Amarens Louwsma is Frysk Foarlêskampioen 2016

It wie krekt in plaatsje, it byld fan Amarens Louwsma yn de fertelstoel. De kleuren fan klean en stoel rûnen prachtich yn elkoar oer. En dit famke fan basisskoalle De Wyngert yn Drachtster Kompenije lies ek nochris sa moai foar, dat se troch de sjuery oanwiisd waard as de Fryske Foarlêskampioen 2016.

Amarens hie har goed taret. Se hie in ferhaal keazen fan Auck Peanstra, Keutels by de kofje. Dat humoristyske ferhaal wist sy dúdlik, mei each foar it publyk en in soad spanning oer te bringen. It wie kile kile. De sjuery moast oardielje op details, want Amarens hie aardich konkurinsje. Benammen fan ien famke dat eins net foar har ûnder die. Mar de Sulveren Spjeld wie foar Amarens.

De sjuery fûn dat de finalisten in goede kar foar harren ferhalen makke hiene. Ferhalen dy’t by de bern pasten en dy’t boeiend wiene foar it publyk. It is wichtich dat it publyk nei ôfrin tinkt: wat spitich dat it út is. De measte foarlêzers holden de spanning en de rêst it hiele ferhaal troch ek goed fêst. Se begûnen it net ôf te raffeljen en wiene goed te ferstean.

Oan de finale fan de Foarlêswedstriid op freed 4 juny 2016, diene njoggen learlingen fan basisskoallen út Fryslân mei. Yn de teaterseal fan de NHL, de hegeskoalle oan de Rengersleane yn Ljouwert, liezen se om bar, sittend yn de spesjale fertelstoel, harren ferhaal foar. Marrit de Schiffart fan Cedin die de presintaasje. Sy wist de finalisten mei in koart petearke goed op harren gemak te stellen. De supporters wiene by alle njoggen ferhalen deastil. Dat jout wol oan dat de ferhalen boeiend brocht waarden.

Mar tuskentroch wie it hielendal net stil. Sjonger Sander Metz makke it publyk sa entûsjast, dat se meisongen, -klapten en –stampten. Sa waard dizze wedstriid tagelyk in fleurich feest.
De sjuery bestie út Tjitske van Dijk, Albert van der Tuin en Janny Bottema. De organisaasje wie yn hannen fan meiwurkers fan Cedin, Afûk, Tresoar, NHL Hegeskoalle, Stenden Hegeskoalle, Bibliotheekservice Fryslân en It Fryske Berneboek. Takom jier is de finale op freed 9 juny. Sjoch foar mear ynformaasje op www.foarlêskampioen.nl.