Spetter spetter... en oare ferskes

Ferskate auteurs
Yllustraasjes: Linda de Haan
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 94 9217 654 7
Priis € 9,95

Ferskes fan Geartsje Douma, Hindrik van der Meer, Jurjen van der Meer, Auck Peanstra en Riemkje Pitstra

De moaiste (opsis)ferskes en sykplaten út de Tomke-boekjes fan de ôfrûne 20 jier. Tomke hat se sels foar dy útsocht!
Mei prachtige yllustraasjes fan Linda de Haan.

Rommele bom, rommele bom!
Rommele bom bom bom!
Yn elke hân in stokje.
Ik slach op de trom

Retteketet retteketet!
Retteke tet tet tet!
Fingers op de knopkes:
ik spylje trompet.

Tuterdetút tuterdetút!
Tuterde tút tút tút!
Ik blaas op it fluitsje.
No is it ferske út.