Pykje Fjouwer

Auteur: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Ina Hallemans
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 94 9217 645 5
Utfiering: ynbûn
Priis: € 13,50

Tik tik tik. tik tik tik .......Trije aaien yn it skriezenêst binne al út. Mar it pykje yn it fjirde aai kin de dop net stikken krije. Dêrom wurdt Pykje Fjouwer samar troch syn famylje achterlitten. Gelokkich nimt Kealtsje him mei nei de pleats fan Yfke. Mar nei in jier wol Pykje Fjouwer fleane. Hiel fier. Miskien wol nei Afrika. Mar dat fynt Kealtsje net sa'n goed idee. Want sil er syn skriezefreontsje oait noch wol weromsjen?

Pykje Fjouwer is in oade oan it Fryske lânskip. Yn it boek binne greidefûgels, buorkerijbisten, blommen, krûden en ynsekten te finen. Achteryn steane ek nochris nijsgjirrige feiten oer de skries; Kening fan 'e Greide. Foar alle bern dy’t fan de natuer hâlde en der nóch mear oer witte wolle.

It boek is ek yn it Nederlânsk ferskynd mei as titel: Kuikentje Vier.