Ik tel oant hûndert

Yllustraasjes: Sophia Touliatou
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 94 9217 652 3
Priis: € 12,95

In kleurryk telboek: ien folle moanne, twa lytse hûntsjes, trije reade bussen... oant 100 telle is in feest mei dit prachtige boek.
Undertusken komst ek noch allegearre ferskillende kleuren, bisten en foarmen tsjin.

 

Heksegrytta

Auteur: Hanneke de Jong
Utjouwer: Bornmeer, De Gordyk
ISBN: 9789056154202
Priis: € 15,00

Oan it begjin fan it lêste jier op de basisskoalle komt der in nij famke yn de klasse: Annemoon. Alle bern út de klasse wolle graach freonen mei har wêze, mar Grytta en Bauke fine har mar frjemd. Oarsom fynt Annemoon Grytta ek in nuverenien. Daliks al, as se it lokaal ynstapt. It is krekt as sjocht Grytta dwers troch har hinne… Soe Grytta, lykas har beppe, bysûndere krêften hawwe?

Heksegrytta is in ferhaal oer freonskip en oer hoe’tsto dy in hâlding joust yn in klasse wêr’t nimmen dy kin. Soms dochst eat wat ferkeard útpakt en barre der dingen dy’tst fan te foaren noait betinke koest.

NPO Zappelin Fakânsjeboek

Al dyn Zappelin favoriten yn ien boek:
Mei de Smurfen, Pingu, Woezel en Pip, Sassa en Toto en oare bekenden.
Mei puzeltsjes, kleurplaten, in ferske, ferhaaltsjes fan Nijntje en Tomke, spultsjes en noch folle mear....................
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: ISBN: 978 90 85 673 903
Priis: € 3,99

Slangen ûnder it bêd

Auteur: Hilda Talsma
Utjouwer: Elikser, Ljouwert
ISBN: 9789089549624
Priis: € 16,50

Spannende jeugdroman oer in aventoer mei de klasse yn Amsterdam en in reis nei Suriname, op syk nei in Piipster skûtsje

Marte en Rienk geane mei de klasse nei Amsterdam. As Marte op in jûn by in knappe jonge út har jeugdherberch sitten giet ynstee fan by har freonen, hat er gjin goede bedoelings mei har. De jonge en syn maat nimme Marte mei, mar litte har efter as se neat mei har wurde kinne.

Lees meer: Slangen ûnder it bêd

Spetter spetter... en oare ferskes

Ferskate auteurs
Yllustraasjes: Linda de Haan
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 94 9217 654 7
Priis € 9,95

Ferskes fan Geartsje Douma, Hindrik van der Meer, Jurjen van der Meer, Auck Peanstra en Riemkje Pitstra

De moaiste (opsis)ferskes en sykplaten út de Tomke-boekjes fan de ôfrûne 20 jier. Tomke hat se sels foar dy útsocht!
Mei prachtige yllustraasjes fan Linda de Haan.

Lees meer: Spetter spetter... en oare ferskes

Ridder Jet

Skriuwer: Lida Dykstra
Yllustrator: Maaike van den Akker
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
AVI: E3
ISBN: 978-94-6038-114-0
Priis: € 9,95
Te bestellen fia Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of it bestelformulier fan audiofrysk.

Utkaam yn de nije rige Fryske boeken foar begjinnende lêzers: Sweltsjes

Jet skopt om har hinne, mar se sit sa fêst as in hûs. ‘Lit my los!’ raast se. ‘Want oars, want oars...’ ‘Wat oars?’ laket de boef. Ja, dat wit ik ek net, tinkt Jet.

Der driget rûnom gefaar yn it ryk fan prinses Jet. Der rinne boeven om, en ek noch in fjoerspuiende draak. Dêrom ûntsnapt se – oan in lange sjaal – út de toer dêr’t se opsletten sit. Alderearst giet se achter twa dieven oan dy’t in beurs stellen ha. Gelokkich kriget se help út ûnferwachte hoeke…

Boem is ho!

Skriuwer: Anny de Jong
Yllustrator: Yke Reeder
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
AVI: E4
ISBN: 978-94-6038-115-7
Priis: € 9,95
Te bestellen fia Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of it bestelformulier fan audiofrysk.

Utkaam yn de nije rige Fryske boeken foar begjinnende lêzers: Sweltsjes

In auto nimt de binnenbocht. Hy rekket krekt de karre fan Nynke. Se kypt de steile berm yn. Har fingers komme tusken de speaken. In tel letter...

In deagewoane groep. In ‘nije’ (in opskepperke), in famke yn in rolstoel (mar net silich), in jonkje dat sljocht is op pankoeken, in juf dy’t op har jierdei soarget foar in spannende ferrassing en ek noch...

Gers op it dak

Skriuwer: Hanneke de Jong
Yllustrator: Linda de Haan
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
AVI: M4
ISBN: 978-94-6038-118-8
Priis: € 9,95
Te bestellen fia Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of it bestelformulier fan audiofrysk.

Utkaam yn de nije rige Fryske boeken foar begjinnende lêzers: Sweltsjes

‘Help!’ pipet Joep. ‘De hûn wol my bite! Ik sjoch syn tosken!’ ‘Stel dy net oan,’ seit Eef. ‘Dit is Hup, ús hûn. Hup is altyd bliid.’

Bauk, de mem fan Eef, sil op Joep passe. Eef helpt har mem sa goed as se kin. Se lit Joep alles sjen. De tún, de bisten. En it dak... Komt dat wol goed?

De toverangel fan Ate

Skriuwer: Jurjen van der Meer
Yllustrator: Maaike van den Akker
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
AVI: E3
ISBN: 978-94-6038-119-5
Priis: € 9,95
Te bestellen fia Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of it bestelformulier fan audiofrysk.

Utkaam yn de nije rige Fryske boeken foar begjinnende lêzers: Sweltsjes

Ate sjocht frjemd op. In toverangel út in toverbeam? Dêr hat hy noch noait fan heard. Angels lizze yn ’e winkel. Se groeie dochs net oan in beam?

As der in fiskwedstriid holden wurdt, wol Ate ek meidwaan. Mar hy hat gjin angel. Dêr wit pake Jan wol wat op. Hy makket foar Ate in toverangel. In toverangel mei trije bledsjes. En dy bledsjes binne hiel spesjaal…
De toverangel fan Ate: ek geskikt foar bern dy’t graach bûten boartsje.

Wat in ein!

Skriuwer: Jan Schotanus
Yllustrator: Linda de Haan
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
AVI: M4
ISBN: 978-94-6038-118-8
Priis: € 9,95
Te bestellen fia Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of it bestelformulier fan audiofrysk.

Utkaam yn de nije rige Fryske boeken foar begjinnende lêzers: Sweltsjes

Heit sliept as in baarch. ‘Hee! Hee! Wekker wurde. Derút. Mûzen. Mûzen yn de tinte. Wy wolle yn de auto,’ sist mem. ‘No, famke. Mûskes? Yn de tinte?’ ‘Derûnder! En gniis net. It is net leuk.’

Wim en Afke wolle graach op fakânsje. Omdat har eigen auto stikken is, hat heit ien hierd, in âlde ‘ein’. Heit fynt him prachtich, mar it wurdt wol in hiel oare fakânsje as oare jierren. De camping yn Frankryk helje se, mar dan begjinne de aventoeren...

Beppe hat in aaipet

Skriuwer: Mindert Wijnstra
Yllustraasjes: Babs Wijnstra
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
AVI: M4
ISBN: 978-94-6038-116-4
Priis: € 9,95
Te bestellen fia Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of it bestelformulier fan audiofrysk.

Utkaam yn de nije rige Fryske boeken foar begjinnende lêzers: Sweltsjes

‘Beppe hat in aaipet,’ seit Tom ûnder iten. ‘Ja, dat wit ik,’ knikt mem. ‘Docht se der noch wat mei?’ ‘Se hat him op ’e holle,’ seit Tom.

Tom is graach by beppe. Sy begrypt him better as heit en mem.
Dan wurdt beppe siik. Mar al hoe siik se ek is, tegearre ha se noch wille en fine se treast by elkoar.