it Lân fan Juster te wurden.
No’t de âlde kening Magnus it lân ferlitten hat, grypt er syn kâns. Der is noch ien probleem: Renske.

Lees meer: De kening fan juster

Stille nacht, wûndernacht

Ferskate auteurs
Yllustraasjes: Yke Reeder
Friese Pers Boekerij, novimber 2012
ISBN: 9789033002649
Priis: € 14,95

By Krysttiid hearre ferhalen! Stille nacht, wûndernacht is in bysûnder boek foar dy spesjale desimberdagen. It is in berneboek foar bern fan alle leeftiden, grôtfol ferhalen om foar te lêzen, thús of yn de klasse, of om sels yn te lêzen. Tweintich Fryske skriuwers en yllustratrise Yke Reeder hawwe der in kleurryk en ôfwikseljend boek fan makke, mei âlde en nije ferhalen.

Lees meer: Stille nacht, wûndernacht

Wêr sit Joazefine?

Auteur: Alexander Steffensmaier
Afûk, novimber 2012
ISBN: 9789062739257
Priis: € 12,95

Hoe moat Joazefine oait noch út 'e beam komme? Eins woe se allinne mar mei har freonen in spultsje dwaan.
Joazefine hat boppe yn 'e beam it bêste weikrûpplakje útsocht, sa goed, dat gjinien har fine kin...nei ûnderen springe doart se net, dus moatte har freonen nei boppen ta om har te helpen.
Mar as it harren ek net slagget om nei ûnderen te klimmen, is de bêste oplossing: de postboade.

In prachtich humoristysk printeboek (dêr’t in hiel soad yn te sjen is) foar bern fan 3 jier en âlder.

Tutte mei de linten

Auteur: Diet Huber
Yllustraasjes: Diet Huber
Friese Pers Boekerij, 11e printing oktober 2012
ISBN: 9789033005022
Priis: € 9,95

Yn 1955 ferskynde de earste printinge fan it skriuwersdebút fan Diet Huber: "Tutte mei de linten". Op slach wie dit boek foar bern fan fiif oant fiifennjoggentich jier in echte klassiker. De humor en boartlikens, de muzikaliteit fan dizze berneferzen en de tiidleaze printsjes meitsje fan dit boek fan Diet Huber (1924-2008) in bliuwend geskink.

Lees meer: Tutte mei de linten