Braaksma, Machiel

Machiel Braaksma is berne yn Bartlehiem (21-1-1959). Hy folge fan 1975 oant 1979de MTS Schildersschool yn Zwolle. Dêrnei oant 1984 de Kunstacademie CABK te Kampen en yn 1984 de Accademia di Belle Arti di Brera yn Milaan. Machiel Braaksma is wurksum as byldzjend keunstner, skriuwer, yllustrator en dekorateur. Njonken dat jout er workshops op skoallen.

It wurk fan Machiel hat in licht dadaïstyske ynslach. Hy plôket objecten út it deistich libben, montearret se opnij en skept sa mei it nije byld dat ûnstiet sitewaasjes dy’t hilarysk, oandwaanlik, betiizjend, relativearjend of bekommentariearjend binne. Troch assosjearjen leit hy allegear ferbannen tusken saken dy’t normaal sprutsen net folle mei elkoar te meitsjen hawwe. Dit fertaalt him û.o. yn teksten, kollaazjes en bylden fan allerhanne slach.

Wêrom skriuwst berneboeken?
Dat is miskien wat frjemd, want sawol foar de bylden as de boeken is it sa dat der gjinien om frege hat en dochs komt it der. It is krekt sawat as it lizzen fan in aai: it moat gewoan gebeure. En in aai lizze foar bern is it moaiste dat er is. Bern binne iepen, ûntfanklik en faaks sûnder foaroardiel. Trouwens, folwoeksenen dy’t sa binne belibje tink ik ek wille oan myn boeken.

Wêrom skriuwst yn ’t Frysk?
It Frysk leit it tichtste by my want ik tink en praat yn it Frysk. En neffens my hat dy taal in protte karakter en nijsgjirrige eigenaardichheden. Ik haw wolris in Frysk ferhaal oerset yn it Nederlânsk en doe wie alle krêft der út. Mar dat sil oarsom miskien ek wol sa wêze. Trouwens, as ik wat sjoch yn it Grinslânsk, Drintsk as Súdafrikaansk bygelyks, ik neam mar wat, dan fyn ik dat ek hiel nijsgjirrich. It klinkt sa moai autentyk.

Hoe komst oan dyn ûnderwerpen?
Dat giet hielendal fansels. As master froeger op skoalle wat fertelde dan wie ik nei twa minuten al ergens oars mei myn gedachten, om’t ik der automatysk oare dingen oan keppele. Dan siest op ’e stoel mar wiest tagelyk hiel ergens oars. Bêst leuk. Eins is dat noch altyd sa, ik fantasearje de hiele dei troch en it giet fansels, fan alles kin in oanlieding wêze.

Fynst de tekeningen belangryk?
Myn yllustraasjes binne gjin tekeningen, mar in soart fan trije-D kollaazjes. Ik meitsje lytse en grutte dingen en die brûk ik dan om in makette mei te meitsjen. Dan is it in kwestje fan hieltyd skowe, feroarje en oanpasse. As ik tink dat it goed is dan begjin ik pas mei it meitsjen fan foto’s. De foto is de úteinlike yllustraasje. Dat is hiel belangryk. Do skepst de ideale sfear foar de lêzer, ûntbleatest saken en hâldst krekt oare saken wer achter om te prikkeljen. En de yllustraasje kin in twadde ferhaal wurde troch der lytse ferwizingen yn oan te bringen dy’t earne mei it ferhaal te meitsjen hawwe. Utsoarte kinst in boek dan twa kear lêze.

Wat fynst it moaiste boek datst skreaun hast?
Dat is it boek dêr’t ik no mei dwaande bin: Harrekrammele. Dat giet oer it spoar, it reizgjen mei de trein en alles wat mei reizgjen te krijen hat. It hat in soad oanknopingspunten, lyas ôfstân, tiid, fertraging, it betiizjende fan talen en it hiele fysyke fan in lokomotyf, dêr’t reek en lûd út komt. Yn it boek wurd net allinnich assemblearre mei objekten, mar ek mei teksten en mei wurden. Sa komt der bygelyks in rigel yn foar fan 16 wurden dy’t allegear mei de letter ‘S’ begjinne en in treinmasjinist dy’t efterstefoaren praat. Alle teksten binne klear, mar ik haw noch net alle yllustraasjes ôf.

Hoefolle berneboeken hast skreaun?
Trije. Ik bin pas yn 2006 begûn. It earste boek wie Oeral binne bisten!, de twadde Moaie ferhalen en de tredde hie as wurktitel Spoar 87, mar hjit no Harrekrammele. (Harrekrammele is in hiel bysûnder boek wurden. Priis: € 230,-. It is presintearre op 17 oktober 2015. It boek is mei de hân makke en is ferskynd yn in oplage fan 100 eksimplaren. Fan 26 septimber 2015 oant 6 maart 2016 wie alles om it boek hinne te besjen yn it Frysk Museum: Harrekrammele, de tentoonstelling rond.)

Hast dêr ek prizen mei wûn?
Ja, it earste boek Oeral binne bisten! wie selektearre foar de Honour List 2008 fan de IBBY. IBBY betsjut International Board on Books for Young People. It boek waard ek troch de Internationale Jugendbibliothek München útkeazen foar de List of White Ravens. It boek wie nei it útkommen yn oardeheale moanne útferkocht. Fierder wie der in nominaasje fan de Berbeboekejuery, Ljouwert. Oare prizen dy’t ik wûn haw binne de Kunstenaarsprijs, yn 2007, foar it ûntwikkeljen fan keunstlessen foar basisskoallen (Bydzjende keunst) en foar it ûntwerp/útfiering fan de JOP/ Jonge Ondernemers Prijs (Byldzjende keunst) yn 2007.

Efkes lêze?
Ut: Oeral binne bisten!
Utjouwerij Bornmeer, De Gordyk

Gatten

Wat soe de wrâld wêze sûnder gatten?
Neat!
Ast gjin gatten hiest dan koest ommers ek net sjen wat der allegear omhinne sit?
En in flesse sûnder gat, dêr komt ommers neat út?
Soe in postboade noch wurk hawwe?
Wolnee, hy kin de brieven net mear kwyt!
Soest noch skroefkes brûke kinne? Stekkers?
Nee, want … gjin gatten.
De letter ‘O’?
Soe der net wêze.
Toskedokters?
Nee.
Blokfluiten?
Tocht it net.
Sandalen?
Ek net.
Kuorbal, basket-ball?
Nee!

Witst wêr’t ek in protte gatten yn sitte?
Minsken!
Ik sil net alles opneame, mar prate of hearre soe net mear kinne.
Trouwens, witst hoe’st in prachtich gat meitsje kinst?
Dat kin eins allinnich mei Kryst.
Dan binne der krystkrânskes.
Dy moast opite.
En dan hâldst in hiel moai rûn gat oer.

Links?
www.machielbraaksma.nl

Machiel Braaksma
Hearrewei 4
9073GA Marrum
0518 413181
Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.