Tommy en de oarloch

Skriuwer en ferhaleferteller Mindert Wijnstra fertelt en spilet op mear as 40 skoallen yn Fryslân yn de betinkingstiid:
Tommy en de oarloch
It ferhaal dat Mindert fertelt is basearre op in printeboek dat in heit yn it konsintraasjekamp Theresienstadt makke hat foar syn soantsje (Tommy) foar syn tredde jierdei.
It jonkje hat noch noait wat oars sjoen as de grauwe binnenkant fan de barak. Syn heit tekenet foar him de wrâld sa't dy heart te wêzen foar in bern fan trije jier, hiel gewoan mei blommen, bisten, boartersguod, iten en drinken. Dêrmei wurdt it ek in hoopfol, treastryk ferhaal.

It is in wier bard ferhaal. Tommy hat as iennige fan de famylje de oarloch oerlibbe, de tekeningen binne nei de oarloch weromfûn op in geheim berchplak yn de muorre fan de barak. Oan de hân fan dy tekeningen fertelt Mindert Wijnstra it ferhaal oan bern fan de boppebougroepen fan basisskoallen.

Lees meer: Tommy en de oarloch