Program Auck Peanstra en Yke Reeder

Om’t it twatalige program Skylpod op reis/Schildpad op reis ferline jier in grut sukses wie biede
Auck Peanstra en Yke Reeder
opnij dit ôfwikseljende programma oan.

De foarstelling begjint mei in liet wêrby’t Yke demonstrearret hoe’t in yllustraasje makke wurdt. Dêrnei fertelt Auck in ferhaal dat oergiet yn poppespul.
It ferhaal giet oer in skylpod dy’t op reis giet, hy wol wat fan de wrâld sjen mar it giet oars as er tocht hie. Nei ôfrin binne de bern oan bar. Yn de klasse meitsje se mei Yke en Auck in moaie raamhinger: se tekenje wat se fan de wrâld sjen wolle en mei fergees materiaal wurdt dat wurkstik prachtich fersierd.

It program duorret ûngefear in oere en is geskikt foar ûnder- en middenbou.
Kosten € 150, ynklusyf materiaal. Foar boekings, nim kontakt op mei Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. / 058-2531873 of Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. / 06-48954610

Oer Auck Peanstra
Auck hat sa’n 25 jier foar de klasse stien -  faklearkrêft Frysk, groepslearkrêft groep 2 – en wol har no mear talizze op it skriuwen en it fersoargjen fan programs dêroer. Want foarlêzen is har grutste passy en dêr lit se elkenien graach fan mei genietsje. Grut of lyts, se is yn alle silen mak. En ferhalen, dy hat se genôch. Troch de jierren hinne hat se ferskate boeken skreaun foar pjutten, âldere bern oant romans.  (In oersjoch fa alle titels is te finen op www.auckpeanstra.nl ) Fansels is Tomke it ferneamdst mei syn aventoeren yn de Weekkrant Fryslân.

Auck hat mei it boek Yn piama de dyk oer de Simke Kloostermanpriis wûn. Datselde boek krige ek de Sulveren Spjelde fan de Fryske Berneboekesjuery, krekt as har boek  Alles foar in sint. Har roman Sitebuorren myn eigen paradys krige de Rink van der Velde priis.

Foar de rige De Traveliers hat se de boeken It goud fan de Aboriginals en Kantsjeboard op Kurasau skreaun. Foar Kantsjeboard op Kurasao fertsjinne se yn 2012 opnij de Sulveren Spjelde fan de Berneboekesjuery. Yn de maitiid fan 2013 ferskynd in nije ferhalebondel foar de boppe/middenbou: De boel op stelten.
Foar mear ynformaasje sjoch www.auckpeanstra.nl.

Oer Yke Reeder
wurke nei de PABO in jier as ynfalkracht op in skoalle foar dôve bern yn Haren. Dêrnei die sy audysje by de teatergroep Benjamin yn Grins. Se spile troch it hiele lân wol 500 kear mei yn in foarstelling oer pesten foar middelbere skoallen! Letter sollisitearre sy as sylmaatsje op in charterskipke yn de Middellânske see. Sy waard fereale op it sâlte wetter en is yn de jierren dy’t folgen hieltyd wer te farren gien. Tuskentroch die sy klussen yn Nederlân op it mêd fan teater, dekôrs meitsjen, tekenjen en skilderjen. Sa ûntwikkele sy har eigen kreative bedriuw en sylde wylst de hiele wrâld oer! Benammen op de Europa (www.barkeuropa.com).

In pear jier lyn krige Yke in berntsje en is (efkes?) stoppe mei it silen. Sy hat no alle tiid foar har dochter en har bedriuw -Ieks-.

Yke Reeder hat ûnder oare de folgjende boeken makke:

  • De Vliegende Hollander fan Niels Rood, printeboek 2011
  • Dolfijn in gevaar fan Niels Rood, jeugdboek 2010
  • Dolfijn ontvoerd fan Niels Rood, jeugdboek 2010
  • Dolfijn gewond fan Niels Rood, jeugdboek 2010
  • Krûpelhintsjes fan Auck Peanstra, printeboek 2009
  • De Burgemeester van Enkeldam en Andere Verhalen fan Gemma Jissink, ferhaleboek 2009
  • Rymposter 2009 cd-hoes foar de Fryske berneboeketiid
    Yke jout teken- en skilderkursussen yn Harns.