Wapper fljocht nei Lyndensteyn

Wapper is net lykas de oaren. Hy fljocht op ’e kop en achterút. Is dat gek? “Nee,” seit ien fan de bern by de foarstelling, “dat is toch ook goed!” Sa’n fjirtich learlingen fan de mytyl- en tyltylskoalle foar spesjaal ûnderwiis op Lyndensteyn yn Beetstersweach ha genoaten fan de foarstelling Wapper fan Yke Reeder en Akke Antje Hettema.

De bern krigen it ferhaal te hearren en Yke en Akke makken der tagelyk in byldzjende útfiering fan.

Wapper is it Aksjeboek foar bern dat Tresoar yn 2016 foar de Berneboeketiid útjûn hat. Yke Reeder hat it ferhaal skreaun en tekene foar jonge bern yn it regulier en spesjaal ûnderwiis. It printeboek sjocht der prachtich út en hat in bysûndere tekst. It giet oer it fûgeltsje Wapper dat krekt wat oars is as de oaren. Syn broerkes en suskes wolle him helpe om lykas harren te fleanen. Se bouwe foar him in fleanopstellaazje of in rjochtwapper of in ûlewapper. Mar as Wapper troch syn omkearde wize fan fleanen oare bisten helpe kin, wurde se jaloersk en wolle se allegear wol wapperjen leare.

Wat in wille om de keunsten fan Wapper en wat in entûsjasme fan de beide spylsters. Troch harren mimyk, muzyk en útbyldzjen ha se kontakt oer en wer mei de bern. Dy libje hielendal mei en ha de grutste wille om de aventoeren fan Wapper en wurden lykas hedenhidskes en ûlewapper. Nei ôfrin wolle se de prachtige fûgels en de fleanopstellaazje graach efkes besjen.

En dan geane de bern sels ek noch oan ’e slach. Mei help fan Yke, Akke Antje en de begeliedsters meitsje se allegear in prachtige Wapper. Se meie grutsk wêze op it resultaat. Alle fûgels  komme yn ’e klasse te hingjen.

De foarstelling Wapper wurdt noch op ferskate oare skoallen foar spesjaal ûnderwiis opfierd, ûnder oaren yn Wolvegea en Dokkum. En it boek is te keap yn de boekhannel. Yke lêst it ferhaal sels ek foar. Sjoch mar op www.youtube.com. Op www.swalk.nl stiet de lesbrief dy’t Akke Antje by it boek skreaun hat. Boppedat is it filmke nijsgjirrich oer hoe’t Yke it printeboek makke hat.