Wurkwinkels Trebol Harns troch Yke Reeder en Auck Peanstra

Op 30 en 31 maaie 2013 wurkje Yke Reeder en Auck Peanstra mei oan de Kunstmarkt yn Trebol te Harns.
Se fersoargje dêr beide dagen wurkwinkels (workshops)

Tongersdei stiet it program ‘Skyldpod op reis’ sintraal. In liet, in ferhaal dat oergiet yn poppespul en dêrnei in rúthinger meitsje mei de bern.

Op freed is it tema peste. Dan fertelt Auck it ferhaal ‘Pestkoppen’ út har nije bondel ‘De boel op stelten’, dy’t troch Yke yllustrearre is.

Oanslutend in liet en in kreative ‘maskerade’ mei de bern.