Fryske Foarlêswedstriid 2015

Wa wurdt dit jier de winner?

Learlingen út de groepen 6, 7 en 8 fan de basisskoallen yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de Fryske Foarlêswedstriid. Organisearje in foarlêswedstriid op skoalle en jou jim eigen foarlêskampioen foar 16 maaie op by Tresoar (ien learling per skoalle). De bern binne frij yn it kiezen fan in Frysk ferhaal mar as it sykjen nei in moai ferhaal dreech is, stiet op www.fryskefoarleskampioen.nl in tal boeken mei geskikte ferhalen of fragminten. Ek tips om sa goed mooglik foar te lêzen steane op dy site.

It stik dat foarlêzen wurdt, mei net langer duorje as fjouwer minuten. By in protte oanmeldings sille der foarronden organisearre wurde. De finale is op freed 5 juny yn it gebou fan Tresoar te Ljouwert. Docht jim learling mei oan de finale, dan binne supporters ek wolkom! Dat wurdt in grut feest!
Opjaan is ek mooglik fia de website www.foarlêskampioen.nl.