Kampioenen fan FC TOP

Auteur: Jelle Bangma
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN:  9789062739639
Priis: € 12,50

It ferfolch op Skoare by FC TOP giet oer de fuotballer David, dy’t spilet by it grutte FC TOP. It giet ek oer Kendra, dy’t ek gek is fan fuotbaljen en graach spylje wol, mar har heit sjocht dat hielendal net sitten.

Lees meer: Kampioenen fan FC TOP

Jonas en de fiskjes fan Kees Poan

Skriuwer: Harm de Jonge
Yllustraasjes: Martijn van der Linden
Fryske oersetting: Jant van der Weg
Utjouwer: Hoogland & Van Klaveren, Hoorn
ISBN: 9789089671493
Priis: € 14,95

Jonas sit foar it rút en sjocht nei bûten. Hy ferfeelt him. Der is neat bysûnders op ’e grêft te sjen. Gjin inkelde auto dy’t it wetter yn rydt, net in boatsje dat sinkt. Sels net in âld wyfke dat stroffelet en rêden wurde moat. Op it dak oan ’e oare kant sitte twa seefûgels te slûgjen. Boppe alle huzen is de loft griis.

Lees meer: Jonas en de fiskjes fan Kees Poan

De aventoeren fan Auke

Auteurs: 300 bern fan 12 basisskoallen yn Fryslân
Under redaksje fan:  Jacques Vriens
Utjûn mei stipe fan: Stichting Lezen en Schrijven
ISBN: 978 90 6273 961 5
Priis: € 4,95

Yn Museum Belvedêre op It Hearenfean is op 11 septimber 2013 it earste eksimplaar fan
De avonturen van AUKE
/ De aventoeren fan AUKE,
oanbean oan prinsesse Laurentien.

It ferhaal giet oer reedrydheld Auke dy't net goed lêze kin en is skreaun troch 300 bern fan tolve basisskoallen. Skriuwer Jacques Vriens joech yn febrewaris it startskot foar de boekestafette. Elke skoalle hat in haadstik skreaun.

Lees meer: De aventoeren fan Auke

Tomke leart fytsen

Auteur: Geartsje Douma
Yllustraasjes: Luuk Klazenga
Utjouwer: Afûk. Ljouwert
ISBN: 9789062739561
Priis: € 6,50

Yana Yu kin al sûnder sydtsjiltsjes fytse en dat wol Tomke fansels ek! At dat mar goed giet........................

Ik ek fan dy

In prachtige dichtbondel foar jong en âld

Skriuwster: Baukje Wytsma
Yllustrator: Wolf Elbruch
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 90 6273 960 8
Priis: € 12,50

Lees meer: Ik ek fan dy

Boekjes by Studio F

Fjouwer nije boekjes dy oanslute by de taalmetoade Frysk foar basisskoallen: Studio F
fan
Auck Peanstra, Stellen tiid
Jurjen van der Meer, In frjemd faaske
Thys Wadman, De hûneklup
Ate Grijpstra, Tsjang en de taaldief

Utjouwer: Afûk, Ljouwert
Priis: € 7,50 per diel

Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen

Skriuwster: Hanneke de Jong
Friese Pers Boekerij b.v. augustus 2013
ISBN: 9789033004049
Priis: € 12,50

Marike hat de hannen fol oan skoalle (vmbo), har lestige broerke en dito leararen, har ferkearing en de fjirtichste jierdei fan har mem. Oan it begjin fan it boek hat se noch trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen sûnder dat dy der wat fan fernimt. Marike hat grutte plannen want taarten bakken en feestjes bouwe kin se as de bêste! Gelokkich hat se help fan Nadia, har beste freondinne, en in dosint. In humoristysk, fleurich en serieus boek foar alle jonge lêzers fan 12 jier ôf. En harren âlden!

Pien en har spin

Skriuwer: Rients Gratama
Yllustraasjes: Carla van der Heijde
Friese Pers Boekerij, juny 2013
ISBN: 9789033002731
Siden: 48, leeftyd: 4 oant 6 jier
Priis: € 10,00

Pien en haar spin is opnij in prachtich printenboek foar bern fan fjouwer jier en âlder. Diskear giet it oer it famke Pien dat in bysûnder en hiel leaf bistke yn har keamer hat. Rients Gratama skreau it ferhaal en Carla van der Heijde makke de tekeningen. Datselde diene se foar Hein en syn hin.

De teksten binne trijetalich: Fries, Grinzers en Nederlâns

De boel op stelten

Skriuwster: Auck Peanstra
Yllustraasjes: Yke Reeder
Afûk, juny 2013
ISBN: 978 90 6273 955 4
Siden: 128, leeftiid: 12+
Priis: € 12,50

In bondel mei humoristyske ferhalen foar en oer bern yn de boppebou. Mei aktuele tema’s as pesten, stalke, bernepostsegels ferkeapje en sekssites, mar ek oer aventoeren mei sjitterij, stellen, grapkes mei de kompjûter en anty-helden.

Boartsje mei Stip

Skriuwer: Eric Hill
Afûk, juny 2013
ISBN: 978 90 6273929 5
Priis: € 9,95

Stip boartet graach en hat in protte wille mei syn boartersguod. Syn favoryt is dit sachte knisperboekje.

Bertus Bear syn drokke dei

Skriuwer: Tor Freeman
Afûk, april 2013
ISBN: 9789062739301
Priis: € 9,95

Sjoch wat Bertus Bear allegearre docht op in dei!
In Klok-Boek mei in hiel soad flapkes!

Lees meer: Bertus Bear syn drokke dei