De GFR

Auteur: Roald Dahl
Oersetter: Martsje de Jong
Yllustraasjes: Hilda Groenesteyn
Utjouwer: Regaad (nûmer 5)
ISBN: 978 90 82197 0 44, NUR: 280
Priis: € 15,00

‘Al dy oare reuzen haffelt alle jûnen minskbrokkels, mar ik net! Ik ist de iennichste leave en goeierige reus yn Reuzelân! Ik ist de GRUTTE FREONLIKE REUS! Ik ist de GFR. Wa bisto?’ ‘Ik bin Sofie,’ sei Sofie.

De GFR. Wa kent ’m net? Mei syn krûmpraterij, syn fripsdrippers en snoaskommers, syn dreamfangerij, mei syn njoggen minskfrettende buormanreuzen én de lytse Sofie, dy’t pardoes yn de reuzewrâld fan de GFR bedarret, hat de Grutte Freonlike Reus de herten fan miljoenen bern én folwoeksenen oer de hiele wrâld stellen.

Lees meer: De GFR

Rôversguod

Tekst: Janneke de Boer
Yllustraasjes: Vera Damhuis
Foarmjouwing: Sanne Hiddema
It boek hat 48 siden, in formaat fan 14 x 21 en in hurde kaft
Utjouwer: Louise, Grou
ISBN: 9-789491-536373
Priis: € 12,50

Kakarafrrr, Kakarafrrr...
Mei it swit op 'e holle sjit ik oerein. Wêr bin ik? Wat is it tsjuster. Myn hannen sykje yn 'e djipswarte leechte om in werkenningspunt.

Fekke wit net wat er meimakket as er op Fjildster Utbuorren ûntdekt dat ien fan de swarte roeken op 't hiem prate kin. De stammerjende (in ferfelend kwaaltsje wêr 't er al sûnt it ferstjerren fan mem lêst fan hat) jonge wegeret de fûgel op syn wurd te leauwen en set it bist stikem efternei de bosk yn.

Stip syn moaiste ferhalen

Auteur: Eric Hill
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789062733071
Priis: € 14,95
Leeftyd: 2+

Seis fan de moaiste Stip-ferhaaltsjes.
Lês hoe’t Stip en syn freonen picknicke, in nij spultsje dogge, pake helpe yn ‘e tún en noch folle mear!

Wêr is Stip?

Wer op foarrie!

Auteur: Eric Hill
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789062733071
Priis: € 12,99
Leeftyd: 2+

Stip moat ite, mar wêr soe er wêze? Wa sitte der ferskûle achter de flapkes?

It geheim fan de mist

Tekst en yllustraasjes: Marianna van Tuinen
Oersetting: Ytsje van der Steen
Printeboek, 38 siden
Utjouwer: Elikser, Ljouwert
ISBN: 978 90 8954 881 8
Priis: € 17,50

Op de planeet Alivia is it altyd mistich en einliks kinst dêr net libje. Frjemd genôch stiet dêr in grut hûs, dêr't wêzens wenje dy't sizze dat se tefreden binne. De pyntere Matibi leaut dat net, want wêrom rint elk dêr dan sa suffich om? En wêrom is it altyd sa dampich? Net ien wol dêr mei him oer prate of der wat oan dwaan. Ek baas Lumus en syn helpers net. Matibi giet op ûndersyk út en ûntdekt in freeslik geheim... Kin hy de minsken wekker skodzje?

Kom út dy kraan

Tekst en yllustraasjes: Tjibbe Veldkamp en Alice Hoogstad
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789492176288
Priis: € 13,95

Bern meie net op it bouplak komme, dat wit Bouwe bêst. Op in dei krûpt er al ûnder it stek troch en bestjoert de wals, de semintwein en de kraan. Wêrom docht er dat?
Fan 3 jier ôf. Bekroand mei de sulveren griffel.

Tije

Tekst en yllustraasjes: Mirjam van Houten
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: : 9789492176271
Priis: € 14,95

Tije mei graach bûten by de buorlju op de pleats boartsje.
Mar no moat er ferhúzje nei de stêd en dêr sjocht er bot tsjinoan.
Soed er dêr wol freonen krije? En hoe soe it op skoalle gean?
Yn ʾe stêd krijt Tije in hiel bysûndere freon, mar oft dat helpt...
In boek foar bern fan 6 – 9 jier oer in plakje fine yn in nije omjouwing.
Mei prachtige yllustraasjes fan de skriuwster sels.

In wrâldreis yn 80 dagen

Auteur: Jules Verne
Bewurker: Bert René Luimstra
Striptekener: Roelof Wijtsma
Utjouwer: Regaad, Grins
ISBN: 9789082197037
Priis: € 8,99

Jawis’, moat Phileas Fogg sein ha, ‘men kin hjoed-de-dei al yn tachtich dagen om de wrâld reizgje’.

Huh? sille jim tinke. Dat kin dochs wol yn tachtich óeren?! Ja, no wol, mei fleantugen en sa. Mar anno 1872 wie dat wol oars! Muiterij, stoarm, brânsteapels, ynstoartende brêgen, in jonkfrou yn need, drank&drugs… Alle tûkelteammen dy’t in hastige reizger treffe kinne, oerkomme de gentleman Fogg en syn reisgenoaten. Reizgje yn dit spannende stripboek mei op treinen, stoomskippen, sliden en oaljefanten! En fyn, tagelyk mei de 21e-iuwske John en Julia, út oft dizze bekende wrâldreis no fiksje is, of dochs…

Lees meer: In wrâldreis yn 80 dagen

Speurnoazen yn Park Fiversburch

Auteur: Astrid Kuiper
Oerset en bewurke troch: Geartsje Douma
Yllustraasjes: Monique Beijer
Utjouwer: Bornmeer, De Gordyk
ISBN: 9789056153830
Priis: € 12,50

Watfoar frjemd lûd is dat? Kick en Saar skrikke der nachts wekker fan. Saar tinkt dat it lûd út it âlde park fan Filla Fiversburch komt ...
As echte speurnoazen geane se op ûndersyk út.
Wat bart der nachts allegear yn it park?

Erik of it lyts ynsekteboek

Auteur: Godfried Bomans
Oersetter: Geart Tigchelaar
Yllustraasjes: Nina Peckelsen
Utjouwer: Regaad, Grins
ISBN: 978 90 8219 702 0
Priis: € 12,50

Op in wûndere nacht bedarret Erik samar yn de wrâld fan it lytse wrimelt, in mienskip fan moarddiedige spinnen, eptige wespen, fereale flinters en oarlochssuchtige eamels…
Erik of het klein insectenboek (1941) is grif Godfried Bomans syn bekendste boek; yn 2013 wie it it boek fan de aksje ‘Nederland leest’ dat fergees omparten waard ûnder hûnderttûzenen Nederlânske bibleteekleden.

Firalen

Auteur: Kathy Reichs
Oerset yn it Frysk troch: Geart Tigchelaar
Utjouwer: Elikser
ISBN: 9789089548467
Priis: € 19,95
Ek te keap as harkboek en e-boek

In boek foar jong folwoeksenen
De fjirtjinjierrige Tory Brennan wennet sûnt it ûngelok fan har mem op Morris Island, by har heit Christopher ‘Kit’ Howard. Har heit is seebiolooch en wittenskiplik ûndersiker by it ynstitút op Loggerhead Island. Hy is in workaholic, dy’t gjin ferstân fan it heit-wêzen hat. En Tory sels is in nerd, dy’t neat leaver docht as dingen út te fûgeljen en antwurden op lestige fragen te finen. Op in speurtocht mei in groepke freonen fynt se in identiteitsplaatsje mei de namme ‘F. Heaton’ derop en dêr begjint it mei. Letter stuitsje se net allinne op in grêf, mar ek op in ferburgen laboratoarium, dêr’t se in wolfshûn befrije. It bist is ynfektearre mei in firus, en dat hat in wol hiel bysûnder effekt op de sintugen fan de freonegroep. It makket harren ûnferslaanber en de folwoeksenen hawwe der de hannen fol oan.

Lees meer: Firalen