Lindbergh

Skriuwer en yllustrator: Torben Kuhlmann
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
Tal siden: 96 (ynbûn)
ISBN: 978 90 6273 993 6
Priis: € 17,95

It grutte aventoer fan in fleanende mûs

It libben wie gefaarlik wurden foar lytse mûs. Oeral stiene mûzefallen, leine fijannen op 'e loer en ien foar ien wiene syn mûzefreonen ferdwûn. Mar wêr hinne? Nei Amearika?
Doe krige mûs in domdryst plan: hy soe fleanen leare! Dan koe er nei Amearika om syn freonen werom te finen. Nachtenlang wie er dwaande om in fleantúch te meitsjen dat sa'n grutte reis meitsje koe oant syn dream út kaam...

Lees meer: Lindbergh

It aldermoaiste trekkerboek

Auteur: Dawn Sirett
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 90 6273 987 5
Priis: € 14,99

Fierwei it aldermoaiste trekkerboek.
Giest in rûntsje mei op 'e trekker?
Sjoch wat der achter de flapkes sit en harkje nei de lûden dy't der achterwei komme. Fansels makket de trekker in protte lawaai!
De lûden reagearje op ljocht, soargje dus foar genôch ljocht by it foarlêzen.
Frysk, stevich kartonboek mei 16 flapkes en 5 lûden.

Mearkes út de wâlden

Auteur/samler: Dam Jaarsma
Yllustraasjes: Peter Boersma & Hilda Groenesteyn
Utjouwer: Bornmeer, De Gordyk
ISBN: 9789056153250
Tal siden: 280
Priis: € 29,50

Dam Jaarsma fan Eastermar (1914-1991) wie in hertstochtlik samler fan folksferhalen. Hy skreau yn fjirtich jier mear as sechtjintûzen ferhalen op dy’t minsken út de fiere omkriten fan Eastermar oan him trochdiene. Dit boek biedt in brede en representative seleksje fan de mearkes dy’t er sammele: diereteltsjes, wûndermearkes, leginde- en novellemearkes, dommeduvelteltsjes en grappige teltsjes. Mearkes út ’e Wâlden is ferskynd yn it ramt fan ‘100 jier Dam Jaarsma’. It is bedoeld foar alle Frysklêzers, âld en jong.

Lees meer: Mearkes út de wâlden

De FKP Revolúsje

Auteur/striptekener: Skelte Braaksma
Utjouwer: Afûk
ISBN: 9789062739912
Priis: € 6,50

Begjin 20ste ieuw binne de polityke en ekonomyske omstannichheden net sa bêst. De Fryske Kommunistyske Partij wol dat Fryslân wer om en nabij sa grut wurdt as yn de tijd fan Kening Redbad (685). As de fersprate Fryske lannen wer in ienheid foarmje, kinne se elkoar troch de tiid helpe. Sa’t de F.K.P. lieder Oane Sytsma seit: “elk jout wat er kin, elk krijt wêr’t er ferlet fan hat”.

Lees meer: De FKP Revolúsje

De Fertelbeam

Auteur: Britta Teckentrup
Utjouwer: Afûk
ISBN: 9789062739813
Priis:€ 12,50

Foks hat in lang en lokkich libben hân, mar no is er wurch. Hy sjocht noch ien kear nei syn dierbere bosk en docht syn eagen ticht. Foks falt yn 'e sliep. Foar altyd.
De oare bisten yn it bosk misse harren leave freon. Lokkich ha se elkoar, en net te ferjitten, harren oantinkens.

Lees meer: De Fertelbeam

De Fjoerdiamant

Titel:          De fjoerdiamant
Skriuwer:    Marianna van Tuinen (Haarlim)
Oersetter :  Ytsje Steen-Buwalda (Boalsert)
Utjouwer:   Elikser, Ljouwert
Tal siden:    34
ISBN:         978-90-8954-627-2
Priis:           € 15,95

Fiif bern krûpe troch it gat fan in dikke beam en komme yn in tunnel telâne. Dy liedt nei de binnenkant fan de ierde. Wat in aventuer! It is dêr prachtich, it liket wol in mearke. Se geane troch in reinbôgerivier, oer de streepte heuvels nei in grot, djip yn de see. En dêr wurdt harren hert hiel waarm …

Der leit in krokodil ûnder myn bêd

Auteurs en yllustraasjes: Ingrid en Dieter Schubert
Utjouwer: Afûk
ISBN: 978 90 6273 994 3
Priis: € 13,95
Foar bern fan 3 - 6 jier

Krokodil Karel hat it te bûnt makke.
Hy wurdt fuortstjoerd troch syn freontsjes.
Híél fier fuort, oant ûnder it bêd fan Lyske.
Mar Lyske is net bang!

Lees meer: Der leit in krokodil ûnder myn bêd

Tomke nei de bisten

Auteur: Geartsje Douma
Yllustraasjes: Luuk Klazenga
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789062737789
Priis: € 6,50

Tomke en Romke boartsje op de bernebuorkerij. Dêr binne einen en geitsjes en de bargen rollebolje yn 'e drek. Dat liket Romke ek wol wat...!

Gewoan gek op skiednis

Auteurs: Erik Betten, Lida Dykstra, Janny van der Molen, Han Nijdam en Mindert Wijnstra
Yllustraasjes: Aart Cornelissen
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 90 6273 980 6
Priis: € 14,95

Fryslân hat in hiele eigen skiednis, mei allerhande ynteressante ferhalen en minsken. En dêr kinst yn dit boek alles oer lêze. It giet oer geheimtaal, de ko, de Romeinen, in eksoatyske spionne, Grutte Pier en Abe Lenstra.

Lees meer: Gewoan gek op skiednis

Tomke, at ik letter grut bin

Yllustraasjes: Luuk Klazenga
ISBN: 978 90 6273 969 1
Priis: € 5,95

Tomke en Yana Yu betinke wat se wurde wolle at se letter grut binne!
In leaf kartonboekje foar de alderlytskes.

Joazefine is siik

Auteur: Alexander Steffensmeijer
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 90 6273 978 3
Priis: € 13,95

Kij binne ek wolris siik! Op in moarn by ‘t melken fielt Joazefine har slop en wurch. Wat wibelich stiet se op har fjouwer poaten, se mei gjin iten en wol allinne mar fuortkrûpe ûnder it strie. Foar de boerinne is it dúdlik: Joazefine is ferklomme! It hiele programma wurdt ôfwurke: poatwynsels, krûdetee en koartstermometer. As it dan wer in bytsje better mei har giet en se wurdt troch har freonen lekker ferpopke, tinkt Joaziefine: siik wêze is sa gek noch net...................