Schotanus, Jan

Jan SchotanusJan Schotanus skriuwt meast foar bern fan sa’n njoggen jier ôf. Doe’t er noch foar de klasse stie helle er de ûnderwerpen foar syn boeken faak út ferhalen, dy’t de bern op skoalle fertelden. Hjoeddedei komt er se ek tsjin yn kranten of tydskriften. It binne meast spannende boeken mei in miks fan aventoer, skiednis en science fiction.

Lees meer: Schotanus, Jan

Tjerkstra, Willem

Willem Tjerkstra is op 15 augustus 1943 berne op It Heidenskip, op it skûtsje De twee gebroeders. Op syn 10e ferhuze er nei Terherne. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer. Oan't 1989 wie er aktyf as direkteur/ûnderwizer; it langst stie er oan basisskoalle De Ark yn Snits. Yn 1989 kaam er yn tsjinst fan It Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding Fryslân yn Ljouwert, dêr't er him ta lei op it skriuwen fan Frysk lesmateriaal en fierder einredakteur wie fan Byntwurk en stikken levere oan de learlingeblêden Sjedêrrr!!! en De Holder.

Lees meer: Tjerkstra, Willem

Veer, Akky van der

Akky van der Veer is berne yn Moarmwâld, dêr hat se ek it grutste part fan har jeugd trochbrocht. Doe't se fjirtjin jier âld wie, krige se t.b.c. en waard opnommen yn sanatoarium Sonnevanck te Hurderwyk. Se hat dêr oardeljier 'kuerd', yn dy tiid hat se in soad lêzen en skreau se har earste, Nederlânsktalige ferhaaltsjes.

Lees meer: Veer, Akky van der

Verroen, Dolf

Dolf Verroen waard yn 1928 berne yn Delft, mar wennet al hiel lang yn Sint Nyk.
Tusken syn fjirtjinde en fyftjinde skreau er syn earste boek, dat yn 1958 pas útkaam. Letter waard it ferskate kearen werprinte mei as titel Paarden, van die enge grote.
Fan 1955 ôf, doe’t syn dichtbundel In los verband, mei tekeningen fan Miep de Leeuwe en Willy Rieser útkaam, wie Dolf skriuwer.

Lees meer: Verroen, Dolf

Visser-Bakker Jant

Jant Bakker ( kkrum, 12 maaie 1906 - Ljouwert, 9 july 1992) groeide op yn Akkrum. Se hat har bernejierren yn Akkrum letter beskreaun yn it yn 1991 ferskynde boek It doarp fan Anne.

Nei har oplieding oan de kweekskoalle op It Hearrenfean krige se in baan oan de iepenbiere legere skoalle fan Wikel. Letter stie se foar de klasse yn it Noard-Hollânske Krommenie. Se skreau stikjes foar bern yn Sljucht en Rjucht en yn it bernekrantsje fan De Proletarische Vrouw. Se skreau yn it Hollânsk, want Frysk skriuwe hie se noch net yn 'e macht. Omdat se it Frysk skriuwen wol graach better leare woe, gong se werom nei Fryslân, nei Eastermar.

Lees meer: Visser-Bakker Jant

Wadman, Thys

Thys Wadman

Thys Wadman wurket (al hiel lang) yn it basisûnderwiis.
In jier as wat lyn is er begûn mei it skriuwen fan ferhalen.
Dy ferhalen binne bondele yn it boek De Oerwinnings Fan Tido Houtsma, dat yn 2010 ferskynd is. De ferhalen út dat boek binne geskikt foar de heechste groepen fan de basisskoalle, mar kinne ek goed brûkt wurde yn de ûnderbou fan it foartset ûnderwiis.

Lees meer: Wadman, Thys

Weg van der, Jant

Persoanlike gegevens

Jant van der Weg-Laverman is berne op 12 oktber 1939 yn Ljouwert. Sy folge de kweekskoalle yn Snits en wurke nei it heljen fan it folsleine foech fjouwer jier yn it spesjaal ûnderwiis. Dêr krige se ûntslach ‘vanwege huwelijk’ en sa krige se romte om fierder te studearjen mei as risseltaat in promoasje op in ûndersyk nei Fryske bernepoëzy yn de 20ste ieu.

Lees meer: Weg van der, Jant

Wijnstra, Mindert

Mindert Wijnstra is op âldjiersdei 1945 berne te Lippenhuzen. Oan de kweekskoalle yn Drachten folge er de oplieding ta ûnderwizer, mar hy kaam foarearst net foar de klas te stean  Nei syn oplieding koe er oan 'e slach by it jeugd- en foarmingswurk yn Stiens. Dêr hat er fjouwer jier wurke. Doe krige er in beneaming as haad fan de ienmansskoalle te Warns, op dat stuit in skoalle mei tsien learlingen. Letter woeks dat tal oan, der kamen mear learlingen en inkelde kollega's by.

Lees meer: Wijnstra, Mindert

Wytsma, Baukje

Baukje Wytsma  is yn 1946 berne yn Reduzum. Nei har oplieding oan de PABO folge se in post HBU oplieding foar de sjoernalistyk.
Har earste wurk bestie út bernepoëzij en ferskynde yn 1976 yn de bondel Romke Timen Tomke. De ferskes ûntstienen neist har wurk as skoaljuffer. Se skreau ek berneboeken en die mei oan bernefoarstellingen en wie jierrenlang redaksjelid fan it  Frysk kultureel blêd De Strikel. Yn har dichtwurk komme de grutte tema’s yn de poëzij oan de oarder lykas leafde, dea, fergonklikens en de ivige striid tusken dream en realiteit. Yn 2006 skreau se it Boekewikepresint De Stien tegearre mei Sjoerd Bottema.

 

Njonken it skriuwen fan poëzij en berneboeken makket Baukje Wytsma, dy’t ek as sjoernaliste wurket, yn opdracht fan tal fan Fryske sjongers lietteksten foar cd’s en teaterprogramma’s. Ek foar kabaretselskip It Wâld hat se skreaun. Lietteksten hat se skreaun foar û.o. Anneke Douma, Frederike Kleefstra, Inez Timmer, Roel Slofstra, Douwe Heeringa en Albert Bonnema.

Boppedat wie se belutsen by eveneminten as Simmer 2000: Se is de tekstdichter van het Simmer 2000-liet dat songen waard troch Maaike Schuurmans, Rients Gratama, Piter Wilkens en Syb van der Ploeg. Ek wie se aktyf by it evenemint om de PC yn Frjentsjer hinne en siet se yn de redaksje fan it standertwurk oer 150 jier PC: De fiifde woansdei. Yn gearwurking mei teatermakkers BUOG kamen produksjes as Sirkus Mouw en Tetman State ta stân. Yn 2007 krige Baukje Wytsma foar de Fryske kultuerpriis de Friese Anjer.

Persoanlike gegevens

Namme: Baukje Wytsma
Bertedatum: 1 april 1946
Boargerlike stân: net troud
Oplieding: PABU/post HBU sjoernalistyk
Berop: skriuwster/sjoernaliste
Wurk: auteur/ projektkoördinator Afûk/freelance tekstskriuwster

Wêrom skriuwst berneboeken?
Njonken myn wurk as dichteres en tekstskriuwster foar grutte minsken fyn ik it ek hiel moai wurk om berneboeken te skriuwen. Ik hâld fan ôfwikseling. Ek it sjoernalistike wurk mei ik graach dwaan. It wurkjen oan berneboeken doch ik graach om’t ik der in protte fantasy en humor yn kwyt kin. Troch it skriuwen fan berneboeken bliuw ik op de hichte fan wat de bern fan dizze tiid dwaande hâldt en dat is in hiele protte! 

Wêrom skriuwst yn ’t Frysk?
Dat is net sa´n drege fraach, it is ommers myn memmetaal. In moaie taal dêr´t ik noch lang net op útsjoen bin.

Hoe komst oan de ûnderwerpen?
Skriuwe is foar in grut part hearre en sjen. De earen en eagen wiid iepen hâlde. It nijs leit op ´e dyk, sizze se wolris, de ûnderwerpen om oer te skriuwen ek.

Fynst de tekeningen belangryk?
Fansels, yllustraasjes binne o sa wichtich yn bernebeoeken. Se lûke de lêzers om sa mar te sizzen it boek yn. Se meitsje nijsgjirrich, se ferrasse, se soargje foar in nije wize fan sjen nei de dingen. Skriuwer en yllustrator moatte mekoar wol fine kinne by it meitsjen fan in boek. As dat slagget, dan is it in feest!

Wat fynst it moaiste boek datst skreaun hast?
As it oer boeken giet tink ik noait sa yn termen fan moaiste, bêste, leafste ensafuorthinne want elts boek is in belevenis op himsels. Miskien is it moaiste boek altyd wol it boek dat noch net skreaun is, dêrst oer tinkst, oer dreamst. It earste boek is wol in bysûndere erfaring, dan is it ynienen allegear hiel echt.

Hoefolle berneboeken hast skreaun?
Allinnich en mei oaren ha ik sa ´n tweintich berneboeken skreaun

  • 1976 : bernepoëzij yn de bondel Romke Timen Tomke (Friese Pers Boekerij)
  • 1978 : De rare richelroek (Friese Pers Boekerij)
  • 1981 : De groetnis fan Anne (Friese Pers Boekerij)
  • 1982 : Flintertútsjes (Friese Pers Boekerij)
  • 1985 : Patat Spesjaal, mei oare Fryske skriuwers (Friese Pers Boekerij)
  • 1987 : Heechterp en it geheim fan de stien, mei oare Fryske skriuwers (Friese Pers Boekerij)
  • (trije boeken yn de rige oer de singeliere boekferkeapster frou Hilarides út Poppenhuzen dy’t skreaun waarden mei Akky van der Veer. De muzyk by de ferskes waard makke troch Jaap Oosterwijk. By dizze rige berneboeken hearde in grut tal teaterfoarstellings op Fryske basisskoallen dy’t troch de beide skriuwsters en Jaap Oosterwijk spile waarden.)
  • 1987 : Disse en Jinge en frou Hilarides (Aksjeboek foar bern fan St. It Fryske Boek)
  • 1988 : Frou Hilarides en it museum foar moderne keunsten (Aksjeboek foar bern fan St. It Fryske Boek)
  • 1989 : De saak Hilarides (Aksjeboek foar bern fan St. It Fryske Boek)
  • 1990 : Omke Siger is in liger (Aksjeboek foar bern St. It Fryske Boek)
  • 1994 : Buorfrou Flap hat grutte earen (Friese Pers Boekerij)
  • 1997 : It swurd fan Lytse Pier (Aksjeboek foar bern 1997) mei Akky van der Veer (Friese Pers Boekerij)
  • 1998 : Kadootsje yn papier, in ferskesboek foar beukers (Afûk)
    (It boek wie ûnderdiel fan it twajierlikse skoalleradio en -televyzjeprogram fan Omrop Fryslân dêr’t Baukje Wytsma de teksten foar skreau. By it projekt hearde de teaterfoarstelling Prinses Jurkje en de begeliedene cd Kadootsje yn papier)
  • 1999 : Samar foetsy (Friese Pers Boekerij)
  • 2000 : Lokaal 13, in dichtbondel foar de jongerein fan de middelbere skoallen (Afûk)
  • 2004 : De blauwe loftfyts (8 oant 12 jier) Afûk
  • 2006 : Dûnsje op in hynstekont
  • 2009 : Pasta, pizza & patat
  • 2009 : Koesboek
  • 2012 : Snot en triennen

Musikals en muzykteksten:
Baukje Wytsma skriuwt ek in soad muzyk- en kabaretteksten en lieten foar koaren. It begûn mei bernemusikals.

  • 1981 : De letterfretter  en (1983).
  • 1983 : Romkje Roekenêst
  • In protte bekendheid krige it muzyk-edukatyf projekt foar it basisûnderwiis Villa Aria  yn de jierren 1987, 1988 en 1989. It wie in muzykprojekt fan Omrop Fryslân yn gearwurking mei Tryater en it Frysk Orkest
  • Yn 2002 waard de musikal Tritichtûzen doazen opfierd. Dêr hearde ek in cd by. De musikal skriuw Baukje yn gearwurking mei Peter Sijbenga

Hast dêr ek prizen mei wûn?
Lokaal 13, in dichtbondel foar jongeren, hat yn 2004 op de IBBY-Honourlist stien. Foar dat boek ha ik in Certificate of Honour krigen. IBBY is in ynternasjonale organisaasje dy ´t as doel hat om it skriuwen fan goede berneboeken te stimulearjen, mei troch it op grutte skaal fersprieden dêrfan. Der binne goed 60 lannen by dy organisaasje oansletten.
Op it IBBY-kongres yn Kaapstad binne yn 2004 de prizen útrikt, oan winnende auteurs, yllustratoaren en oersetters.

Hast ek (oare) hobby’s?
Ik wurkje graach yn de tún, ik rin hast alle dagen sa’n oardeloere yn de natoer en fyn it gesellich mei de hiele famylje te iten te drinken en wat by te praten. Tennis is myn sport en ik skilderje en lês ek hiel graach. Fierder bin ik gek op rommelmerken, feilingen, fjurkestoken en datsoarte fan rare saken.

Efkes lêze?

Ut: De Blauwe loftfyts (in fragmint út it ferhaal Susters)

'Muoike Oantsje hat in einepoepertsje.
In moai rûn skommelpoepertsje.
Swi-swa-swaaibillen.
Alles oan muoike Oantsje is rûn, har earmen, har holle, har búk en har skonken.
'Toe ju, gean ris oan de kant mei dyn einekont’, seit tante Intsje, as muoike Oantsje yn  ‘e keuken breedút foar de kuolkast stiet om in lekker stikje droege woarst.
'Bist wer oan it slinen?
Noch efkes en ik kin dy troch de foardoar nei bûten rôlje.’
Muoike Oantsje grommelt wat, mar giet gjin milimeter oan  ‘e kant.
Se pakt it einstje woarst en stekt it triomfantlik yn de mûle.
'Mmmmmmmm… lekker', smakke har lippen!

Oantsje en Intsje binne susters, de iene dik, de oare tin.
'Tinne Intsje Skarrelhintsje’, seit muoike Oantsje as sy lulk is op har suster.
'Ik kin dy wol troch it kaaisgat blaze.
Tink der mar om mei dyn praatsjes...
Ast net ophâldst, dan gean ik op dy sitten!’
'Poeh', seit tante Intsje en se stapt mei har noas yn de loft ta de keuken út.

Links? (byg. resinsjes en wêr’t dy te finen binne)
Ik soe sizze typ myn namme mar yn by Google of sa.