Gers op it dak

Skriuwer: Hanneke de Jong
Yllustrator: Linda de Haan
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
AVI: M4
ISBN: 978-94-6038-118-8
Priis: € 9,95
Te bestellen fia Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of it bestelformulier fan audiofrysk.

Utkaam yn de nije rige Fryske boeken foar begjinnende lêzers: Sweltsjes

‘Help!’ pipet Joep. ‘De hûn wol my bite! Ik sjoch syn tosken!’ ‘Stel dy net oan,’ seit Eef. ‘Dit is Hup, ús hûn. Hup is altyd bliid.’

Bauk, de mem fan Eef, sil op Joep passe. Eef helpt har mem sa goed as se kin. Se lit Joep alles sjen. De tún, de bisten. En it dak... Komt dat wol goed?

De toverangel fan Ate

Skriuwer: Jurjen van der Meer
Yllustrator: Maaike van den Akker
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
AVI: E3
ISBN: 978-94-6038-119-5
Priis: € 9,95
Te bestellen fia Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of it bestelformulier fan audiofrysk.

Utkaam yn de nije rige Fryske boeken foar begjinnende lêzers: Sweltsjes

Ate sjocht frjemd op. In toverangel út in toverbeam? Dêr hat hy noch noait fan heard. Angels lizze yn ’e winkel. Se groeie dochs net oan in beam?

As der in fiskwedstriid holden wurdt, wol Ate ek meidwaan. Mar hy hat gjin angel. Dêr wit pake Jan wol wat op. Hy makket foar Ate in toverangel. In toverangel mei trije bledsjes. En dy bledsjes binne hiel spesjaal…
De toverangel fan Ate: ek geskikt foar bern dy’t graach bûten boartsje.

Wat in ein!

Skriuwer: Jan Schotanus
Yllustrator: Linda de Haan
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
AVI: M4
ISBN: 978-94-6038-118-8
Priis: € 9,95
Te bestellen fia Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of it bestelformulier fan audiofrysk.

Utkaam yn de nije rige Fryske boeken foar begjinnende lêzers: Sweltsjes

Heit sliept as in baarch. ‘Hee! Hee! Wekker wurde. Derút. Mûzen. Mûzen yn de tinte. Wy wolle yn de auto,’ sist mem. ‘No, famke. Mûskes? Yn de tinte?’ ‘Derûnder! En gniis net. It is net leuk.’

Wim en Afke wolle graach op fakânsje. Omdat har eigen auto stikken is, hat heit ien hierd, in âlde ‘ein’. Heit fynt him prachtich, mar it wurdt wol in hiel oare fakânsje as oare jierren. De camping yn Frankryk helje se, mar dan begjinne de aventoeren...

Beppe hat in aaipet

Skriuwer: Mindert Wijnstra
Yllustraasjes: Babs Wijnstra
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
AVI: M4
ISBN: 978-94-6038-116-4
Priis: € 9,95
Te bestellen fia Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of it bestelformulier fan audiofrysk.

Utkaam yn de nije rige Fryske boeken foar begjinnende lêzers: Sweltsjes

‘Beppe hat in aaipet,’ seit Tom ûnder iten. ‘Ja, dat wit ik,’ knikt mem. ‘Docht se der noch wat mei?’ ‘Se hat him op ’e holle,’ seit Tom.

Tom is graach by beppe. Sy begrypt him better as heit en mem.
Dan wurdt beppe siik. Mar al hoe siik se ek is, tegearre ha se noch wille en fine se treast by elkoar.

Pykje Fjouwer

Auteur: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Ina Hallemans
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 94 9217 645 5
Utfiering: ynbûn
Priis: € 13,50

Tik tik tik. tik tik tik .......Trije aaien yn it skriezenêst binne al út. Mar it pykje yn it fjirde aai kin de dop net stikken krije. Dêrom wurdt Pykje Fjouwer samar troch syn famylje achterlitten. Gelokkich nimt Kealtsje him mei nei de pleats fan Yfke. Mar nei in jier wol Pykje Fjouwer fleane. Hiel fier. Miskien wol nei Afrika. Mar dat fynt Kealtsje net sa'n goed idee. Want sil er syn skriezefreontsje oait noch wol weromsjen?

Pykje Fjouwer is in oade oan it Fryske lânskip. Yn it boek binne greidefûgels, buorkerijbisten, blommen, krûden en ynsekten te finen. Achteryn steane ek nochris nijsgjirrige feiten oer de skries; Kening fan 'e Greide. Foar alle bern dy’t fan de natuer hâlde en der nóch mear oer witte wolle.

It boek is ek yn it Nederlânsk ferskynd mei as titel: Kuikentje Vier.

Tsjilp!

25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters

Auteur: Eppie Dam
Lino's: Lienke Boot
Utjouwerij: De Ryp, Blauhûs
ISBN: 9789081581844
Priis: € 12,00
55 siden, hardcover

Fûgels litte har hearre. Se tsjotterje, tsjilpe, krasse en kweakje yn de gedichten fan dizze klinkende bondel. Fûgels litte har sjen. Stappend, hippend of fleanend, ja sels slûgjend toane se har foarmen en kleuren yn dit boek mei prachtige platen. Tsjilp! is foar lêzers fan 8 oant 88.

Buorman Brombear

Tekst en yllustraasjes: Ciara Flood
Oersetting: Hermien van der Meer
Utjouwer: Afûk
ISBN: 9789492176394
Priis: € 12,99

Bear wennet hielendal allinne op 'e romte en dat befalt him poerbêst.
Hy is dan ek net bliid as in kninefamylje in hûs bout nêst dat fan him!
Foar bern fan 2 oant en mei 5 jier.

De aventoeren fan Edze Ballontsje

Auteur: Jeannette Westra
Yllustraasjes: Titia Hogeveen
Utjouwer: Friese Pers Boekerij
ISBN: 978 90 330000041
Priis: € 15,99

Edze Ballontsje is in jonkje, mar tagelyk ek in ballontsje. Der moat goed op him past wurde oars waait er fuort, want hy is krekt sa licht as in ballontsje. Dat slagget net altyd en dan rekket er fersyld yn allegear nuvere situaasjes. Sa belânet er op 'e Brandaris op Skylge, wurdt er achterfolge troch ealjebijen yn Norg, rekket er fêst oan it hoantsje op 'e toer yn Frjentsjer en belibbet er noch folle mear spannende aventoeren.
Edze Ballontsje is bytiden ek wol in bytsje ûndogens en dan giet it der soms mâl om wei…

It Stuoltsje-t Stoultje-Het Stoeltje

Auteur: Rients Gratama
Yllustraasjes: Carla van der Heijde
Utjouwer: Friese Pers Boekerij
ISBN: 978 90 3300 054 6
Priis: € 13,99
ynbûn, 56 siden

Frysk - Gronings - Nederlands


It Stuoltsje
is it tredde tredde trijetalige printeboek fan Rients Gratama & Carla van der Heijde. 
It fertelt it ferhaal fan in stuoltsje dat fuortrint, omdat net ien it mear hawwe wol. Mei tank oan in amer, in iiskast, in kninehok, fiif planken, in stofsûger en in trekker ûntsnapt it oan de jiske-auto...

Lees meer: It Stuoltsje-t Stoultje-Het Stoeltje

Wês net bang (mar wol foarsichtich)

Auteur: Hanneke de Jong
Utfiering: paperback, siden: 83
Utjouwer: Afûk
ISBN: 9789492176400
Ferkeappriis: € 8,50
Leeftyd: 12+

It boek Wês net bang fertelt it wier barde ferhaal fan de santjinjierrige Lilan. Fanwege de oarloch yn har bertelân Syrië, lit Lilan alles achter en besiket se nei Nederlân te kommen. Har reis as flechtling is net sûnder gefaar. As de dan ek noch har rêchsek en jild ferliest, wurdt it wol hiel dreech om de reis fol te hâlden. Binne der minsken dy't har helpe wolle? Sil de Nederlân berikke? En fynt se har famylje werom?

Foar bern fan 12 jier en âlder

Oanfal

Auteur: Kathy Reichs
Oersetter: Ytje Hoekstra
Utjouwer: Elikser, Ljouwert
Tal siden: 483
ISBN: 978 90 8954 919 8
Priis: € 22,50

It twadde diel yn de Firalen-rige mei magyske en spannende fantasyferhalen yn it young adult-sjenre.

In leginde fan 300 jier ferlyn
It thúsplak fan de Firalen op Loggerhead Island wurdt bedrige. Inkeld in slompe jild kin de minsken en bisten dêre noch rêde.
Der geane âlde ferhalen oer in stoere froulike piraat dy't in skat ferstoppe hat yn Charleston. Gjinien wit wêre, mar Tory Brennan - it achternichtsje fan de forinsysk antropologe Dr. Temperance Brennan - is der wis fan dat de Firalen de kryptyske oanwizingen wol ûntraffelje kinne.

Lees meer: Oanfal