Mulder, Tiny

Tiny Mulder (2 april 1921 - 4 novimber 2010) waard berne yn Beetstersweach. As bern wenne se op ferskate plakken bûten Fryslân. Doe't se trettjin jier wie, ferhuze de famylje Mulder nei Drachten. Tiny learde dêr Frysk praten en se folge in kursus foar lêzen en skriuwen. Yn de Twadde Wrâldoarloch kaam se yn it ferset telâne. Piter Wybenga, ien fan de lettere lieders fan de Fryske yllegaliteit, frege har om mei te dwaan yn syn fersetsgroep. As fersetsfrou holp se alliearde piloaten, socht se ûnderdûkadressen foar joadske minsken en die se fierder wat der op har wei kaam.

Krekt nei de oarloch kaam Tiny Mulder as sjoernaliste yn tsjinst by it Friesch Dagblad. Tagelyk hat se doe in skoftlang wurke as tolk foar it militêr gesach.By it Friesch Dagblad hat se fjirtich jier, yn dieltiid, wurke. Yn dy tiid hat se ferskate fasetten fan it sjoernalistike fak beoefene. Foar guon regionale kranten wie se korrespondint yn Ingelân en Skotlân, letter hat se datselde ek noch dien yn Amearika, Kanada en Denemarken. Tiny Mulder wie troud mei  Jildert Sudema, sjoernalist by de Leeuwarder Courant.  Se krigen twa bern.
Begjin jierren fyftich hat Tiny Mulder foar it FD de bernerubryk Us eigen herntsje opset en lange jierren fersoarge.

Berneboeken
Tiny Mulder wurke mei oan It boek foar de Fryske bern (1954), in boek mei lietsjes, rymkes en ferhaaltsjes. Yn 1957 ferskynde har eigen boek mei bernepoëzij Juffer Kuorkebier (1957). Foar dat boek liet sy har ynspirearje troch ûnder oaren de Helgolanner auteur James Krüss.

Oersettings
Njonken eigen wurk foar bern hat se ek berneliteratuer út oare talen oerset. It earste wie Mein Urgrossvater und ich fan de Helgolanner auteur James Krüss, dat ferskynde ûnder de titel Myn oerpake en ik (1962). Fan dyselde auteur publisearre se yn 1989 de oersetting fan Die Geschichte vom Huhn und vom Ei mei de Fryske titel It ferhaal fan de hin en it aai. Yn 1964  fertaalde se it ferneamde Alice's Adventures in Wonderland fan Lewis Carroll, it ferskynde ûnder de titel Alice yn Wûnderlân. De bjusterbaarlike reis fan Menear Prikkeskonk nei it boek Histoire de Monsieur Cryptogame fan Rudolf Töpffer, sette se frij oer neffens de Nederlânske oersetting fan J.J.A.Goeverneur. Yn 1993 kaam It ferhaal fan Piter Knyn út, in oersetting fan Tiny Mulder fan it bekende The tale of Benjamin Bunny fan Beatrix Potter.

Oersjoch berneboeken:


1954 : It boek foar de Fryske bern (mei Jant Visser-Bakker)
1957 : Juffer Kuorkebier
1959 : In kibich span
1975 : De túnkabouter en oare fytmannen
1976 : 25 jaar Us eigen herntsje (2e printinge 1977)
1981 : Rare dokter Dingdong

Prizen:
Rely Jorritsmapriis
1958 : foar ferhaal Nachttrein nei Chicago
1961 : foar fers beam fan it biminnen
1962 : foar fers brief encounter
1963 : foar fers nettsjinsteande
1965 : foar fers Reisboek
1966 : foar fers Ars Brevis
1967 : foar ferhaal Wykein by de Donetti's
1968 : foar ferhaal Machtich as de miggen
1969 : foar fers La mise en mots
1970 : foar ferhaal Leaf dinkje

Gysbert Japicxpriis
1988 : foar har hiele oeuvre, mar benammen foar de poëzijsyklus  Oh in stêd, ah in lân út 1983