Kloosterman, Simke

Simke Kloosterman (Twizel, 25 novimber 1876 - Ljouwert 5 desimber 1938) wie in Fryske skriuwster en dichteres. Simke Kloosterman wie iennich bern fan de Fryske dichter Jan Ritskes Kloosterman. Nei de Hofskoalle yn Ljouwert gie se nei in partikuliere skoalle yn Grins en in kostskoalle yn Wijk by Duurstede

 

Simke debutearre yn it Nederlânsk yn De Hollandsche Lelie, mar skreau neidat der yn 1898 wurk fan har opnommen wie yn Sljucht en Rjucht, alinnich noch yn it Frysk. Yn earsten ek ûnder in skûlnamme, 'In Frysk famke'.

It hûs dêr't se altyd wenne is neffens har testamint oergien nei in stifting dy't it Simke Kloostermanhûs yn stân hâldt. Hjir is in soad ynformaasje oer har libben en har wurk. Ek by de Simke Kloosterman Rintocht yn it doarp wurdt omtinken jûn oan dizze skriuwster.

Yn Twizel wurdt ien kear yn de trije jier de Simke Kloostermanpriis, de priis foar it bêste Fryske berneboek, útrikt. Sjoch foar mear ynformaasje oer dy priis by: Prizen Berneliteratuer.

Simke Kloosterman skreau meast romans en ferhalen, mar se hat inkeld ek wol ferhalen foar bern publisearre.

In oersjoch fan har berneboeken:

  • Twiljochtteltsjes (mearkes) (1928)
  • Lyts Teltsjeboek for Fryske bern (1932-1933)
  • Great Teltsjeboek for Fryske bern (mei T. Hellinga-Zwart) (1932)
  • Beppe yn ’e fleur (1936)