Meer, Hindrik van der

Hindrik van der Meer groeide op yn in muzikale boerehúshâlding yn Bantegea, as âldste fan fjouwer bern.
Hy folge de ûnderwizers oplieding oan de kristlike kweekskoalle yn Snits. Op in stuit kombinearre hy syn baan yn it ûnderwiis mei de stúdzje Skoalmuzyk, earst yn Ljouwert oan de Muzyk Pedagogische Academy en letter oan it Grinzer konservatorium. Tusken 1970 en 1990 wurke Van der Meer as muzykdosint oan Pabo De Hem yn Snits.

 

Doe't Hindrik van der Meer nei 1990 net mear les joech, betsjutte dat foar him dat er doe de tiid krige om noch tal fan oare ideeën op it mêd fan muzyk, taal en kultuer stal te jaan en út te fieren.

As muzyklearaar oan in oplieding foar ûnderwizers murk Van der Meer dat der net folle  eigentiidske Fryske berneferskes wiene. Hy foarseach yn dat ferlet troch sels ferskes te skriuwen en op muzyk te setten. Yn deselde tiid, midden jierren santich, sette Radio Fryslân útein mei skoalleradio-útstjoerings. Sy fregen Van der Meer om lietsjes foar bern te meitsjen. De famylje Van der Meer, heit, mem en de fjouwer âldste bern, songen de ferskes sels yn. Dat slagge sa goed, dat se it by de Omrop graach sa hâlde woene. It resultearre nei ferrin fan tiid yn optredens rûnom yn it lân, en in optreden foar de Dútse tillevyzje. Tsien jier lang hawwe se sa optredens fersoarge. Der binne trije platen (letter cd’s) mei byhearrende boeken mei bernelieten útbrocht troch de famylje Van der Meer: Kwek kwek minemyn (1976), Hup sûpengroattenbrij (1980) en Retteket Tsjyng Boem (1992).

Tusken 1991 en 1997 wie Van der Meer belutsen by de berne-iepenloftspullen fan Jorwert en letter, Easterwierrum. Hy makke lietteksten, komponearre de muzyk en studearre de lieten yn mei de bern.

Tegearre mei Geartsje Douma fan De Pein, dy’t de teksten fan de ferskes skreau, hat Van der Meer in tekstboek en 2 cd’s produsearre ûnder de titel Deuntsjes foar dy 1 en 2 mei 107 nije ferskes foar beukers.

Yn 2011 is it Aksjeboek foar bern yn de Berneboeketiid ferskynd ynspirearre op de berneferskes fan Hindrik van der Meer. Foar dat boek mei cd, De bisteboel fan Omke Roel, binne in tal bekende ferskes útsocht. Thys Wadman skreau de ferbinende teksten en Hindrik syn soan, Kees van der Meer, makke nije arranzjeminten by dy ferskes en produsearre de cd. Hindrik van der Meer naam op 23 septimber 2012 it earste eksimplaar yn ûntfangst.

Persoanlike gegevens:

Namme: Hindrik van der Meer
Adres: Hegewier 10, Goiïngea
Berne: 04-07-1938
Boargerlike stân: man
Berop: muzyklearaar
Wurk: oant 1989 muzyklearaar oan 'e PABO
Dwaande mei: in musical (sjongspul) oer Ruth 2 en in stik oer de boerestân yn de foarige ieu

Oer it skriuwen:

Sjenre?
Artikels, gelegenheidsgedichten, oare gedichten, bernelieten, tsjerkelieten (mei Eppie Dam), musicals, teksten
Ek foar folwoeksenen?
Ja
Takomst? 
Sjoch ûnder
Yn hokker taal?
Frysk
Ûnderwerpen?
Sjoch boppe
Hobbys? 
Sile en fytse
Yllustraasjes?
Hawwe oaren dien: Aizo Betten, Carla van der Heijde en Marijke Klompmaker
Literêre prizen? 
Twa kear Rely Jorritsmapriis

Fierders:

Optredens foar pjutten, âldere bern, âlderjûnen, tsjerklik, frouljusgroepen en doarpsjûnen

Oersjoch (berne)boeken

1976: Kwek kwek minemyn
1980: Hup sûpengroattenbrij
1992: Retteketet Tsjyng Boem
2000: Deuntsje foar dy (mei Geartsje Douma)
2011: De bisteboel fan omke Roel (mei Thys Wadman en Kees van der Meer)

Oersjoch platen en CD's

1976: Kwek kwek minemyn 
1976: Hege Wier Tsien Fryske folkslietsjes mei de hiele húshâlding mei wol 20 ferskillende ynstruminten
1980: Hup sûpengroattenbrij
1987: Joazef masterdreamer (mei PABO De Him, Snits)
1992: Retteketet Tsjyng Boem
1996: Eén zwaluw maakt zomer
2000: Span de siters slach de trommen (lieten op teksten fan Fedde Schurer)
2011: De bisteboel fan Omke Roel (Aksjeboek foar bern 2011)

          

Musicals:

1996: Joazef
1998: Poche en blaze (foar de muzykferiening fan Easterein)
2002: Ruth

Prizen:
1983 : Rely Jorritsma-priis (fers: sûnder titel)
1991 : Rely Jorritsma-priis (fers: Skouspul)