Auck Peanstra fertelt yn Droegeham

Mei de Fertelkoffer nei CBS De Tarissing yn Droegeham

Op 14 febrewaris 2013 hat Auck Peanstra mei de Fertelkoffer nei CBS De Tarissing yn Droegeham west.

It tema wie winter.
By groep 1 fertelde se it ferhaal oer Tomke en de sniepop en by  groep 2 / 3 die se it ferhaal oer Hoe’t bearen in koarte sturt krigen ha.

Mar, omdat se de holle stompt hie, wie se fergetten hoe’t it ferhaal krekt gie. Lokkich siet der yn de Fertelkoffer – eins mear in ferteltoer – allegear materiaal dat by it ferhaal hearde en sa koene de bern har helpe om it ferhaal te betinken.
Doe’t it boek op it lêst ek noch fûn waard, koe it ferhaal dochs ferteld wurde en koene de bern neigean oft it wol gie sa’t sy tocht hiene.

Ta beslút learde Auck de bern noch in pear lietsjes, ien oer de Snieman yn de finne en de Wiggel-waggel-wibelbear.

It wie in prachtige moarn, de bern fregen nei ôfrin oft Auck de oare deis wer komme woe ...