Boer, Helena de

Helena is berne yn Snits (16 febrewaris 1962). Se is in Nederlânske keunstneres en skriuwster. Se makke de Frysktalige televyzjerige foar bern: Bear Boeloe, dy't sûnt 1995 op Omrop Fryslân te sjen is. Ferskate ôfleverings binne ek yn boekfoarm ferskynd, yllustrearre troch Helena sels.

Namme:              Helena Bonita de Boer
Bertedatum:        16 febrewaris 1962 te Snits
Oplieding:            Akademy foar Bydzjende keunst Vredeman de Vries
Wurk:                 Yllustraasjes en tekst Bear Boeloe by Omrop Fryslân tv
                          Fierder yn opdracht foar dizze en jinge
Berop:                 Byldzjend keunstner. Jout lessen yn tekenjen/skilderjen
Boargerlike stân:   Byelkoar wenjend

Oer it skriuwen
Hoe lang?                 
Ik skriuw Bear Boeloe-ferhalen sûnt 1994 foar de tv.
Leeftyd?                    
Eins skriuw ik foar wa’t lêze wol, mar as it moat, foar bern fan 3 oant likernôch 7 jier.
Ek foar folwoeksenen?              
Nee.
Ûnderwerpen?                              
Oer it (myn) libben sels, dus autobiografysk.
Hobby’s?                                        
Ik haw gjin echte hobby’s, mar ik bin wol in bisteleafhawwer.
Miskien is myn wurk myn grutste hobby.
Hoe’t ik skriuw?                            
Foar de tv wurkje is oars as foar in boek. Ek om’t ik foar in boek meast útgean fan in âld ferhaal dat earder al foar de tv brûkt is.
Foar de tv giet it sa:

Ik ha in idee yn ‘e holle, skriuw dat op, begjin te tekenjen en skriuw letter it ferhaal út.
Foar in boek:

Ik nim in âld tv-ferhaal, beskriuw it foar in boek en meitsje dêr letter tekeningen by dy’t ôfstimd binne op it ferhaal op elke side.
Hoe lang ik oer in boek doch?
Dat hinget fan it tal siden ôf en ek fan hoe drok ik it ha mei oare dingen. Soms in heal jier, soms noch langer.
Myn moaiste boek?                     
Dat is meast it nijste, mar myn earste boek hat in waarm plakje.
Takomst?                                       
Yn ‘e takomst wol ik skriuwe oer wat der noch te skriuwen falt en ik leau dat ik dêr net tefolle oer sizze moat om it net te bedjerren foar mysels.
Taal?                                               
Ik skriuw yn it Frysk.
Wêr’t ik mei skriuw?                    
Ik brûk foar de tv de pinne en foar in boek beide.
Yllustraasjes?                               
Somtiden jout de yllustraasje antwurd op de tekst, soms seit de tekst wat de plaatsjes ek sizze, soms is de tekst serieuzer dan it plaatsje.
Fertsjinje?                                      
Mei myn tv-wurk en myn boeken fertsjinje ik in part fan myn ynkommen.

Fragmint út Fûgeltsje
Op 'e Hellingpits fan Omke Willem binne altyd sike fûgels útfanhûs. Oant se wer better binne fansels, want fûgels hearre yn'e loft. Guon sitte dêr mei brutsene poatsjes, sloppe wjukjes of seare snaffels. Oaren hawwe pine yn'e holle of binne ferkâlden. Se sjogge har de eagen út!’