Grijpstra, Ate

Ate Grypstra waard op 5 maart 1973 berne yn Noardburgum, mar ferhuze wol gauris. Hy gie nei basisskoallen yn Koatstertille en yn De Westereen en nei middelbere skoallen yn Bûtenpost en yn Ljouwert. Nei in jier soldaat west te hawwen yn Stienwyk, besleat er dat it leger net echt wat foar him wie en dat er mar better wat trochleare koe. Yn Grins studearre er Ingelsk oan de universiteit en letter ek noch Frysk. Hy waard learaar yn beide talen en jout op it heden les op in gymnasium. Yn syn frije tiid mei er graach lêze, game, gitaarspylje, hurdrinne, skeelerje en reedride. En skriuwe fansels!

Sûnt 2005 skriuwt er  yn it Frysk. Syn wurk waard publisearre op it ynternet en yn ferskate tiidskriften en kranten. Yn 2008 ferskynde syn earste echte boek by de Afûk. It wie in bondel mei realistyske ferhalen oer middelbere skoaljeugd en it krige de titel 'Heftich' mei. Letter folgen de berneboekjes 'Rinze hat de hik'  en ' Tsjang tsjin tiid'. Doe wie it fansels tiid foar in echte roman en dat waard 'It beest fan De Westereen', in spannende Stephen King-achtige thriller (of HuverBoek, sa't de skriuwer it sjenre sels neamt).

Yn 2011 ropte Ate Grypstra himsels út ta DoarpsTinker fan Bûtenpost en begûn er mei in kollum yn de doarpskrante. In jier letter waard er offisjeel troch de gemeente Achtkarspelen frege om Doarpsdichter te wurden. Fierders sit er yn de redaksje fan it kulturele/literêre tiidskrift De Moanne en spilet er basgitaar yn de learareband S'Moon.

Wurk:

2008: Heftich! Afûk
2010: Rinze hat de hik Afûk
2010: Tsjang tsjin tiid (Studio F, taalmetoade Frysk)
2011: Tsjang tsjin tiid Afûk
2011: It beest fan de Westereen Afûk
2012: Grutte Pier, krús fan de Hollanner Afûk
2013: Tsjang en de taaldief (Studio F, taalmetoade Frysk)
2014: Femke faalt (e-boek)

Prizen:
2008: Bongelboekepriis fan de NHL foar Heftich!

Blyk fan wurdearring fan it Rely Jorritsmafûns foar:
2010: Gedicht Hoe't de dichter dichtsje moat
2011: Ferhaal Gjin ferhaal