Dijk, Paul van

Paul van Dijk is berne op 3 april 1981. Paul hat earst op basiskoalle 'De Tarissing' sitten, dêrnei gie er nei RSG Magister Alvinus yn Snits. Earst woe er dokter wurde, dêrnei tekener of muzikant. Uteinlik waard er learaar Ingelsk.
Sûnt 2002 jout er Ingelske taal op in skoalle foar foartset ûnderwiis yn Balk.
Oerdei is er learaar, mar jûns . . . dan dreamt er, op papier!

Doe't er lyts wie hold er al fan spannende, fantasy- eftige ferhalen. No't er sels ferhalen betinkt, binne dat de ferhalen dy't er foar bern (en folwoeksene bern) skriuwt.

Paul skriuwt yn it Frysk en yn it Hollânsk. Syn earste berneboek ferskynde yn 2011 by de Afûk. It ferhaal Renske wol stoer wêze! is een magysk ferhaal oer pesten, freonskip en jaloezy. Yn 2012 is it twadde boek, De kening fan juster, útkaam. In spannend ferhaal oer de striid tusken twa broers, dêr't Renske samar yn belutsen wurdt. It Aksjeboek 2014 De Wûndertoeter fan Hindrik Bûter is ek troch Paul skreaun.
'Sa no en dan ferjit ik hielendal de tiid as ik oan it skriuwen bin. Dat is it moaiste wat der is,' seit Paul. 'Skriuwen is moai wurk, mar wol dreech. As ik net mear hielendal yn it ferhaal sit, hâld ik daliks op en gean ik in oare dei wer fierder.'
Paul tekene al foardat er skriuwe koe. Dêrom makket er ek it leafst sels de yllustraasjes by syn ferhalen.
'De tekeningen binne tige wichtig foar my. Ik besykje yn 'e tekeningen dingen sjen te litten dy't net beskreaun wurde.'  
Om de yllustraasjes by syn ferhalen te meitsjen brûkt er pensielen, inket en wetterferve.
Neist it skriuwen hat Paul it drok. Hy is op allerhanne fronten dwaande. Sa no en dan liket it oft er foar trije minsken tagelyk libje wol: hy skriuwt teaterstikken, makket yllustraasjes en hy is muzikant.
Yn 2009 rjochte er ‘Teaterselskip Knûkel’ op. In teatergroep dy’t foar bern en folwoeksenen foarstellingen spilet mei muzyk, poppen en akteurs.
Paul skreau foar Knûkel ûnder oaren Renske wol stoer wêze!, De Poets van de Schoenmaker en Knip!.
Mear oer de teateraktiviteiten fan Knûkel kinst fine op www.knukel.nl

Paul wennet al syn hiele libben yn Warkum. Op fakânsje hoecht er net. Neffens Paul rint er yn syn holle hieltyd yn fantasy lannen en magyske keninkryken om.

* * *

Paul twittert ek: @paulschrijft
Op www.depenvanpaul.nl kinst Paul van Dijk fierder yn 'e gaten hâlde!

En op www.knukel.nl mear teaternijs!