Lesbrief by Wapper

Akke Antje Hettema hat by it printeboek Wapper (Aksjeboek foar bern 2016 fan Yke Reeder) in lesbrief makke dy’t brûkt wurde kin yn it spesjaal basisûnderwiis. Sjoch op http://swalk.nl/index.php/fr/lesbrief.

Yn de lesbrief steane ideeën dy’t maklik oan te passen binne mei wurkblêden op ferskate nivo’s. Sjoch wat past by de doelgroep en by it program. Brûk wat oansprekt en gean kreatyf mei de ideeën om, sadat se gaadlik binne foar de groep.

Wapper fljocht nei Lyndensteyn

Wapper is net lykas de oaren. Hy fljocht op ’e kop en achterút. Is dat gek? “Nee,” seit ien fan de bern by de foarstelling, “dat is toch ook goed!” Sa’n fjirtich learlingen fan de mytyl- en tyltylskoalle foar spesjaal ûnderwiis op Lyndensteyn yn Beetstersweach ha genoaten fan de foarstelling Wapper fan Yke Reeder en Akke Antje Hettema.

De bern krigen it ferhaal te hearren en Yke en Akke makken der tagelyk in byldzjende útfiering fan.

Wapper is it Aksjeboek foar bern dat Tresoar yn 2016 foar de Berneboeketiid útjûn hat. Yke Reeder hat it ferhaal skreaun en tekene foar jonge bern yn it regulier en spesjaal ûnderwiis. It printeboek sjocht der prachtich út en hat in bysûndere tekst. It giet oer it fûgeltsje Wapper dat krekt wat oars is as de oaren. Syn broerkes en suskes wolle him helpe om lykas harren te fleanen. Se bouwe foar him in fleanopstellaazje of in rjochtwapper of in ûlewapper. Mar as Wapper troch syn omkearde wize fan fleanen oare bisten helpe kin, wurde se jaloersk en wolle se allegear wol wapperjen leare.

Lees meer: Wapper fljocht nei Lyndensteyn

Berne- en Jeugdboeketiid 2016

It Aksjeboek foar bern is yn 2016 in printeboek: Wapper.
Yke Reeder betocht it ferhaal oer it fûgeltsje Wapper en makke ek de yllustraasjes. By it skriuwen fan de tekst krige se advys fan Sytse Jansma.

Oer it boek
Wapper is in fûgel dy’t fleanen leare sil.
It giet machtich moai, mar al in bytsje oars as oars.
Dat hinderet neat, want ‘wapperjen is syn talint!

Wapper is in poëtysk printeboek, dat geskikt is foar bern oant en mei groep 4.
Wolle jim mear witte oer it ferhaal? Klik dan hjir en Yke lêst jim sels foar.

Ynspiraasje: Auck Peanstra; foarmjouwing en byldbewurking: Jan Tiemersma.
Mei tank oan Akke Antje Hettema.
It Aksjeboek foar bern is yn de Berneboeketiid fan 9 oant en mei ein septimber te keap foar € 4,95 en jildt dêrnei € 12,50.

Op snein 18 septimber kin fergees reizge wurde op fertoan fan it Aksjeboek foar bern yn de bussen en treinen fan Arriva en Qbuzz yn Fryslân en foar de treinen ek yn Grinslân.

Swalk

Swalk fersoarget yn de Berneboeketiid programs mei berneboekeskriuwers

Yn Gytsjerk mei

Yke Reeder, fan it Aksjeboek foar bern 2016 Wapper en
Joke Scheffer fan Skelte wol in skelter.
Op snein 11 septimber 2016
Yn de biblioteek fan Gytsjerk, Simke Kloostermanstrjitte 6.
Om 15.00 oere. De middei is ek geskikt om mei de (berns-)bern hinne te gean.
Yntree: € 7,50, leden: € 5,00.

Yn Dokkum mei
de jongereinboekeskriuwer Ate Grijpstra.
Syn lêste boek Femke faalt wie nominearre foar de Simke Kloostermanpriis.
Op tongersdei 15 septimber 2016
Yn de biblioteek fan Dokkum, Brokmui 62
Om 20.00 oere, yntree: leden € 5,00; net-leden € 7,50

Yn Mantgum
mei de berneboekeskriuwster Janneke de Boer (ek bekend as sjoernaliste foar Op ‘e Skille) en keunstneresse Tsjimk Scarse (berne yn Mantgum). Sy sil in kolleksje fan har tekenwurk meinimme en dêr wat oer fertelle en ûnder de foarstelling in tekening fan de jûn meitsje.
Op sneon 17 septimber 2016
Yn mfc Wjukken, Om ’e Terp 21, Mantgum
Om 20.30 oere, yntree: € 5,00

Yn Feanwâlden
mei de beide skriuwsters fan it Kadoboek Neiskrift: Marga Claus en Aggie van der Meer en Yke Reeder. Yke skreau en yllustrearre it Aksjeboek foar bern Wapper, oer in bysûnder fûgeltsje.
Op snein 18 septimber 2016
Yn De Schierstins, Haadstrjitte 1, Feanwâlden
Om 15.00 oere. De middei is ek geskikt om mei de (berns-)bern hinne te gean.
Tagong fergees op fertoan fan Kadoboek of Aksjeboek foar Bern

Skriuwersprograms yn de Berne- en Jeugdboeketiid 2016

Janneke de Boer

Mei in ferline as aktiviteitebegeliedster yn ûnder oaren de berne-opfang bringt de skriuwster jim in protte kreativiteit. Oft it no oer takomstdreamen giet of oer it ûntdekken fan je eigen kwaliteiten; mei it skoalprogram fan har kinne je alle kanten op.

De mooglikheden:

Frysk foarlêze
Kreatyf skriuwe
Fantasijryk nifelje
Grappich rymje
Op aventoer yn de skoalbiblioteek

 Oandachtspunten:

  • Selsbetrouwen
  • Frysk (prate, skriuwe, lêze)
  • Talinten ûntdekke
  • Lykweardigens
  • Brûk dyn fantasij!

Koartsein, mei Janneke’s skoalprogram is fan alles mooglik. Gjin wizend fingerke, skriuwflaters binne tastien en gjin dream is te gek! De skriuwster komt graach op skoalle om yn de Fryske les te fertellen, foarlêzen, lústerjen en dwaan. Eventueel kin der yn oerlis in tema útsocht wurde, passend by bygelyks de Berneboeketiid of by in program op skoalle.

Rôversguod

,,Letter, at ik grut bin, wol ik in boek skriuwe," wie ien fan Janneke’s dreamen.
As moderne jobhopper tusken jierkontrakten lei dat lang net sa foar de hân. Mar har motto 'as je mar wille yn je wurk hawwe' smyt de skriuwster sa wol in skat oan ûnderfining op, wat wer garant stiet foar nij ynsjoch. De dream dêr't we it niis oer hiene, is dit jier útkommen: In modern mearke dat de jonge lêzer mei op reis nimt by fertriet en ûnferwachte freonskip lâns. Oan ’e hân fan dit boek besprekke de bern mei Janneke it ûnderwerp narjen, fertriet mar benammen ek gelok. Wat makket dy lokkich? Wat hast nedich om lokkich te wurden? Hoe makkesto in oar lokkich? Wat is gelok eins?

As tarieding op in besite fan Janneke kinne jim mei de klasse it boek Rôversguod (ISBN 978-94-91536-37-3) lêze, eventueel oanfolje mei praatkaarten. Dizze lessuggestjes binne yn ‘t foar op te freegjen fia Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. .

Doelgroep: De groepen 4, 5, 6, 7 en 8 fan de basisskoalle
Beskikberens: yn oerlis op moandei, woansdei of freed
Kontakt: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
Priis 2016: In skoalbesite fan Janneke kostet €65,- yn ’t oere (eksklusyf BTW & eksklusyf reiskosten & eksklusyf eventueel knutselmateriaal)
In oerke is samar foarby, it is dan ek oan te rieden om mear dan ien besite te boeken.

 

Geartsje Douma

Geartsje Douma is learkrêft oan in basis-skoalle yn de Pein. Op skoalle, mar ek yn har frije tiid, nifelt se graach en is se in soad mei muzyk dwaande.
Se makket graach berneferskes. Har earste ferskebondel, Deuntsjes foar dy, yn gearwurking mei Hindrik van der Meer, ferskynde yn 2000. Sûnt dy tiid hat se in protte ferskes makke foar it Tomke projekt. Derneist skriuwt se ek gedichtsjes en boekjes op rym. Yn it bondeltsje Tûzenpoatsjes steane fingerspultsjes, gedichtsjes en opsisferskes oer in grut ferkaad oan tema’s.

Geartsje hat in program foar pjutten en groep 1 o/m 4.
Geartsje slút oan by it tema fan de Berneboeketiid (Foar altyd jong) Pake en beppe’.

Se hat in program oer:

  • Pake- en beppedei
  • Nei pake en beppe ta
  • Mei pake en beppe fuort

Op fersyk fan skoallen en pjutteboartersplakken kin der ek in oar tema sintraal stean. Geartsje komt del mei in koffer fol materiaal: in keyboard, allerhanne muzykynstrumintsjes, poppen en bisten. Se sjongt en makket muzyk mei de bern, lêst rymkes, gedichtsjes en ferhaaltsjes foar en spilet se út mei de bern. Op fersyk kin der in bypassend nifelwurkje makke wurde.

Beskikber yn oerlis op woansdei en tongersdei.
Kosten: € 50,00 it program (eksklusyf reiskosten).
Mear ynformaasje:

  • www.geartsjedouma.nl
  • fia de e-mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
  • www.itfryskeberneboek.nl by berneboekeskriuwers

 

Lida Dykstra

Lida Dykstra hat sa stadichoan in aardich oeuvre opboud, yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Se skriuwt foar alle leeftiden. Foar jonge bern skriuwt se boeken mei rymkes, printeboeken en foarlêsboeken, foar âldere bern hellet se har ûnderwerpen graach út ’e (keunst)skiednis. Se hat twa kear de ‘Simke Kloostermanpriis’ wûn en twa kear in ‘Vlag en Wimpel’ fan de Griffelsjuery. Sy is ek as Skoalskriuwer aktyf. Yn gastlessen giet se dêrfoar op in skoalle wykliks mei de bern oan ’e slach om lêsplezier, wurdskat- en kreativiteit fan de bern te befoarderjen.

Foar de ûnderbou: Pake is de bêste!
Lida lêst guon fan har printeboeken foar, mar giet der ek mei oan ’e slach. Nei oanlieding fan Tsien lytse hekskes kin se bygelyks mei de bern in toanielstikje meitsje. Mar in printeboek kin ek it startpunt wêze foar in in ferske of in petear oer de plaatsjes en de Fryske wurden. De boeken Pake past op Dideldeintsje en Kiki fangt in pakeslute perfekt oan op it tema fan de Berneboeketiid (Foar altyd jong) Pake en beppe.
Yn dit oerke fol fertel- praat- en foarlêswille hoecht net ien lang stil te sitten!

Foar de midden- en boppebou: F4 (fertelle, foarlêze, fragen en fantasearje)
Lida lêst ferhalen út har boeken foar, bygelyks út Kiki fangt in pake, De ridder fan Oei, De blauwe jonge en Verhalen voor de vossenbroertjes. (dy’t allegear oanslute op it tema fan de Berneboeketiid).
Lida biedt in ôfwikseljend oerke oan, fol fertellen en foarlêzen. Fansels meie de bern har fragen stelle.
Sy kin ek mei de bern oan ’e slach gean om bygelyks meiïnoar in rap fan in gedicht te meitsjen of in ferhaal te betinken, dat fuortdaalk op it digiboerd stal krijt. Of miskien wol in wurdentekening. Want as ien fan de Fryske Skoalskriuwers hat se in grut skala oan riedsels, taalspultsjes en wurkopdrachten paraat, sadat (yn oerlis) de bern sels aktyf meidwaan kinne.

In oersjoch fan alle boektitels fan de skriuwster is te finen op: www.lidadijkstra.nl 
Op de site steane ek kleurplaten dy’t sa útprinte wurde kinne.

In skoallebesite kostet € 100,- yn ’e oere (ynkl. reiskosten)
Boekings: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. . Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. (JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken). 
Mear ynformaasje op: www.lidadijkstra.nl en www.itfryskeberneboek.nl by Berneboekeskriuwers
Lida is ek te finen op Facebook en Twitter.

 

Riemkje Pitstra

Feest mei Tomke!
Doelgroep: pjutten en bern fan groep 1 (2)

Ynhâld fan it program
Der is wol gauris in feestje te fieren! Dêr spilet dit programma op yn (jierdei fan de bern, fan in liedster, in learkrêft, in skoalfeestje). De oanlieding wurdt hieltyd oanpast.

It program
In clown sil nei it feestje fan Tomke. Mar hy is sa hastich dat er de ferkearde tas mei nimt! Der sit hiel wat oars yn. Gjin klean fan in clown! Tomke fynt dat net leuk. Kornelia, Romke en Tomke helpe de clown. Se kinne goed sykje en fine de tas. De clown lûkt stadich syn feestklean oan. It feest kin begjinne.
Mar der lizze net allinne klean yn de tas! De tas sit fol mei nijsgjirrige feestdingen. Mar net allinne mei feestdingen. Hoe kin dat?

Aktiviteiten oanpast oan de leeftyd fan de bern

  • It ferhaal wurdt ferteld mei help fan de poppen Tomke, Romke en Kornelia;
  • De clownsjas en de tas soargje foar ferrassings;
  • Tomke hellet dingen út de tas en de bern meie helpe;
  • De dingen jouwe oanlieding ta: bewegings, opsisferskes, lietsjes, grapkes;
  • De bern meie bewege op muzyk en sels muzyk meitsje;
  • Se krije it ferhaaltsje mei nei hûs mei in tekening fan Tomke as clown. Mar… op dy tekening ûntbrekt wat!    

Utfiering: Riemkje Pitstra, ien fan de skriuwsters fan de ferhalen oer Tomke.
Tiid en lingte fan it programma kin yn oerlis. It is ôfhinklik fan wat de bern oankinne.
De ativiteiten kinne gewoan yn de groep plak fine.
Priis: € 50,00 ynklusyf reiskosten
Kontakt: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
Mear ynformaasje op www.itfryskeberneboek by berneboekeskriuwers
N.B. novimber en desimber 2016 net beskikber.

 

Mindert Wijnstra

Kom op ferhaal

Skriuwer/ferhaleferteller Mindert Wijnstra komt mei in tal bysûndere ferhalen op skoalle. Foar de bern betsjut dat in oerke aktyf harkje, want de ferteller nimt se mei yn de wrâld fan de ferbylding. Hy fertelt spannende en fleurige ferhalen foar lyts en grut. Op fersyk slút er oan by it tema fan de Berneboeketiid Foar altyd jong.

Beskikber: it hiele jier troch.
Fergoeding (ynkl. Reiskosten): € 100,--  

Op deselde kondysjes:
Foar skoallen dy’t it tema oarloch of diskriminaasje op it programma stean ha, of dy’t wat dwaan wolle oan de betinking fan de Twadde Wrâldoarloch, hat Mindert Wijnstra in hiel spesjale foarstelling foar de groepen 7 en 8:

De dei dat Tommy trije waard

It is it ferhaal fan Tommy Fritta dy’t tegearre mei syn âlders opsletten wurdt yn in konsintraasjekamp. Foar syn tredde jierdei tekenet de heit, Bedrich Fritta, in boek foar him. In printeboek oer hoe’t de wrâld fan in lyts jonkje derút sjen soe as it gjin oarloch wie.
De âlders fan Tommy hawwe de oarloch net oerlibbe, it boek wol. Nei de oarloch dûkt it op út in geheim berchplak.
Oan ’e hân fan de orizjinele tekeningen út it printeboek fertelt Mindert Wijnstra it oangripende ferhaal fan in bern yn in kamp fol ellinde. Troch de luchtige tekeningen wurdt it ferhaal net leadswier en einiget it fol hoop en fertrouwen op in bettere wrâld.

Mear ynformaasje op www.itfryskeberneboek.nl by berneboekeskriuwers en op www.mindertwijnstra.nl.