Veer, Akky van der

Akky van der Veer is berne yn Moarmwâld, dêr hat se ek it grutste part fan har jeugd trochbrocht. Doe't se fjirtjin jier âld wie, krige se t.b.c. en waard opnommen yn sanatoarium Sonnevanck te Hurderwyk. Se hat dêr oardeljier 'kuerd', yn dy tiid hat se in soad lêzen en skreau se har earste, Nederlânsktalige ferhaaltsjes.

Oan de Dokkumer kweekskoalle folge se de oplieding foar ûnderwizeres. Dêrnjonken helle se noch de Frysk MU-A. Har earste baan yn it ûnderwiis fûn se yn it Drintske doarp Pesse. Indelde jierren letter krige se in beneaming oan in skoalle yn Snits. Dêr troude se mei fotograaf Henk Kuiper (1940-2005), soan fan dûmny-skriuwer Thys Kuiper. Se krigen trije bern, har beide soannen Remco en Elmar binne as dichter ek aktyf op it literêr mêd. Van der Veer wennet al wer lange jierren yn it Marsumer Aldlân, in krite healwei Marsum en Deinum.

It aventoerlike berneboek Moai waar op ’e Lemmer, dat giet oer twa jonges en in sirkus, kaam út yn 1980. Yn 1985 ferskynde jeugdboek Swart op wyt. Yn dat boek giet it om de relaasje tusken de sechstjinjierrige Femke en har mem Ida.  Yn 1986 krige se dêr de Simke Kloostermanpriis foar. Twa jier letter krige se ynternasjonale erkenning foar Swart op wyt mei in earfolle fermelding fan de Italjaanske Premio Europeo di Letteratura Giovanille. Yn 1988 kaam der ûnder de titel Zwart op wit in, troch Jant van der Weg-Laverman oersette, Nederlânsktalige ferzje fan it boek op ’e merk. De Hollânske útjefte krige in plak op de Vlag en Wimpel-lijst (1989) fan de Griffelsjuery. Op fersyk fan de Stichting It Fryske Boek skreau Akky van der Veer, yn oparbeidzjen mei dichteres Baukje Wytsma, muzykant Jaap Oosterwijk en yllustratise Laura Tietjens, in boek mei as titel Disse en Jinge en frou Hilarides. It boek waard útjûn as berneboekegeskink yn de Fryske boekewike 1987, lykas de dielen dy't dêr op folgen. Tagelyk makken Van der Veer, Wytsma en Oosterwijk in foarstelling mei deselde haadpersoanen dêr’t se skoallen yn de provinsje mei by del reizgen.
By gelegenheid fan har 75-jierrich bestean frege it PEB (provinsjaal elektrisiteitsbedriuw) twa bekende jeugdboekeskriuwers om in spannend en literêr jeugdferhaal te skriuwen, ien Frysk- en ien Nederlânsktalich. Akky van der Veer krige de opdracht foar it Fryske en Jan Terlouw dy foar it Nederlânske ferhaal. Maaie 1991 kamen de boeken yn ien bân út, mei de titels Koartsluting en Hoogspanning.

In wichtich elemint yn har boeken fynt de skriuwster de ferhâlding tusken minsken. Har ferhalen binne faak krûde mei humor, as ôfwikseling mei de soms serieuze problemen dêr’t har haadpersoanen mei te krijen hawwe.
Mei de histoaryske roman Grutte wurden sloech Akky van der Veer wer in hiel oar literêr paad yn. De roman, dy’t spilet yn de Romeinske tiid, 14-16 nei Kristus ferhellet it ferhaal fan in lytse mienskip fan boeren en fiskers. In  Hollânske oersetting fan it boek kaam út yn 1986 ûnder de titel Gezworen woorden. Yn 1997 krige se foar Gezworen Woorden twaris in earfolle fermelding: by de útrikking fan de Gouden Zoen en by de Italjaanske Premio Europeo di Letteratura Giovanille. It boek ferskynde ek yn in Dútstalige ferzje ûnder de titel Die Männer von Midgard. Yn ’e mande mei skriuwster Berber van der Geest skreau Akky van der Veer it boek 100 dingen en 1 papegaaiTriedsjes nei it ferline. It boek, fuortkaam út in edukatyf projekt fan de Centrale Biblioteek Dienst – Fryslân en Tresoar yn Ljouwert, lit bern oan ’e hân fan in foarwerp út har famylje in ferbining lizze mei har eigen ferline.
Akky van der Veer hâldt har ek dwaande mei it oersetten fan berne- en jeugdboeken út it Nederlânsk. By útjouwerij Bornmeer is se de fêste oersetster fan de rige Nijntjeboekjes, fierders hat se in pear dielen fan de Kameleon-searje yn it Frysk oerset.

 Berne- en jeugdboeken:
1973 : Read hier en reinwetter
1980 : Moai waar op ’e Lemmer (berneboek)
1985 : Swart op wyt (jongereinboek)
1987 : Disse en Jinge en frou Hilarides ( mei Baukje Wytsma)
1987 : Heechterp (mei oare auteurs)
1988 : Frou Hilarides en it Museum foar Moderne keunsten
1989 : De saak Hilarides (mei Baukje Wytsma)
1991 : Hoogspanning- Jan Terlouw / Koartsluting- Akky van der Veer
1997 : It swurd fan Lytse Pier (mei Baukje Wytsma, Aksjeboek foar bern, Sutelaksje)
2003 : 100 dingen en 1 papegaai
2004 : Bonifatius en syn tiid
2008 : Freoneboek mei tsien Fryske gedichten (Aksjeboek foar bern nû. 22)

Oersettings:
1988 : Zwart op wit  (Swart op wyt)
1996 : Gezworen Woorden (Grutte Wurden)
2004 : Bonifatius en zijn tijd (Bonifatius en syn tiid)
2005 : Nijntje oan see (Nijntje aan zee)
2006 : Fûgel Pyt (Vogel Piet)

Prizen:
1974 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal ‘Pake’)
1977 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal ‘Folle lok en seine’)
1986 : Simke Kloostermanpriis foar Swart op wyt
1987 : Earfolle fermelding foar Swart op wyt by: Premio Europeo di Letteratura Giovanile
1989 : Plak op de Vlag- en Wimpellijst fan Zwart op wit (CPNB)
1997 : Earfolle fermelding foar Gezworen Woorden by de útrikking fan de Gouden Zoen
1997 : Earfolle fermelding foar Grutte Wurden by: Premio Europeo di Letteratura Giovanille