Tsjilp!

25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters

Auteur: Eppie Dam
Lino's: Lienke Boot
Utjouwerij: De Ryp, Blauhûs
ISBN: 9789081581844
Priis: € 12,00
55 siden, hardcover

Fûgels litte har hearre. Se tsjotterje, tsjilpe, krasse en kweakje yn de gedichten fan dizze klinkende bondel. Fûgels litte har sjen. Stappend, hippend of fleanend, ja sels slûgjend toane se har foarmen en kleuren yn dit boek mei prachtige platen. Tsjilp! is foar lêzers fan 8 oant 88.