Fertelkoffer fan Tresoar

Meitsje in teaterfoarstelling fan in ferhaal!
Brûk dêr de Fertelkoffer fan Tresoar by.
Skriuwers, fertellers en oaren kinne fia Tresoar in Fertelkoffer mei in prachtige Ferteljas en in gesellich Fertelkleed oanfreegje. Der binne fiif eksimplaren yn omloop dy't op ferskate plakken yn Fryslân ôfhelle wurde kinne.

By

  • Tresoar, Bûterhoeke 1, 8911 DH LJOUWERT, telefoan: 058-7890789, e-mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
  • Bibleteek St. Anne, Beuckelaerstraat 2, Sint Annaparochie, telefoon: 0518-401771, e-mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
  • Bibleteek Snits, Wijde Noorderhorne 1, 8601EA SNITS, telefoan 0515-435240 e-mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
  • Bibleteek It Hearrenfean, Burgemeester Kuperusplein 48, 8442CL HEERENVEEN, telefoan: 0513-626675, e-mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
  • Bibleteek Dokkum, Brokmui 62, 9101 JZ DOKKUM, telefoan: 0519-292278, e-mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


Fertelkoffer boeke?
Wannear't jo in fertel- of foarlêsaktiviteit boeke wolle, kinne jo kontakt opnimme mei Tresoar.
It leafst fia in e-mail oan Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. . Jo kinne dêrby oanjaan op hokker lokaasje de aktiviteit plakfine moat, de datum en tiid/deidiel en foar hokker groepen de aktiviteit bedoeld is. Wy nimme dan sa gau mooglik kontakt mei jo op.

It programma fan de fertelaktiviteit wurdt dêrnei yn oerlis ynfold. Ofhinklik fan jo winsken siket Tresoar in geskikte skriuwer of ferteller. Jo kinne fansels ek jo winsk foar in bepaalde skriuwer/ferteller oanjaan. It programma kin yn it Frysk, Stellingwerfs en yn it Nederlânsk oanbean wurde.

Der is in ferdieling fan de fertelkoffers oer de provinsje. Ien koffer stiet by Tresoar yn Ljouwert, de oare koffers fine jo by de bibleteken fan St. Anne, Snits, It Hearrenfean en Dokkum. De skriuwer/ferteller hellet de koffer dêr op en bringt him ek wer werom.

De kosten foar de fertelaktiviteit binne € 100,= yn't oere of € 175,= it deidiel. Dat is ynklusyf de reiskosten fan de skriuwer/ferteller.

Wa't de fertelkoffer hiere wol sûnder skriuwer/ferteller betellet € 25,= foar in deidiel of € 50,= foar in dei. De hierder soarget foar it opheljen en werombringen fan de fertelkoffer. De hierder is ferantwurdlik foar skea tidens ferfier en gebrûk en sil dy fergoedzje.

Boekings moatte op syn minst trije wiken foar de plande besykdatum dien wurde. Jo moatte der wol rekken mei hâlde dat de fertelkoffers en skriuwers yn bepaalde perioades (lykas de Berneboekewike) gau folboekt wêze kinne!
By annulearring fan in plande besite koarter dan trije wike foar de plande datum wurdt it folsleine bedrach yn rekken brocht.
Wy sjogge út nei in nij skoaljier fol ferhalen!

Sjoch op bygeand filmke hoe't de Fertelkoffer brûkt wurde kin. De hantlieding is yn it Frysk, Bildtsk en Stellingwerfsk te beharkjen. Klik op ien fan de filmkes fan jo kar.