Fronika de flie

Fronika de flie                                                                 
Auteur: Vera Damhuis
Ferkeappriis € 10,00
Leeftydskategory: 4-8 jier
In lês- en tekenje-mar-mei-boek oer Fronika de flie 

Fronika hipt by allegearre bisten en plakken del en wol oeral in tekening fan meitsje.
Sjoch wêr't Fronika oeral telâne komt en tekenje mei har mei.

Wat rydt dêr?

Auteur: Wolfgang Metzger
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 90 6273 997 4
Ferkeappriis: € 10,50
Leeftydskategory: 18+ moanne

In kraan, in trekker, in betonauto – al dy grutte masines meitsje yndruk op in bern. Yn dit boek komme in protte fan dy masines foarby. De teksten binne op rym en op de plaatsjes is in protte te sjen.

Tomke útfanhûs

Auteur: Riemkje Pitstra
Yllustraasjes: Luuk Klazenga
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789062732593
Priis: € 6,50
In ynbûn Tomkeboekje. It hat 26 siden en is foar bern fan 2 jier ôf

Tomke sil by Yana Yu útfanhûs. Hy nimt al syn koesers yn syn kofferke mei. As se op bêd sille, fynt Tomke it dochs wol wat spannend! Yana Yu helpt him om al syn koesers út te pakken en mei syn allen falle se dêrnei lekker yn 'e sliep.

Siem en Sanne sille fierljeppe

Auteur: Hendrika Vis - de Ruiter
Yllustrator: Bernard Roorda
Utjouwer: Louise, Grou
ISBN: 978 94 9253 627 4
Priis: € 8,50

Siem en Sanne sille fierljeppe is in bysûnder lês- en foarlêsboek foar bern tusken 3 en 7 jier. In boek mei prachtige tekeningen en in spannend ferhaal.
It hûs fan Siem en it hûs fan Sanne steane ticht by elkoar, mar se kinne net by elkoar komme, want tusken de tunen sit in sleatsje. Hoe moatte Siem en Sanne no tegearre boartsje? Gelokkich hat de heit fan Siem in idee...
Sjoch ek op www.siemensanne.nl

Wy ha der in geitsje by

Auteur: Marjet Huiberts
Oersetter: Hermien van der Meer
Yllustraasjes: Iris Deppe
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978-90-6273-998-1
Priis: € 7,50

Lyts printeboekje op rym
Op de bernebuorkerij ha se der in geitsje by. Thys giet der hinne te sjen. Watfoar bisten komt er tsjin? Wolst ek mei?

In nije heit

Auteur: Thys Wadman
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 90 6273 454 2
Ynbûn, 96 siden, leeftyd 10+
Priis: € 14,50

Ik bin gek op auto’s. Op gewoane auto’s, mar foaral op sportauto’s. Op de Porsche 911 Targa 4S bygelyks. Of op de Maserati Quattroporte. Ik sammelje ek foto’s fan auto’s. Ik knip se út boekjes en dan plak ik se yn myn selsmakke autoplakboek. Ik skriuw der dan ek fan alles by. Technyske saken, lykas hoefolle pk dy auto hat. Of hoe hurd er kin. Dan kin ik it allegear goed ûnthâlde. Fuotbal fyn ik ek moai.

Lees meer: In nije heit

Nije tema lêsboekjes by Studio F

Fjouwer nije boekjes dy't oanslute by de taalmetoade Frysk foar basisskoallen: Studio F.
Se binne ek los as lêsboekjes te krijen.

De rommelwike
Skreaun troch: Jetske Bilker 
Yllustraasjes: Natascha Stenvert
Tema: omjouwing
Utjouwer: Afûk
ISBN: 978 90 6273 996 7
Priis: € 7,50
Minke en Sjoerd binne jierdei en traktearje. Meester Jaap is lykwols net sa bliid mei alle rotsoai dy't er dêrnei oer de flier fan it lokaal fynt...
Lêsboekje by Studio F metoade, AVI E5M6, leeftyd 9+, 48 siden, paperback

Om it hurdst
Skreaun troch: Jan Schotanus
Yllustraasjes: Natascha Stenvert
Tema: technyk
Utjouwer: Afûk
ISBN: 978 90 6273 982 0
Priis: € 7,50
Flakby de freonen Jaap en Durk komme nije minsken op 'e pleats te wenjen. It famke Ingrid hat in skelter en ek Jaap krijt de langferwachte skelter op 'e jierdei. Wa kin it hurdst by de kuilbulte del?
Lêsboekje by Studio F metoade, AVI E5M6, leeftyd 9+, 48 siden, paperback

Mei losse hannen
Skreaun troch: Mindert Wijnstra
Yllustraasjes: Natascha Stenvert
Tema: sport
Utjouwer: Afûk
ISBN: 978 90 6273 984 4
Priis: € 7,50
Durk en Minke sitte op fuotbaljen. Sy kinne kampioen wurde en Studio F sil komme te filmjen. Mar it rint net allegearre neffens plan...
Lêsboekje by Studio F metoade, AVI E5M6, leeftyd 9+, 48 siden, paperback

De blauwe jonge
Skreaun troch: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Natascha Stenvert
Tema: keunst
Utjouwer: Afûk
ISBN: 978 90 6273 983 7
Priis: € 7,50
Uniastate moat restaurearre wurde, mar de jonker hat dêr gjin jild foar.
De bern fan basisskoalle "De Opstap" helpe om jild yn te sammeljen. De jonker sil rûnliedings jaan. Earst is dêr net safolle animo foar oant Jort fertelt dat der in spoek yn de state is: de blauwe jonge dy't ek op in skilderij stiet...
Lêsboekje by Studio F metoade, AVI E5M6, leeftyd 9+, 48 siden, paperback

 

De tsien fan Martens Afke

Auteur: Nynke fan Hichtum
Striptekener en bewurker fan it ferhaal: Dick Matena
Oersetster: Jant van der Weg
Utjouwer: Personalia
ISBN: 9789079287420
Priis: € 18,95

Oer it boek/de strip:
John Jorritsma
Kommissaris fan de Kening yn Fryslân

Hoe 't it libben der mear as hûndert jier lyn yn Fryslân útseach, kinne wy ús mei tank oan Nynke fan Hichtum goed foarstelle. Sy skreau mei De tsien fan Martens Afke in prachtich boek oer it swiere bestean fan in earme arbeidershúshâlding út Wergea. Dat boek is in reallife soap, want dy famylje mei tsien bern bestie echt, ek al krigen se yn it boek oare nammen.

Skriuwster Nynke hie in grutte bewûndering foar Afke. Ek al hie se it swier troch de soarch foar de tsien bern, Afke twong in soad respekt ôf. Se wie de ideale mem dy’t foar elk klear stie, se wie leaf en mei it bytsje jild dat der wie, koe se wûnders ferrjochtsje.

Lees meer: De tsien fan Martens Afke

De skippers fan de Kameleon

Striptekener: Dick Matena nei it boek fan H. de Roos
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
Utfiering: paperback 48 siden
ISBN: 9789062732647
Priis: € 8,95

Hielke en Sytse wenje yn it Fryske doarp Lenten. Op in dei fynt de twilling in âld opdrukker dy’t stykjen bleaun is yn de mar achter harren hûs. Mei help fan de motor fan in stikkene auto meitsje se der in sterke boat fan dêr’t de fluchtste speedboat net tsjin op kin. Dat is it begjin fan in soad aventoeren.

De schippers van de Kameleon fan H. de Roos ferskynde foar it earst yn 1949. Nei it earste diel folgen noch folle mear boeken mei Hielke en Sietse yn de haadrol. Sa groeide de Kameleon út ta de meast súksesfolle nei-oarlochske berneboekesearje fan Nederlân. De schippers van de Kameleon is wilens mear as hûndert kear werprinte en hat miljoenen minsken lêswille jûn.

Lees meer: De skippers fan de Kameleon

De Wûndertoeter fan Hindrik Bûter

Skreaun en yllustrearre troch Paul van Dijk
Utjouwer: Afûk yn opdracht fan Tresoar
ISBN: 978974071161
Priis: Tusken 12 en 30 septimber 2014: € 4,95. Fan 1 oktober ôf: € 12,50

Yn it libben fan Hindrik Bûter sit hielendal gjin aventoer. Hy wennet yn in gewoan hûs, yn in gewoane strjitte en hy hat in gewoane famylje. Elke dei yt er dopearten en hy giet noait op fakânsje. Op in nacht winsket Hindrik dat er wat bysûnders meimeitsje wol. En dan fynt er in toeter. Samar. In wûndertoeter!

Lees meer: De Wûndertoeter fan Hindrik Bûter

Myn poppeboek

Auteur: Sam Mc Bratney
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 90 6273 989 9
Priis: € 14,95

Yn dit Witst wol hoe mâl ik mei dy bin? - poppeboek kinst allegear oantinkens oan de earste jierren fan dyn poppe kwyt….....

Mei romte foar dyn eigen foto's, notysjes, gedachten en emoasjes en spesjale sluven foar bygelyks it bertekaartsje en in hierlokje.
In prachtich oantinken foar letter.

Besjoch hjir it ynsjocheksimplaar