Hichtum, Nynke fan

Sjoukje Troelstra-Bokma de Boer
1860-1939

Nynke van Hichtum waard ferneamd troch har yn 1903 publisearre berneboek, Afkes Tiental (yn it Frysk oerset: De tsien fan Martens Afke), in skets út it Fryske arbeiderslibben. Troch har boeken en benammen ek troch alle resinsjes en essay’s dy’t se publisearre oer berneboeken en oer de easken dêr’t goede jeugdliteratuer neffens har oan foldwaan moast, stie se yn de earste helte fan de tweintichste ieu yn heech oansjen as ien fan de bêste berneboekeskriuwsters fan Nederlân.

Sjoukje Troelstra wie troud mei Pieter Jelles Troelstra, de foaroanman fan de SDAP en makke yn dy tiid as syn frou de rûzige opkomst fan de arbeidersbeweging mei. It houlik duorre krapoan tweintich jier. Sjoukje wie sûnt de berte fan harren twadde bern gauris siik, Pieter wie nau belutsen by de polityk en de propaganda foar de SDAP. Hy waard fereale op immen oars, de skieding waard yn 1908 útsprutsen en Sjoukje gong har eigen wei. Se hold har net allinne dwaande mei it skriuwen fan berneboeken, mar ek mei tal fan maatskiplike feroarings yn dy tiid. Bygelyks froulju’s kiesrjocht, opfieding en ûnderwiis.

Oersjoch boeken

  • 1887 - Teltsjes yn skimerjoun
  • 1897 - Sip-su, "de knappe jongen"
  • 1898 - Uit verre landen
  • 1898 - De geschiedenis van den kleinen Eskimo Kudlago
  • 1899 - Hoe een kleine Kafferjongen page bij de koning werd
  • 1900 - Oehoehoe in de wildernis
  • 1901 - Een Kafferse heldin
  • 1902 - Afke's Tiental
  • 1957 - Opnij útjûn as De tsien fan Martens Afke
  • 1989 - Nije oersetting fan De tsien fan Martens Afke
  • 1905 - Friesche schetsen
  • 1905 - Het apenboek
  • 1907 - Een bloemensprookje door Agot Gjems Selmer. Voorlichtingsboekje voor kleine kinderen, met inleiding van Nienke van Hichtum
  • 1908 - Der wier ris in âld wyfke
  • 1908 - Er was eens een oud vrouwtje
  • 1911 - Moeders vertellingen
  • 1911 - Kajakmannen, Groenlandsche avonturen (naverteld)
  • 1913 - Oude en nieuwe verhalen
  • 1914 - Zwarte Jacob van den Valkenburg
  • 1918 - De tooverhoed (neiferteld)
  • 1920 - Gouden sprookjes van gebrs. Grimm (naverteld)
  • 1921 - Vertellingen uit de Duizend en één nacht (bewerking)
  • 1922 - Het groot vertelselboek
  • 1923 - Het leven en de wonderbare lotgevallen van Robinson Crusoë (naverteld)
  • 1924 - Jetse, een Friesche vertelling (Later uitgebreid tot Jelle van Sipke-Froukjes.)
  • 1924 - De verstandige poedel
  • 1929 - Winnie de Poeh, voor Nederlandse kinderen naverteld door Nienke van Hichtum
  • 1930 - De prinses op de erwt (naverteld)
  • 1930 - Vier duizend km door de poolwoestijn
  • 1931 - Hauff, de mooiste sprookjes
  • 1932 - Jelle van Sipke-Froukjes
  • 1932 - Oom remus vertelt sprookjes van de oude plantage aan den kleinen jongen. (bewerking)
  • 1933 - Russische sprookjes
  • 1936 - (met Jop Pollmann), Het Spel van Moeder en Kind. Oude kinderrijmen voor jonge ouders.
  • 1936 - Schimmels voor de koets of ... vlooien voor de koekepan?
  • 1937 - Drie van de oude plaats
  • 1950 - Bewerkt als Jonge Jaike fan it Aldhiem
  • 1937 - Oude bekenden
  • 2003 - Heruitgegeven als Alde kunde, in mearkeboek
  • 1939 - Nienke van Hichtum vertelt weer
  • 1939 - De jonge priiskeatser (Friese versie van Jelle van Sipke-Froukjes.)
  • 1948 - Geplukte bloemetjes, een bundel heel kleine verhaaltjes

(Resinte) publikaasjes oer Nynke fan Hichtum

  • 1989 - J. van der Weg-Laverman: Húndert jier Nynke fan Hichtum. Biobibliografie in het Fries en het Nederlands (Grou)
  • 1997 - T. Steenmeijer-Wielenga: De oare helte. Nynke fan Hichtum, de frou fan Piter Jelles (Ljouwert)
  • 2000 - T. Steenmeijer-Wielenga, Nederlandse vertaling: Eigen waarde (Leeuwarden)
  • 2001 - Pieter Verhoeff: Film: Nynke, een liefdesgeschiedenis
  • 2005 - A. Holtrop: Nynke van Hichtum, de wereld van Sjoukje Troelstra-Bokma de Boer (1860-1939)