Wat in ein!

Skriuwer: Jan Schotanus
Yllustrator: Linda de Haan
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
AVI: M4
ISBN: 978-94-6038-118-8
Priis: € 9,95
Te bestellen fia Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of it bestelformulier fan audiofrysk.

Utkaam yn de nije rige Fryske boeken foar begjinnende lêzers: Sweltsjes

Heit sliept as in baarch. ‘Hee! Hee! Wekker wurde. Derút. Mûzen. Mûzen yn de tinte. Wy wolle yn de auto,’ sist mem. ‘No, famke. Mûskes? Yn de tinte?’ ‘Derûnder! En gniis net. It is net leuk.’

Wim en Afke wolle graach op fakânsje. Omdat har eigen auto stikken is, hat heit ien hierd, in âlde ‘ein’. Heit fynt him prachtich, mar it wurdt wol in hiel oare fakânsje as oare jierren. De camping yn Frankryk helje se, mar dan begjinne de aventoeren...