Verroen, Dolf

Dolf Verroen waard yn 1928 berne yn Delft, mar wennet al hiel lang yn Sint Nyk.
Tusken syn fjirtjinde en fyftjinde skreau er syn earste boek, dat yn 1958 pas útkaam. Letter waard it ferskate kearen werprinte mei as titel Paarden, van die enge grote.
Fan 1955 ôf, doe’t syn dichtbundel In los verband, mei tekeningen fan Miep de Leeuwe en Willy Rieser útkaam, wie Dolf skriuwer.

Syn proazedebút Van eeuwigheid tot amen krige in soad belangstelling en waard mei Het donkere licht fan Harry Mulisch nominearre foar de Stedspriis fan Amsterdam.
Nei 1973 skreau Dolf allinne noch mar foar bern. Hy keas foar in oar soarte fan ferhalen: net mear in (foar it each) feilige wrâld dêr’t âlders it foar’t sizzen ha, mar in wrâld dêr’t bern en folwoeksenen lykweardich yn binne.
Dolf nimt bern serieus en kin him goed yn harren wrâld yntinke. Dat komt ek om’t er in soad lêzings jout op skoallen en geregeld kontakt hat mei it lêzerspublyk. Ek no noch, no’t er oer de tachtich is, giet it him noch goed ôf.
Hij hat in soad fantasij en yn syn ferhalen ferrinne de dingen faak oars as te ferwachtsjen falt. Absurditeit, humor en in ienfâldich mar effektyf taalgebrûk meitsje syn boeken tagonklik foar bern en foar folwoeksenen.
De rige Sjoe en Piet wiene de earste boeken yn Nederlân oer in (swarte) gastarbeidersfamylje.
Syn boeken binne oerset yn it Baskysk, Katalaansk, Deens, Dúts, Frâns, Frysk, Ytaljaansk, Japans, Noars, Papiamints, Turks en Súd Koreaans.
Dolf is Ridder yn de ‘Orde van de Nederlandse Leeuw’.

Bekroanings:
Opdracht Stêd Amsterdam: 1978: foar De kat in de gordijnen
Trije Sulveren Griffels foar:
1979: De kat in de gordijnen
1981: Hoe weet jij dat nou
1987: Een leeuw met lange tanden
Twa kear in ‘Vlag en Wimpel’ foar
1982: Juf is gek
1989: De liefste poes van de wereld
De Premio Europeo foar Allemaal in de boom
De Premio Legambiente foar Slaaf kindje slaaf
De Premio della Citt’à di Bella foar Slaaf kindje slaaf (Il regalo nero)
De Deutscher Jugendliteraturpreis 2006: foar Slaaf kindje slaaf
De Gustav-Heinemann-Friedenspreis 2006: foar Slaaf kindje slaaf

Yn it Frysk útkaam:
In nuver famke

Yn it Stellingwerfsk útkaam:
Dikke Doezerd

Yn 2011 skreau Dolf Verroen it Kinderboekenweekgeschenk
De prins op het witte paard
Thé Tjong-King makke de yllustraasjes.

Dolf Verroen hat in hiele protte boeken skreaun
Sjoch foar alle ynformaasje oer Dolf en de boeken op: www.dolfverroen.nl