Ylse Barkmeijer Fryske Foarlêskampioen 2015

Ylse, út groep 8 fan de Iepenbiere basisskoalle út Akkrum, lies foar út it boek In nije heit fan Thys Wadman. Alle bern yn ’e seal fan Tryater te Ljouwert wienen as mûskes sa stil doe’t se harken nei it ferhaal oer Gerke dy’t in nije heit op syn jierdei frege. In heit dy’t, krekt as him, belangstelling ha moast foar auto’s en fuotbaljen.

Nei ôfrin fan it ferhaal woe elk wol graach dat Ylse troch fertelde. Se hie hieltyd kontakt mei it publyk, wist de goede toan te treffen, wie prima te ferstean en se makke it spannend troch de ôfwikseling tusken lûd en sacht, lulk en aardich ensfh. Soms fertrage se it ferhaal wat om efkes letter de tried wer op te pakken. Ylse naam it publyk mei. Je seagen it foar je.

Op freed 5 juny wie de finale fan de Fryske Foarlêswedstriid. De kampioenen fan alve skoallen mochten dy middeis om bar yn de prachtige foarlêsstoel sitten gean om harren fertelkeunsten hearre te litten. It nivo wie heech. De bern wisten de spanning deryn te hâlden. Se holden goed rekken mei it publyk, liezen rêstich en op in natuerlike wize en hiene moaie ferhalen útsocht.

De sjuery, dy’t bestie út Sjoeke Faasse (dosinte Pabo NHL), Tjitske van Dijk (dosint basisûnderwiis) en Janny Bottema (It Fryske Berneboek), hie it dreech om in winner oan te wizen mar keas dochs unanym foar Ylse. Sy hat de Sulveren Spjeld hielendal fertsjinne.

De Fryske Foarlêswedstriid wurdt organisearre troch: Tresoar, Afûk, Cedin, Bibliotheekservice Fryslân, de Pabo's fan NHL en Stenden en It Fryske Berneboek.