Tjerkstra, Willem

Willem Tjerkstra is op 15 augustus 1943 berne op It Heidenskip, op it skûtsje De twee gebroeders. Op syn 10e ferhuze er nei Terherne. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer. Oan't 1989 wie er aktyf as direkteur/ûnderwizer; it langst stie er oan basisskoalle De Ark yn Snits. Yn 1989 kaam er yn tsjinst fan It Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding Fryslân yn Ljouwert, dêr't er him ta lei op it skriuwen fan Frysk lesmateriaal en fierder einredakteur wie fan Byntwurk en stikken levere oan de learlingeblêden Sjedêrrr!!! en De Holder.

 

Yn 1986 debutearre Tjerkstra mei it histoaryske jongereinboek De wite kastanje. Yn syn wurk binne twa tema's dy't faak werom komme: minsken mei maatskiplike problemen en de Twadde Wrâldkriich. Yn sawat alle wurk pleatst Tjerkstra saken yn in histoarysk ramt. Yn 1996 makke hy tegearre mei tekener Luuk Klazenga it earste oarspronklik Frysktalige stripboek yn kleur: De reizen fan Tsjam. Yn 2003 is him foar de trijedielige histoaryske roman Ridder fan Snits de Gysbert Japicxpriis takend.

Persoanlike gegevens:

Namme: Willem Tjerkstra
Bertedatum: 15 augustus 1943
Boargerlike stân: troud
Oplieding: oplieding foar ûnderwizer, stúdzje pedagogyk/ûnderwiiskunde
Wurkûnderfining: ûnderwizer, direkteur, ûnderwiisbegelieder Frysk
Berop: wie haad Taalsintrum Frysk, no allinne noch skriuwer

Wêrom skriuwst berneboeken?
Earst ha ik in stúdzjeboek foar de Pabo skreaun, doe berneboeken en letter ek boeken foar folwoeksenen. Boeken dus foar de leeftyd tusken 6 en 106.
Myn wurkwize is dat ik earst in ferhaalline betink, dus sa is it begjin en sa giet it fierder. Dy line set ik op papier. Skriuw ik in histoaryske roman foar folwoeksenen, dan lês ik earst in hiele protte boeken en meitsje dêrút wei in opset, in proefboekje fan sa’n tritich siden. Earst as it ferhaal my dúdlik foar eagen stiet, begjin ik te skriuwen. Mar ik wit nea hoe’t it ôfrinne sil.
Oan in lyts ferhaal foar bern wurkje ik in wike. Oer in histoaryske roman, mei it lêzen derby, doch ik wol fiif jier.

Wêrom skriuwst yn ’t Frysk?
Ik skriuw yn it Frysk, mar ek yn it Nederlânsk. De Nederlânske boeken binne meast ynformatyf, dus it is gjin ferhaal. It leafst skriuw ik yn it Frysk, om’t dat myn memmetaal is. Skriuwen dochst mei it ferstân en it gefoel. Mei de memmetaal, dus foar my it Frysk, komst it tichtst by it gefoel.

Hoe komst oan de ûnderwerpen?
Underwerpen komme my yn ’t sin as ik krantelês of in ein rin. It falt my de lêste tiid op dat de ûnderwerpen of ideeën fansels komme, ik hoech der neat foar te dwaan. Neame se dat net ynspiraasje? Dat neam iksels de lieding fan boppen, om’t ik leau dat der mear is tusken himel en ierde. Do kinst ek sizze: Willem Tjerkstra leaut yn God.

Fynst de tekeningen belangryk?
Ik fyn yllustraasjes yn in boek hiel belangryk, want yllustraasjes fertelle it ferhaal op in oare wize. Hoewol‘t ien fan myn hobbys skilderjen mei oaljeferve is, weagje ik my oant no ta net oan it meitsjen fan yllustraasjes foar myn eigen boeken. Oaren kinne dat folle better.

Wat fynst it moaiste boek datst skreaun hast?
Elk boek dêr’t ik oan begjin, wurdt it moaste boek, tink ik altyd wer. Mar dêr tinke oare minsken faak oars oer. Sels fyn ik myn earste berneboek, De wite kastanje, en it jeugdboek De Marsbosk, de moaiste boeken dy’t ik oant no ta skreaun ha.

Hoefolle berneboeken hast skreaun?

  • 1986: De wite kastanje - Koperative Utjowerij  (10 - 14 jier)
  • 1987: It fjoer fan de ûnmacht - Koperative Utjowerij  (12 - 14 jier)
  • 1987: Heechterp en it geheim fan de stien (mei oaren en bern) - Friese Pers Boekerij   (10 - 12 jier) 
  • 1990: De Marsbosk - Koperative Utjowerij   (12 - 14 jier)
  • 1990: Een klas vol zeehondjes (mei Henk van der Winden) - Kok, Kampen   (10 - 12 jier)
  • 1992: Rik as brânwacht - Afûk    (5 - 7 jier) 
  • 1993: De oaljespinnen - Koperative Utjowerij   (10 - 12 jier)
  • 1994: Rik as mollefanger - Afûk   (5 - 7 jier)
  • 1995: De rie fan fjirtjin - Friese Pers Boekerij   (12 - 14 jier)
  • 1996: De reizen fan Tsjam (Aksjeboek foar bern)Afûk    (6 - 12 jier)
  • 1998: It geheim achter de doar - Afûk    (5 - 7 jier)
  • 1999: De alvestêdetocht fan Tsjam - Frysk en Frij    (6 - 12 jier)
  • 2004: It geheim fan de see - Afûk    (10 - 12 jier) 

Hast dêr ek prizen mei wûn?
Ik ha gjin priis foar in berneboek wûn. Yn 2003 krige ik al de Gysbert Japicxpriis foar de histoaryske roman Ridder fan Snits.

Hast ek (oare) hobbys?
Myn hobbys binne skiednis, lêzen, skriuwen, skilderjen, silen en fan de natuer genietsje.

Hast noch wat leuks te melden?
Ja, ik bin de pake fan Eva, Jesse en Imre. It is prachtich om te sjen hoe’t sy genietsje, as ik har foarlês. As ik oan it skriuwen bin, krij ik soms harren byld foar eagen. Do soest ek sizze kinne dat sy myn ynspiraasje binne.

Eefkes lêze?

(Ut: It geheim fan de see, myn lêste berneboek)

Koarte ynhâld
De jonges en famkes fan de heechste groep meitsje in kampreis nei It Amelân. Se spylje foar Robinson, piraat en eilanner. Bas is kaptein fan de Robinsons, Richard fan de piraten en Marrit heart by de eilanners.
Bas is yn Turkije as Koerd op ’e wrâld kommen. Hy hat gjin ‘echte’ âlders mear. Hat dat mei de see te krijen?
Op It Amelân is Bas ticht by de see. Hat de see geheimen? Bas en Marrit ûntdekke in geheim...

Ut haadstik 12  Skeletten
Marrit stiet boppe-op it dún te razen. Se swaait mei beide earms tagelyk as wie se in mole.
Bas stiet mei de hannen yn de bûse in pear meter fan it kninehol. Wêrom soe hy sa raze en swaaie? Hy woe der sân oerhinne goaie, dan soe gjinien der fierder wat oer witte. Mar Marrit wie bang en flústere wat oer moard of sa. Se moasten sa gau mooglik de plysje warskôgje. Doe wie se it dún op draafd. En dêr stie se no te âljen, as wie se de heks fan It Oerd...
Bas keart de deadskop de rêch ta. Dan pakt er syn mobyltsje út ’e bûse. As it moast, koe hy de plysje ek wol belje. Earst it alarmnûmer... Mar wat moast er sizze? Se soene it net leauwe wolle, as er fertelde fan de deadskop yn it kninehol. Kop? Dat seist fan bisten. Hat er wol goed sjoen?  

Ynternet, Links?
Ynternet: www.tjerkstra.com