Douma, Geartsje

Geartsje Douma waard berne op 29 febrewaris 1956 yn Heech, mar is opgroeid yn De Pein. Se wennet dêr net mear, mar wurket dêr sûnt 1989 as learkrêft oan de KBS ‘It Maitiidslibben’.
Geartsje hâldt in soad fan muzyk en skriuwt ferskes foar bern. Ek skriuwt se opsisferskes en ferhaleboekjes foar jonge bern.

 

Hoe bisto ta it skriuwen fan lietsjes kaam?

Yn De Pein bin ik opgroeid mei myn twa âldere suskes, yn in húshâlding dêr’t alle dagen songen en muzyk makke waard.
Alle trije bern songen yn in bernekoar, krigen blokfluitles, oargelles en learden in blaasynstrumint te bespyljen.
Doe’t ik as bern blokfluitles hie moast ik sels wolris in ferske meitsje en dat gong my hiel maklik ôf.
Ik boarte graach mei taal en wyskes. Se kamen fansels yn my op.
Us heit koe moai fertelle en mem lies faak boekjes foar en learde ús opsisferskes.

As famke fan seis jier wûn ik in priis op in foardrachtskriich en dêr krige ik myn earste Fryske berneboekje, Krommelomke, skreaun troch Dieuwke Winsemius.
Ik lies hiel graach en ferslynde lêsboeken, doe allinnich yn it hollânsk.
Op skoalle learden wy gjin Frysk, mar yn de heechste klassen learden wy wol ferskate opsisferskes út Tutte mei de linten fan Diet Huber.
Sa ûnstie fansels myn leafde foar taal en muzyk.

Doe’t ik op de opliedingsskoalle foar beukerliedsters siet, hie ik wer mei Frysk lêzen te krijen en ûntduts ik hoe natuerlik en fertroud dat foar my wie.
Op dy skoalle moasten wy ús ferdjipje yn berneferskes en sels ek guon meitsje.
Sa krige ik de smaak te pakken, it gong fansels en ik makke 29 Hollânske- en ien Frysk berneferske.
Der waard my oanret om se te publisearjen, mar dêr wie’k doe noch fierste beskieden foar.
Earst nei  tweintich jier, doe’t ik myn wurk as learkrêft wer oppakte, bin ik opnij begûn mei it meitsjen fan berneferskes, mar doe yn myn memmetaal.
Ik socht kontakt mei Hindrik van der Meer.  Yn gearwurking mei him  is doe fan ús tegearre de bondel Deuntsjes foar Dy (mei cd’s) ûntstien.
Ik skriuw yn it Frysk om’t it myn memmetaal is, mar ek om’t ik myn stientsje bydrage wol oan it ynstân hâlden fan de Fryske taal. As je Frysk prate, moatte je ek yn ’t Frysk sjonge kinne, fyn ik.

Skriuwst en publisearrest ek noch oare dingen, lykas ferhalen en gedichten?
Ik skriuw ek ferhaaltsjes en gedichtsjes, mar oant no ta allinne foar bern.

Oersjoch fan berneboekjes en opsisferskes:

2003:   Tûzenpoatsjes: opsisferskes foar pjutten en beukers, Bornmeer
2004:   Opsisferskes yn Dit bin ik en dit bisto: opsisferskes foar pjutten, AFUK
2004:   Opsisferskes yn Fiif dogeneaten yn in sok: opsisferskes foar pjutten, Friese Pers Boekerij
2004    Skrikkeldei: gedicht yn de  Fryske Berneboekekalinder 2004, It Fryske Berneboek
2004:   Feest foar Wemke: printeboekje op rym, Bornmeer
2005:   In broerke foar Wemke: printeboekje op rym, Bornmeer
2007:   It nifelboek fan Wemke: boek mei nifelwurkjes, ferhaaltsjes en gedichtsjes foar pjutten en beukers, Bornmeer
2008:   Lietsjes en opsisferskes yn it Tomke Jierboek: ferskes en opsisferskes, AFUK
2008:   Lietsjes foar Studio F: Fryske  Taalmetoade, Cedin/AFUK
2008:   Tomke nei de bisten: printeboekje op rym 2+, AFUK
2009:   Tomke nei dokter: printeboekje op rym 2+, AFUK
2009:   Lietsjes, opsisferske en ferhaaltsje yn it Tomke Fakânsjeboek, AFUK
2010    Tomke nei de toskedokter: printeboekje op rym 2+, AFUK
2001-2012: Lietsjes en opsisferskes foar de Tomke-boekjes dy’t jierliks fergees weijûn wurde

Oersjoch fan lieten en ferskeboeken:

2000:   Lietsjes yn Deuntsjes foar dy: 106 bernelietsjes foar bern fan 2-10 jier y.g.m. mei Hindrik v.d. Meer, AFUK
2002:   Sjongersfeest: gebedsjes en lietsjes by de kristlike feestdagen, KFFB
2003:   Bewegingsspultsjes yn Kom mar yn ’e rûnte , GCO
2004:   It skoalorkest: liet foar  Rymposter 2004, It Fryske Berneboek/Bibliotheekservice Fryslân
2004:   Lietsjes yn Tomke en de moanne: brosjuere voor de Nationale Voorleesdagen, Bibliotheekservice Fryslân
2005:   Lietsjes yn Wat no Tomke? brosjuere  voor  de Nationale Voorleesdagen Bibliotheekservice Fryslân
2005:   It FFF liet: liet foar it Frysk Fertel- en Foarlêsfestival
2006:   Lieten
foar it Harkboek Tomke yn de bistetún
2008:   Lietsjes en opsisferskes yn it  Tomke Jierboek,  AFUK
2008:   Lieten yn Tusken rein en sinne: lieten foar thús, skoalle en tsjerke , AFUK/KFS

Oersjoch fan cd’s en lieten op cd:

1998:   Lietsjes yn Getetter yn de earen:  lieten fan 25 jier Fryske skoalleradio en -televyzje GCO/Omrop Fryslân
2001:   Lietsjes yn Deuntsjes foar dy, cd 1 en cd 2 mei Hindrik van der Meer - Marista
2003:  Lietsjes yn Tomke Winterboek: ferskes foar bern fan 2 – 5 jier, AFUK
2003:   Lietsjes yn Hoe?Sa?:  lietsjes fan radioprogramma’s
2005:   Lietsjes yn Sân-glês-rige: Cedin/Partoer/AFUK
2008:   Lieten yn Tusken rein en sinne: lieten foar thús, skoalle en tsjerke AFUK/KFS
2009:   Liet yn Smûzje: lieten fan 10 jier rymposters, Windrose Music
2009:   Lietsjes yn Spultsjes: (cd-rom) foar poppen en pjutten, AFUK
2012:   Liet yn Tomke- ferskes fan de Tomke foarstellings, AFUK

Oersjoch fan DVD’s

2008: lietsjes yn Lytskes: lietsjes mei bylden foar poppen en pjutten, AFUK
2011: ferhaaltsje yn Tomkeferhaaltsjes mei bylden , AFUK

Oersjoch fan Krystspultsjes

2004:  Op reis naar Bethlehem: kerstspel voor school en kerk–     oersetting yn it Hollânsk  Uit bundel: Maak plaats voor de koning - NZV Amersfoort
2007:   Goed Nijs: krystspultsje foar bern fan 4-12, Cedin
2007:   Nei Betlehim: krystspultsje foar bern fan 4-12, Cedin

Wat is it gefolch fan al dyn skriuwaktiviteiten, lykas presintaasjes, foarlêsbyienkomsten en soksawat?

Neist myn wurk as learkrêft, dat fjouwer wurkdagen yn beslach nimt, jou ik sa no en dan presintaasjes en wurkwinkels en wurkje ik wolris mei oan âlderjûnen en aktiviteiten foar bern.

Hast ek noch wat bysûnders te fertellen?
Omdat ik op 29 febrewaris berne bin, bin ik ien fan de jongste skriuwers.
Dêr ha ’k alris in gedichtsje oer skreaun.

Skrikkeldei

Hast alle jierren rop ik lilk:
‘myn jierdei, wol blinder!
stiet foar de safolste kear
wer net op de kalinder!’

Mar as it wat saksearre is
en ik wer laitsj’ en sjong,
tink ik, wat kin ’t my skele,
ìk bliuw langer jong!

Mei ien jier gong ik al nei skoalle,
mei fiif jier wie ‘k al juf, echt wier!
As myn freonen tachtich binne,
bin ik noch mar tweintich jier.

Dat is dochs wol hiel bysûnder.
Wa docht my dat nei?
Dat kin allinne mar in minske
dy’t berne is op skrikkeldei.