Lytse Protter

Auteur: Baukje Wytsma
Yllustraasjes: Yke Reeder
Utjouwer: Afûk
ISBN: 978 94 92176 18 9
Priis: € 7,50

In printeboekje mei sechtjin prachtige, leave bernegedichtsjes, de helte yn it Frysk en de oare helte yn it Nederlânsk

Lytse poppe leit yn 't widske
suske sjocht har d'eagen út,
broerke stiet te hantsjeklappen
heit jout mem in dikke tút.

Pake ropt: myn lytse protter
aanst mar gau in poppeslok!
Beppe sjongt: it is in wûnder
wat in feest, wat in gelok!

Siem en Sanne sjogge Sint Piter

In printeboek om te lêzen of foar te lêzen spesjaal skreaun foar de Sint Pitertiid
Auteur: Hendrika Vis-de Ruiter
Yllustraasjes: Bernard Roorda
Utjouwer: Louise, Grou
ISBN: 9789491536342
Priis: € 10,-

It hûs fan Siem en it hûs fan Sanne steane ticht by elkoar. It is febrewaris. It is kâld bûten. De wrâld is wyt. As Siem en Sanne oan it slydzjen binne sjogge se in boat farren. Wa stiet dêr op dy boat?
Siem en Sanne sjogge Sint Piter is in bysûnder lês- en foarlêsboek foar bern tusken de 3 en 7 jier. In boek mei prachtige tekeningen en in spannend ferhaal.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.siemensanne.nl.

De deikoersen fan Remco

Auteur: Bart Kingma
Utjouwer: Afûk
Utfiering: paperback, 88 siden, 12+
ISBN: 978492176141
Priis: € 8,50

Remco Heeringa (14) wol profesjoneel hurdfytser wurde. Hy hat it talint, hy hâldt fan trainen en is hartstikke serieus yn de sport. Mar dan gebeurt der slim ûngelok en liket Remco's dream yn reek op te gean.
Wat moat hy no? Hurd wurkje om wer hielendal better te wurden, hoopje dat it wer hielendal goed komme kin? Of is it better om net mear te tinken oan de fyts en him te rjochtsjen op skoalle en in gewoan libben? Dat is de fraach dêr't Remco foar komt te stean.

Lees meer: De deikoersen fan Remco

Spletsj! Lytse ko

Auteur: Jo Lodge
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789492176110
Priis: € 9,95

Sjoch hoe't lytse ko mei de sturt swaait en dan... SPLETSJ!
Wat bard der ast oan de flapkes lûkst? In moai boartersboekje foar pjutten.

Boem! Lytse ûle

Auteur: Jo Lodge
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789492176103
Priis: € 9,95

Sjoch hoe't lytse ûle mei syn wjukken wappert en dan... nei ûnderen falt. BOEM!
Wat bard der ast oan de flapkes lûkst? In moai boartersboekje foar pjutten.

Over grote beren en knuffels

Auteur: Xavièra Kolk
Yllustraasjes: Edith Stultiens
Utjouwer: Stichting Stellingwarver Schrieversronte, Aldeberkeap
It boek is skreaun yn fjouwer talen: Nederlâns, Frysk, Stellingwerfsk en Bildsk
Oersetters (út it Nederlâns): Hermien van der Meer, Sietske Bloemhoff en Baukje Luining.
ISBN: 978 90 6466 182 2
Priis: € 9,95 (U.o. te keap by de Afûkwinkel yn Ljouwert)

It printeboek is bedoeld foar âlders én bern. Om in petear oan te gean oer grutte minsken en de grinzen fan bern.

Oer it boek
It boekje is skreaun fanút de belibbing fan lytse bear; in jonkje dat graach wol dat syn âlders grutsk op him binne. Op in dei freget de grutte bear út syn strjitte oft hy der efkes yn komt. Lytse bear wol net bretaal wêze. Dus hy giet mei yn ’e hûs. As lytse bear letter bûten komt is er net mear bliid. En ynienen pisset er nachts op bêd wer yn ’e broek. Ek hat er nachtmerjes en is er samar lilk op mem.

Lees meer: Over grote beren en knuffels

Sprokys fan Grimm

Auteurs: Broers Grimm
Fertaling, Syse Buwalda
Illustrasys: Peter Boersma & Hilda Groenesteyn
Ferskenen bij: Taalburo Popkema
ISBN: 978 90 8246 020 9
Priis: € 10,00

Sprokys fan Grimm in 't Bildts

'n Klassiker die't jong en oud anspreekt, is nou aindlik ok in 't Bildts te krijen. De sprokys fan de broers Grimm hore tot de mooiste en bekîndste ferhalen fan de wereld. Foor 't eerst is d'r 'n fersameling fan die sprokys in 't Bildts fertaald: fyftyn ferhalen. Nou kinne de kines en de groate mînsen de sprokys maar in hun aigen taal (foor)leze: fan Sneewitsy, Roadkappy en Assepoester.

100 x Tomke diel 2

100 foarlêsferhaaltsjes
Skriuwers: Auck Peanstra en Riemkje Pitstra
Yllustraasjes: Luuk Klazenga
Utjouwer: Afûk
ISBN: 978 94 92176 13 4
Priis: € 9,95

Hasto wolris wetterpokkels hân?
Of in ko mei kraantsjes sjoen?
En wat belibbet Tomke allegearre yn Afrika?
Tomke, Romke, Kornelia en Yana Yu belibje wer fan alles yn de hûndert foarlêsferhaaltsjes dy't sammele binne yn dit twadde diel.
In grut part fan dizze ferhaaltsjes binne earder publisearre yn de Weekkrant Fryslân of op www.tomke.nl

Het meisje met de rode paraplu

Auteurs: Lida Dijkstra, Harm de Jonge, Marian de Smet, Edward van de Vendel en Mindert Wijnstra
Yllustraasjes: Roelof van der Schans
Utjouwer: Wijdemeer, Ljouwert yn opdracht fan de Histoaryske Feriening Aed Levwerd
ISBN: 9789492052148
Priis: € 19,50

Het meisje met de rode paraplu is in (foar)lêsboek mei nije, stoere, spannende. grappige ferhalen oer bysûndere bylden yn Ljouwert lykas de iisbear, de pakjesboat fan Sinteklaas, de izerman en de bok mei it gouden aai. It is in boek foar bern fan 8 jier ôf mei 21 spiksplinternije ferhalen en 21 prachtige yllustraasjes fan Roelof van der Schans.
It boek is ferskynd by gelegenheid fan it 15-jierrich jubileum fan de Ljouwerter Histoaryske Feriening Aed Levwerd.

Lees meer: Het meisje met de rode paraplu

Tûzen Wurden opnij útjûn

auteur: Heather Amery
Yllustraasjes: Stephen Cartwright
Oersetting: Sytse T. Hiemstra
Utjûn troch: Afûk, Ljouwert
9789062733804
Priis: € 14,95

De sânde printinge fan Tûzen Wurden is útkaam.
10.000 eksimplaren binne der al printe. 10.000 x 1000 wurden, dat binne in hiele soad wurden!!

Dit fleurige printsjeswurdboek jout bern fan ferskate leeftiden en folwoeksenen de mooglikheid om op in boartlike wize in basiswurdskat fan it Frysk op te bouwen.

Lees meer: Tûzen Wurden opnij útjûn

Jentsjeboekjes opnij útbrocht

Auteur: Janny Vledder-van der Knoop
Yllustraasjes: Eva Eriksson
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
Priis: € 8,95
Kartonboekjes op rym foar pjutten
Janny Vledder hat de boekjes fan Barbro Lindgren bewurke en oerset yn it Frysk.

Lees meer: Jentsjeboekjes opnij útbrocht