Skelte wol in skelter

Tekst: Joke Scheffer
Yllustraasjes: Anna Sikkes
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789062739998
Priis: € 13,50

In printeboek foar beukers
Skelte ferfeelt him. Mar op in dei betinkt er wat: hy wol graach in skelter ha. Dat liket him it moaiste dat der is. Hy wol it leafst de hiele dei op syn skelter omride. Allinne syn âlders fine it net sa’n goed idee. Want stel je foar dat er samar tsjin de auto fan buorman Bouke oanrydt of troch de blommen fan buorfrou Romkje hinne jaget. Kriget Skelte it foarelkoar? Gelokkich is pake der altyd noch!  

Tomkes Foarlêsfeest

Tekst: Auck Peanstra & Riemkje Pitstra
Yllustraasjes: Luuk Klazenga
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN:9789492176196
Utfiering: ynbûn
Priis: € 12,95

24 ferhalen op tema
In prachtich foarlêsboek mei aventoeren fan Tomke en syn freonen.
De ferhalen binne yndield op tema's dy't ticht by de belibbingswrâld fan bern steane.

Fan de lytse mol dy't witte wol wa't him op 'e kop skiten hat

Tekst: Werner Holzwarth
Oersetting: Gerda van der Wijk
Yllustraasjes: Wolf Erlbruch
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789062734740
Priis: € 13,90

Doe't de lytse mol op in dei syn kop boppe de grûn stuts om te sjen oft de sinne al opkaam wie, barde it folgjende: Der foel wat op syn kop (it wie rûn en brún en like in bytsje op in woarst). Dan folget lytse mol syn syktocht by ferskate bisten lâns om te sjen wa't him op 'e kop skiten hat.
De sechsde printinge fan dizze klassiker.

De bûtenierdske reis fan Q en Quinta

Tekst en yllustraasjes: Marianna van Tuinen
Oersetting yn it Frysk: Ytsje Steen-Buwalda
Tal siden: 42
Utjouwer: Elikser, Ljouwert
ISBN: 9789089548450
Priis: € 17,50

Quinta boartet yn de tún en krijt ynienen besite fan in wûnderlik wêzen yn in soarte fan luchtbel. It hat mar ien each en sjocht har freonlik oan.
‘Ik bin Q’, seit it frjemde bist. ‘Ik bin myn hûs kwyt. It is ergens yn de kosmos, mar ik wit net mear wêr. Helpsto my om it te sykjen?’
Dat wol Quinta wol. Se stapt yn de bol en giet mei Q de romte yn.

Lees meer: De bûtenierdske reis fan Q en Quinta

Lytse Protter

Auteur: Baukje Wytsma
Yllustraasjes: Yke Reeder
Utjouwer: Afûk
ISBN: 978 94 92176 18 9
Priis: € 7,50

In printeboekje mei sechtjin prachtige, leave bernegedichtsjes, de helte yn it Frysk en de oare helte yn it Nederlânsk

Lytse poppe leit yn 't widske
suske sjocht har d'eagen út,
broerke stiet te hantsjeklappen
heit jout mem in dikke tút.

Pake ropt: myn lytse protter
aanst mar gau in poppeslok!
Beppe sjongt: it is in wûnder
wat in feest, wat in gelok!

Siem en Sanne sjogge Sint Piter

In printeboek om te lêzen of foar te lêzen spesjaal skreaun foar de Sint Pitertiid
Auteur: Hendrika Vis-de Ruiter
Yllustraasjes: Bernard Roorda
Utjouwer: Louise, Grou
ISBN: 9789491536342
Priis: € 10,-

It hûs fan Siem en it hûs fan Sanne steane ticht by elkoar. It is febrewaris. It is kâld bûten. De wrâld is wyt. As Siem en Sanne oan it slydzjen binne sjogge se in boat farren. Wa stiet dêr op dy boat?
Siem en Sanne sjogge Sint Piter is in bysûnder lês- en foarlêsboek foar bern tusken de 3 en 7 jier. In boek mei prachtige tekeningen en in spannend ferhaal.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.siemensanne.nl.

De deikoersen fan Remco

Auteur: Bart Kingma
Utjouwer: Afûk
Utfiering: paperback, 88 siden, 12+
ISBN: 978492176141
Priis: € 8,50

Remco Heeringa (14) wol profesjoneel hurdfytser wurde. Hy hat it talint, hy hâldt fan trainen en is hartstikke serieus yn de sport. Mar dan gebeurt der slim ûngelok en liket Remco's dream yn reek op te gean.
Wat moat hy no? Hurd wurkje om wer hielendal better te wurden, hoopje dat it wer hielendal goed komme kin? Of is it better om net mear te tinken oan de fyts en him te rjochtsjen op skoalle en in gewoan libben? Dat is de fraach dêr't Remco foar komt te stean.

Lees meer: De deikoersen fan Remco

Spletsj! Lytse ko

Auteur: Jo Lodge
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789492176110
Priis: € 9,95

Sjoch hoe't lytse ko mei de sturt swaait en dan... SPLETSJ!
Wat bard der ast oan de flapkes lûkst? In moai boartersboekje foar pjutten.

Boem! Lytse ûle

Auteur: Jo Lodge
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789492176103
Priis: € 9,95

Sjoch hoe't lytse ûle mei syn wjukken wappert en dan... nei ûnderen falt. BOEM!
Wat bard der ast oan de flapkes lûkst? In moai boartersboekje foar pjutten.

Over grote beren en knuffels

Auteur: Xavièra Kolk
Yllustraasjes: Edith Stultiens
Utjouwer: Stichting Stellingwarver Schrieversronte, Aldeberkeap
It boek is skreaun yn fjouwer talen: Nederlâns, Frysk, Stellingwerfsk en Bildsk
Oersetters (út it Nederlâns): Hermien van der Meer, Sietske Bloemhoff en Baukje Luining.
ISBN: 978 90 6466 182 2
Priis: € 9,95 (U.o. te keap by de Afûkwinkel yn Ljouwert)

It printeboek is bedoeld foar âlders én bern. Om in petear oan te gean oer grutte minsken en de grinzen fan bern.

Oer it boek
It boekje is skreaun fanút de belibbing fan lytse bear; in jonkje dat graach wol dat syn âlders grutsk op him binne. Op in dei freget de grutte bear út syn strjitte oft hy der efkes yn komt. Lytse bear wol net bretaal wêze. Dus hy giet mei yn ’e hûs. As lytse bear letter bûten komt is er net mear bliid. En ynienen pisset er nachts op bêd wer yn ’e broek. Ek hat er nachtmerjes en is er samar lilk op mem.

Lees meer: Over grote beren en knuffels

Sprokys fan Grimm

Auteurs: Broers Grimm
Fertaling, Syse Buwalda
Illustrasys: Peter Boersma & Hilda Groenesteyn
Ferskenen bij: Taalburo Popkema
ISBN: 978 90 8246 020 9
Priis: € 10,00

Sprokys fan Grimm in 't Bildts

'n Klassiker die't jong en oud anspreekt, is nou aindlik ok in 't Bildts te krijen. De sprokys fan de broers Grimm hore tot de mooiste en bekîndste ferhalen fan de wereld. Foor 't eerst is d'r 'n fersameling fan die sprokys in 't Bildts fertaald: fyftyn ferhalen. Nou kinne de kines en de groate mînsen de sprokys maar in hun aigen taal (foor)leze: fan Sneewitsy, Roadkappy en Assepoester.