Huber, Diet

Diet Huber (9-4-1924 – 7-10-2008) is berne yn Ljouwert. Nei de middelbere skoalle woe se graach fierder studearje, mar dêr wie thús, yn de krisisjierren, gjin jild foar. Jûns nei it wurk die se de dingen dêr’t se echt fan hold, tekenjen en skriuwen. Nei de oarloch yn 1946 krige se de kâns om te studearjen oan de Amsterdamske Keunstniverheidsskoalle, de foarrinner fan de Rietveld Akademy. Se folge dêr de oplieding tekenjen en yllustrearjen.

Se festige har yn 1950 foar in jier yn Stockholm. Om jild te fertsjinjen wurke se as help yn de húshâlding, mar al gau krige se free-lance opdrachten as yllustratrise foar Sweedske boeken en tydskriften. Yn 1951 gong se werom nei Amsterdam, dêr’t se yn 1955 troude mei Bert Barkey, geolooch fan berop. Mei man en dochter wenne Diet Huber oant 1970 yn Sweden. Dêrnei festigen se harren yn Amsterdam.
By harren ferbliuw yn Sweden fermakke Diet Huber de jierdeisbesite fan har dochter op in kear mei in eigenmakke poppespul, en it sukses fan de foarstelling wie sa grut dat dy útgroeide ta in profesjoneel reizgjend teater.

Fedde Schurer fan de Friese Koerier, frege Diet Huber yn 1952 om foar syn krante de redaksje fan de bernepagina op har te nimmen. Fan Schurer krige se de frijheid om de pagina nei eigen insjoch  te foljen; se die dat ûnder oaren mei ferhaaltsjes, ferskes, in jierdei- en in brieverubryk. Se skreau de stikjes yn it Frysk of yn it Nederlânsk en ûndertekene se respektivelik mei Diet Huber of mei Marja. De yllustraasjes foar de pagina makke se sels. Har gedichten wiene sprankeljend en nij troch de rike fantasij, de klankrykdom, de assosjaasjes en de kar fan de ûnderwerpen. Yn in tiid dêr’t de toan fan gedichten foar bern foaral moralistysk en anekdotysk wie, diene en seine de bern en bisten dy’t yn de gedichten fan Huber figurearren de gekste dingen.
Yn 1952 fersoarge se ek de yllustraasjes by it Boek foar Fryske Bern.

Huber debutearre yn boekfoarm mei de bondel Tutte mei de Linten (1955). Yn de suksesfolle bondel steane in tal tige bekende gedichten lykas: ‘De biezem en de bjinder’ en ‘De reus Pak yn-Pak op’. Mar it meast populêr is it titelgedicht. Twa jier letter folge de bondel De Mâlbroekmich (1957). De bondel waard yn 1958 keazen as ien fan de bêst fersoarge nij útkommen boeken yn de Nederlânske literatuer. Dy bekroaning iepene foar har de doar nei de Nederlânsktalige literatuer; yn 1959 ferskynde De uil met de zeven zuurtjes en yn 1963 De snars, de fluit, de sikkepit. De uil met de zeven zuurtjes waard nominearre foar de Gouden griffel. It lanlik deiblêd Het Parool fregeg Diet Huber om Annie M.G. Schmidt op te folgjen as redaktrise foar har bernepagina. In grut tal gedichten dy’t se skreau foar Het Parool binne letter publisearre yn ferskate bondels: De Veter-eter (1979), dy’t bekroand waard mei in Vlag en Wimpel, Letje Annebetje Bot (1981) en Daar moet je nou een beest voor zijn (1989).

Yn it Frysk publisearre se yn dy perioade ûnder oaren De teltsjebeam (1976), in bondel mei Fryske Poesyalbumferskes  (1979) en It Abee fan Boukje (1982). Foar dat lêste boek krige se Europeeske erkenning mei de Premio Europeo di Padua.

Fia de Stichting School Samenleving reizge Diet Huber yn de jierren santich en tachtich mei ferskate poëzij-programs by skoallen, bibleteken, ferienings en oare ynstellings lâns.

Ta gelegenheid fan har tachtigste jierdei skreaune ferskate Fryske kollega-dichters in fers foar Diet Huber. Se waarden bondele en útjûn ûnder de titel Fiif dogeneaten yn in sok (2004). De yllustraasjes by de gedichten binne foar it grutste part fan Diet Huber sels, mar ek fan Karin Poiesz.

Berneboeken:

  • 1955  Tutte mei de linten (11e pr. 2009)
  • 1957  De Mâlbroekmich (3de pr. 1982)
  • 1976  De Teltsjebeam (2de pr. 1979).
  • 1979  Fryske Poesyalbumferskers (mei tekeningen fan de skriuwster)
  • 1980  It abee fan Boukje
  • 1988  Nûmer alve (Koartswilige autobiografyske ferhalen)
  • 1993  Blinder de Boekeflie (aksjeboek foar bern 1993-nû.7, yn opdracht fan de Stichting It Fryske Boek, omslach en yll. Diet Huber)
  • 1996  It telboekje fan Boukje

Berneboeken (Nederlânsk):

  • 1959  De uil met zeven zuurtjes
  • 1963  De snars, de fluit, de sikkepit
  • 1979  De veter-eter (3e pr. 1981)
  • 1980  Poesie-albumversjes
  • 1981  Elleke is boos
  • 1981  Letje Annabetje Bot (ill. Diet Huber)
  • 1986  Rinske en de stoomtram (3e pr. 1988)
  • 1989  Dáár moet je nou een beest voor zijn
  • 1993  Meisjes trouwen toch (zei tante Dirkje)

Ferskaat:

  • 1967  De Trapeze 3 en 5 (lêsboekjes, resp. mei Hans Andreus en Harriët Laury)
  • 1975  Der wie ris in timmerman (rymprint)
  • 1990  Skeind ferline Ferhalen oer it tiidrek 1940-1945 (mei oare skriuwers)
  • 1990  Als je goed om je heen kijkt zie je dat alles gekleurd is
  • 1993  Friesische Literatuer heute/Frisian Literature today (hjiryn in bydrage fan Diet Huber)

Sekundêre literatuer:

  • 1982: Lexicon van de jeugdliteratuur
  • 1999: Schrijver gevonden, encyclopedie van de jeugdliteratuur, info over 160 schrijvers
  • 2009: Bepaald gjin Tutte! Artikel fan Jant van der Weg yn febr. nûmer De Moanne